Gerhart Hauptmann
Gerhard Johann Robert (Gerhart) Hauptmann (Obersalzbrunn (Neder-Sileezje), 15 novimber 1862 – Agnetendorf by Hirschberg, Poalske besettingssône), 6 juny 1946) wie in Dútsk (toaniel)skriuwer. Ynearstenoan skreau er realistyske drama's, dêr’t er omtinken yn skonk oan de minne sitewaasje fan de earmen, letter ek mear symbolyske stikken en wurken basearre op de Grykske mytology. Hy jildt as meigrûnlizzer fan it Dútske naturalisme. Yn 1912 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer oerlange. Hy hearde in skoftke ta de Friedrichshagener Kreis, in rûnte fan yntellektuelen yn Berlyn.
Yn ‘e jierren tritich luts Hauptmann him hieltiten mear werom út it publike libben. Hy liet him net út oer it nasjonaalsosjalisme. Yn 1946 stoar er yn ‘e âldens fan 83 jier yn syn bertekontreien Sileezje, dat ûnderwilens yn Poalske hannen kommen wie en dêr’t de measte Dútsers ferdreaun waarden nei Dútslân. Hauptmann mocht net yn Sileezje begroeven wurde en waard letter byset yn in kleaster yn it Dútske Hiddensee.[1]
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bahnwärter Thiel (1888)
- Vor Sonnenaufgang (1889)
- Einsame Menschen (1891)
- Die Weber (1892)
- Hanneles Himmelfahrt (1894)
- Die versunkene Glocke (1897)
- Fuhrmann Henschel (1898)
- Der arme Heinrich (1902)
- Rose Bernd (1903)
- Die Ratten (1911)
- Der Bogen des Odysseus (1914)
- Hamlet in Wittenberg (1935)
- Iphigenie in Delphi (1941)
- Iphigenie in Aulis (1944)
- Agamemnons Tod (1948)
- Elektra (1948)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |