[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Georges Cuvier

Ut Wikipedy
Georges Cuvier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean Léopold Nicolas
   Frédéric Cuvier
nasjonaliteit Wuerttemberchsk
Frânsk
berne 23 augustus 1769
berteplak Montbéliard (Wuerttemberch)
stoarn 13 maaie 1832
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
berop/amt biolooch, paleöntolooch
aktyf as soölooch, ornitolooch,
ichtyolooch, publisist
jierren aktyf 17881832
reden
  bekendheid
ferneamd biolooch en grûn-
   lizzer fan de paleöntology
bekendste
  wurk(en)
La Règne Animal
prizen Légion d'Honneur 1826

Georges Cuvier (Frânske útspr.: ['ʒɔʀʒə 'kyvje:], likernôch: "zjorzje kúvjee"; folút: Jean Léopold Nicolas Frédéric Cuvier; Montbéliard, 23 augustus 1769Parys, 13 maaie 1832) wie in Frânsk natoerûndersiker en biolooch, dy't him benammen talei op 'e stúdzjes fan 'e ornitology, de ichtyology en de bredere soölogy. Fanwegen syn baanbrekkend wurk op it mêd fan 'e ferliking fan libbene bisten mei fossilen stiet er ek wol bekend as de "Heit fan de Paleöntology". Fierders wreide er it taksonomyske systeem dat betocht wie troch Linnaeus út troch de klassen fierder yn te dielen yn legere taksons, lykas skiften, famyljes en skaaien. Hoewol't Cuvier him fûleindich tsjin 'e evolúsjeteory kearde, dêr't neffens him gjin bewiis foar bestie, wurdt er noch altyd beskôge as ien fan 'e wichtichste figueren út 'e skiednis fan 'e biology. Syn meast ferneamde publikaasje wie La Règne Animal ("It Bisteryk"), út 1817. Yn 1819 waard er fanwegen syn ferstjinsten yn 'e adelstân ferheft.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cuvier waard yn 1769 berne yn Montbéliard, no yn 'e Franche-Comté, dat doedestiden ûnder de namme Mömpelgard ta it Dútske hartochdom Wuerttemberch hearde (en pas yn 1793 troch Frankryk anneksearre wurde soe). Syn protestantke famylje wenne dêr al sûnt de Reformaasje, en wie mooglik oarspronklik fan Dútsk etnysk komôf. Dêrom wurdt yn Dútsktalige boarnen wol fernijd dat Cuvier syn "eigentlike" namme Johann Leopold Nicolaus Friedrich Küfer west hawwe soe, wêrby't ek syn rodzige uterlik oanhelle wurdt, dat troch Frânske auteurs oan in sykte witen wurdt.

Cuvier yn 1795.

Syn heit, Jean Georges Cuvier, wie in luitenant by de Switserske Garde en in boarger fan Montbéliard, en syn (folle jongere) mem, Anne Clémence Chatel, joech de jonge Cuvier syn hiele skoaltiid troch thús byles, sadat er fierwei de bêste fan syn klasse waard. Neitiid learde er fierder oan it pleatslike gymnasium, dêr't er him û.m. Latyn en Gryksk eigen makke, en net folle muoite hie mei wiskunde, skiednis en ierdrykskunde.

Mei tsien jier, koart nei't er op it gymnasium kommen wie, kaam Cuvier in eksimplaar tsjin fan 'e Historiæ Animalium fan Conrad Gessner, dat yn him foar it earst in ynteresse yn natoerhistoaryske ûnderwerpen wekker makke. Doe't er fjirtjin jier wie, waard Cuvier nei de Wuerttemberchske haadstêd Stuttgart ta stjoerd om dêr oan 'e universiteit te studearjen. Hoewol't er by syn oankomst mar kwealk in wurd Dútsk spriek, wûn er njoggen moanne letter in priis foar syn kennis fan dy taal. Yn 1787 studearre er cum laude ôf.

Om't Cuvier nei de foltôging fan syn stúdzje gjin jild hie om fan te bestean, naam er yn 1788 in baan oan yn Normandje as de priveelearaar fan 'e iennichste soan fan 'e protestantske greve fan Héricy. Dêr sette er yn 'e it begjin fan 'e 1790-er jierren foar it earst útein mei it ferlykjen fan libbene bisten mei fossilen. Yn it tichteby leine doarp Valmont wenne er fierders geregeldwei gearkomsten by oangeande lânboukundige ûnderwerpen. Dêr mette er in Henri Alexandre Tessier, in wittenskipper dy't Parys ûnder it Skrikbewâld ûntflechte wie en no yn Normandje ûnder in skûlnamme libbe. Cuvier hie lykwols syn artikels yn 'e Encyclopédie Méthodique lêzen en koe him dêroan werom nei't er it oer lânboukundige saken hân hie. Hja rekken befreone, en fia Tessier kaam Cuvier yn 'e kunde mei dy syn kollega's yn Parys, dêr't er yn 1795 oansteld waard as de assistint fan heechlearaar ferlykjende plante-anatomy Jean-Claude Mertrud.

