[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Grossmünster

Ut Wikipedy
Grossmünster
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Zürich
plak Zürich
adres Grossmünsterplatz, 8001 Zürich
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1100-1220 mei lettere oanpassings
boustyl Romaanske arsjitektuer
offisjele webside
Side gemeente

De Grossmünster (Grutte Munster) is in protestantsk-herfoarme tsjerke oan de Limmat yn de binnenstêd fan de Switserske stêd Zürich. De oarspronklik romaanske tsjerke wie eartiids wijd oan de hilligen Feliks en Regula en Eksuperantius. Oant de reformaasje wie de munstertsjerke tagelyk parochytsjerke en diel fan in koarhearenstift. De Grossmünster heart mei it Fraumünster, de Predigerkirche en de St. Peterskirche ta de wichtichste tsjerken fan de stêd.

De namme Grossmünster datearret út de 14e iuw. Oarspronklik waard de tsjerke yn dokuminten mei Zürcher Kirche (Turicina ecclesia) oantsjut. Yn 1272 waard de tsjerke as Monasterium praepositurae Thuricensis beskreaun. Monasterium, yn it Dútsk "Münster" (munster), is it Latynske wurd foar kleaster. De namme Grossmünster dûkt foar it earst yn 1322 op om dêrmei in ûnderskied te meitsjen mei it lytsere Fraumünster.

Byld fan sittende Karel de Grutte yn de krypte ûnder de tsjerke (15e iuw)

Neffens de leginde waard de munstertsjerke stifte troch Karel de Grutte, nei't syn hynder op de knibbels foel boppe de tombe fan Feliks en Regula, de patroanhilligen fan de stêd. De beafeart nei de grêven van Feliks en Regula is lykwols âlder. De twa hilligen foarmen eartiids ûnderdiel fan it saneamde Tebaanske legioen, dy't yn de 3e iuw yn Agaunum, it hjoeddeiske Saint-Maurice, fanwegen harren bekearing ta it kristendom kollektyf de martlerdea stoaren. Feliks en Regula pykten út nei Zürich, dêr't se dochs noch finzen nommen en eksekutearre waarden. Nei harren ûnthâlzing op it eilân yn de Limmat, op it plak dêr't tsjintwurdich de Wasserkirche stiet, soene de twa lichems de hollen oppakt ha en sa noch in stik de berch op kuieren nei it plak dêr't se begroeven wurde woene. De grêven waarden doe foar it earst wer troch Karel de Grutte ûntdutsen, dy't hielendal fan út Aken wei in hart efternei siet. It hynder fan Karel hâlde ynienen stil om te knibbeljen om Karel sa it plak fan de grêven fan de hilligen oan te wizen.

Karel liet de twa hilligen opgrave en op it plak in tsjerke en in proasdij bouwe. Oant de reformaasje koene pylders de grêven yn de Zwölfbotenkapelle (oers.: Tolve Apostelenkapel) fereare. Yn deselde kapel waarden ek guon reliken fan Karel de Grutte bewarre, dy't yn 1233 nei Zürich brocht waarden.

De Feliks en Regulaproasdij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Diel fan it oarspronklike alter út de Zwölfbotenkapelle mei op de foargrûn de nei de reformaasje oerskildere patroanhilligen fan de tsjerke en op de eftergrûn Zürich, dy't mei de restauraasje fan de jierren 1930 wer foar it ljocht helle binne

De proasdij hie yn de midsiuwen 24 koarhearen en 32 kapelanen en wie njonken de katedraal fan Konstanz it wichtichste stift fan it histoaryske bisdom Konstanz. Sûnt 1114 waard it stift laat troch in proast. Under de privileezjes fan it stift hearde ek it rjocht om sels de proast en de preesters te kiezen.

Oant de biddeloardes yn de 14e iuw opkamen, hie it stift Grossmünster yn it bisdom in wichtige funksje yn de muzyk. De koarhear Konraad fan Mure liet yn 1259 in prebende ynstelle foar in kantor en stelde sels yn 1260 it Liber ordinarius op, in detaillearre oardering fan de gesangen, wêrfan't guon troch de koarhearen sels dichte en komponearre wiene. Ek hie is stift in soad grûnbesit, dêr't pas yn 1832 mei de opheffing fan it stift in ein oan kaam.

Nei de reformaasje soarge it stift benammen foar de teologyske ûnderbouwing fan de prekers fan de nije lear. Njonken in Latynske skoalle en in gymnasium wie yn de gebouwen fan it stift in troch de reformator Zwingli oprjochte Teologyske Akademy ûnderbrocht, dêr letter yn 1833 de Universiteit fan Zürich út fuortkaam.

De gebouwen waard nei de opheffing fan it stift yn 1832 ferkocht en yn 1849 ôfbrutsen. Foar yn it plak kaam in nijbou yn neoromaanske styl fan Gustav Albert Wegmann. De kleastergong fan it koarhearenstift, dat foar in part noch út de 12e iuw stamme, waard nei de ôfbraak oanfolle mei in soad nij materiaal yn 1851 wer yntegrearre yn de nijbou. Sûnt 1976 is yn de gebouwen de teologyske fakulteit fan de Universiteit fan Zürich ûnderbrocht.

Rekonstruksje fan de romaanske Grossmünster'

Argeologyske fynsten wize op in romeinsk grêffjild yn de buert fan it munster. Op it plak hat ea in lyts betinkingsgebou en in kleaster stien, om de pylgers te fersoargjen. Om 870 hinne waard it konvint yn in koarhearenstift transformearre. It Grossmünster hie as de grêftsjerke fan Feliks en Regula in relaasje mei de Wasserkirche, it plak dêr't de twa hilligen ûnthalze binne, en it Fraumünster oan de oare kant fan de Limmat, dêr't de wichtichste reliken fan de hilligen bewarre waarden. De trije tsjerken foarmen mei elkoar troch de Münstersteg in prosesjeas.

Resten fan in foargonger fan de tsjintwurdige tsjerke binne by in renovaasje yn de jierren 1930 ûntdutsen. Mei de bou fan de hjoeddedei noch besteande romaanske tsjerke waard om 1100 hinne útein set. De foltôging fûn plak yn 1220. Pas tusken 1487 en 1492 waarden de tuorren op deselde hichte brocht en fan nullespitsen foarsjoen. Yn 1498 waard de dakruter yn de hjoeddeiske foarm foltôge.

De Grossmünster mei spitse tuorren (likernôch 1700)

Sûnt 1519 wie de reformator Huldrych Zwingli oan de Grossmünster ferbûn. Op syn oantrunen liet de stedsried de bylden en alters út de tsjerke ferwiderje. Yn 1526 waard foar it koer in kânseldoksaal boud. Dêrby waard materiaal brûkt fan ferneatige alters út Züricher tsjerken om dúdlik te meitsjen dat langer net de earetsjinst foar de alters yn it koer, mar de preek sintraal stie. De opfolger fan Zwingli, Heinrich Bullinger, joech opdracht om de oerbliuwsels fan Feliks en Regula út de Zwölfbotenkapelle te heljen. In soad stelde it net mear foar: allinnich wat bonkjes, koal, in bakstien en in hazelnút kamen foar it ljocht.

Yn de jûn fan 24 augustus 1763 ferneatige brân nei in bliksemynslach de spits fan de klokketoer, dy't mei houten spuonnen ôfdekt wie. Mei wiete kowehûden bleaune de klokken foar it ranen sparre. Op de brân folge in jierrenlange diskusje oer de fraach oft de tsjerke troch in nijbou ferfongen wurde moast. It ferset fan de predikant Johann Jakob Breitinger soarge der foar dat it safier net kaam.

