[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Grutfizier

Ut Wikipedy

In grutfizier (Turksk: sadrazam; Oerdû: wazir-e-azam) wie foarhinne de earste minister yn ferskate islamityske riken, lykas it Islamityske Ryk ûnder de Abbasidyske dynasty, it Kalifaat Kordoba, it Osmaanske Ryk en it Mogolryk. Yn sokke riken wie de grutfizier de machtichste man dy't der wie útsein de foarst, dy't ornaris in islamityske aadlike titel droech, lykas kalyf of sultan. Under de grutfizier stiene dan de ministers, dy't de titel fan fizier droegen.

Yn 'e Westerske wrâld wurdt de titel fan grutfizier benammen assosjearre mei it Osmaanske Ryk. Bekende Osmaanske grutfiziers wiene Kara Mustafa, Talaat Pasja, Mithat Pasja, Köprülü Fazıl Ahmet Pasja en Halim Pasja. Nei't it Osmaanske Ryk oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch útinoar foel en yn 1923 de Republyk Turkije ûntstie, waard it amt fan grutfizier dêre ôfskaft en ferfongen troch dat fan minister-presidint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.