Beide tuorren krigen ynearsten yn 1770 in flak terras mei balustrades yn Loadewyk XVI-styl. Tusken 1781 en 1787 krigen de tuorren de tsjintwurdige neogoatyske ôfsluting. Fan de noardlike toer waard de romaanske ferdjipping foar de klokken ôfbrutsen en troch in kopy fan de letgoatyske súdlike toer ferfongen. Ek waarden de tuorren mei in keamer foar de toerwachter ferhege.

De munstertsjerke yn 1835 mei de doe noch besteande treppenopgong boppe it noardlike portaal
Krypte

Fanôf 1845 fûnen der grutskalige ferbouwings plak. De treppenopgong nei de galerij boppe it noardlike haadportaal waard sloopt en binnen wer opboud yn de eardere Zwölfbotenkapelle, dêr't ea de grêven fan de hilligen leine. Ek waard it kânseldoksaal sloopt. Fanôf 1849 waarden de stiftsgebouwen ôfbrutsen en oant 1897 alle barokke dekoraasjes lykas stúkwurk ferwidere. It doel wie om neffens de 19e iuwske ideeën fan de monumintesoarch it oarspronklike romaanske ynterieur te rekonstruearjen en dêrby waarden jongere boueleminten ferneatige.

Yn it op de grifformearde lear ôfstimde ienfâldige ynterieur stiet in preekstoel út 1853 en in doopfont út 1598.

Sûnt 1933 binne trije glês-yn-leadramen fan Augusto Giacometti ynbrocht. De ramen fertelle it ferhaal fan de Berte fan Kristus. It besjen wurdich binne de romaanske kapitelen yn it skip fan de tsjerke en resten fan de oarspronklike beskildering yn it koer. Yn de noardlike muorre bleau in nis mei in lytse 16e iuwske foarstelling fan it switdoek fan de hillige Veronika bewarre.

Yn it âldste diel fan de tsjerke, de krypte, binne resten te sjen fan muorrebeskilderings út de 14e en 15e iuw, dy't it martlerskip fan Feliks en Regula útbyldzje. Dêr stiet ek it orizjineel fan it sittende byld fan de Karel de Grutte, dêr't in kopy fan oan de súdlike toer stiet.

Ek yn wat der oerbleau fan de eardere Zwölfbotenkapelle binne noch resten fan fresko's te sjen. Fan de eardere ynrjochting fan de kapel is in diel fan it âldste stedsgesicht fan Zürich bewarre bleaun. De panelen waarden eartiids folle lytser makke en boppedat foar in diel oerskildere om't op de foargrûn de stedshilligen ôfbylde wiene, dy't nei de reformaasje net mear ynteressant wiene. De orizjinele panelen wurde yn it Schweizerischen Landesmuseum útstald.

In legaat makke it yn 2005 mooglik om de westlike finsters fan de tsjerke fan it skip op 'e nij fan kleurrike ramen te foarsjen. Nei in wedstriid foel de kar op de ûntwerpen fan de ferneamde Keulske keunster Sigmar Polke. Yn de sân westlike ramen achter yn it skip hat de keunster tinne skiven agaten ferwurke, de oare fiif finsters fan it westlike skip bestiet út kleurd glês. Nei it koer ta geane de finsters oer fan abstrakte foarstellings nei figurative foarstellings mei Ald-Testamentyske motiven.

De ramen hearre ta de lêste wurken fan Polke en binne yn oktober 2009 foltôge.

Oargel

It oargel waard yn 1960 troch de firma Metzler út it Switserske Dietikon boud. It stiet op de westlike galerij fan de tsjerke en ferfong in ynstrumint fan Kuhn út 1876. It oargel besit 67 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Yn de noardlike toer hingje fjouwer klokken dy't yn 1889 troch Jakob Keller getten binne. Yn de dakruter hinget in fiifde klok. Op saterdeitejûn om 19:00 liede alle klokken, krekt as dy fan oare tjserken yn de binnenstêd, fyftjin minuten lang de snein yn. Ek as de sneinske tsjinst begjint wurde alle klokken let. Op oare tiden wurde individuele klokken let.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Grossmünster