Cuvier mei in fiskefossyl.

Datselde jiers waard it wittenskiplike Ynstitút fan Frankryk stifte, en 1796 waard Cuvier dêr lid fan. Teffens waard er ta lid fan 'e Frânske Akademy fan Wittenskippen keazen. Yn april fan dat jier hold er in lêzing fan syn earste paleöntologyske artikel, dat yn 1800 publisearre wurde soe ûnder de titel Mémoires sur les Espèces d'Éléphants Vivants et Fossiles ("Oantinkens oan Libbene en Fossile Oaljefantesoarten"). Dêryn makke Cuvier in analyze fan de skeletten fan Yndyske en Afrikaanske oaljefanten, mammoetfossilen en it fossyl fan in slurfdier dat doedestiden bekendstie as it 'Ohio-bist', wêrmei't er foar it earst bewiisde dat Afrikaanske en Yndyske oaljefanten ferskillende soarten wiene, en dat mammoeten noch wer in oare soarte wiene, dy't net mear foarkaam en dus útstoarn wêze moast. Fierders woed er hawwe dat it 'Ohio-bist' noch wer in oare soarte fertsjintwurdige. Jierren letter, yn 1806, soed er yn in oar artikel foar dat bist de namme mastodont betinke.

Yn syn twadde artikel, dat er ek yn 1796 op papier krige, beskreau en analysearre Cuvier in grut skelet dat yn Paraguay ûntdutsen wie, en dat er letter de namme Megatherium jaan soe. Syn konklúzje wie dat dit skelet ek fan in útstoarn bist wie, en troch ferlykjend ûndersyk mei skedels fan libbene bisten stelde er fêst dat it in soarte fan op 'e grûn libjende reuzeloaiert west hawwe moast. Tegearre nommen foarmen dizze beide artikels in mylpeal yn de skiednis fan 'e biology, wêrmei't Cuvier de grûnslach fan 'e paleöntology lei, en dêropta ek fan de ferlykjende anatomy. Hjirmei fêstige er syn reputaasje en besljochte er de doe langrinnende diskusje oer de fraach oft it útstjerren fan bistesoarten wol echt bestie.

In plaat út La Règne Animal (edysje 1828).

Yn 1799 folge Cuvier Louis-Jean-Marie Daubenton op as heechlearaar natoerhistoarje oan it Collège de France. Yn 1802 waard er ek oansteld as titulêr heechlearaar oan de Jardin des Plantes, en datselde jiers waard er beneamd ta beselskipjend kommisaris fan 'e ynspekteurs-generaal fan iepenbier ûnderwiis. Yn dy lêste hoedanichheid besocht er súdlik Frankryk, mar doe't er begjin 1803 keazen waard ta permanint siktaris fan it departemint fan natoerwittenskippen fan de Frânske Akademy fan Wittenskippen, kearde er werom nei Parys. Nettsjinsteande de opskuor fan de oangeande Napoleontyske Oarloggen wie Cuvier syn rom yn 1806 sa grut wurden, dat er dat jiers as bûtenlânsk lid talitten waard ta de Britske Royal Society. Yn 1812 waard er ek lid fan 'e Keninklike Sweedske Akademy fan Wittenskippen en yn 1827 fan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen. Underwilens wied er doe sûnt 1818 ek lid fan de Académie française, de Frânske taalakademy.

Fanôf de ein fan 'e jierren 1800 lei Cuvier him benammen ta op trije fraachstikken: de struktuer en klassifikaasje fan 'e weakdieren; de ferlykjende anatomy en systematyk fan fisken; en it ûndersyk nei fossile sûchdieren en reptilen. Yn 1812 stelde er dat it ûnwierskynlik wie dat der noch grutte bisten wiene dy't noch net troch de minske ûntdutsen wiene; dêr wied er mis mei, want bgl. de okapy, in sibbe fan 'e sjiraffe, waard troch de Westerske wittenskip pas 'ûntdutsen' yn 1901. Cuvier wie wol mei mear dingen mis; sa wied er in grut oanhinger en fersprieder fan 'e teory fan it katastrofisme, it leauwe dat der in opienfolging fan prehistoaryske wrâlden bestien hie dy't troch in skeppende macht hieltyd wer op 'e nij folle wiene mei harren eigen floara en fauna, om úteinlik by in grutte katastrôfe (dêrfandinne de namme) ferwuostge te wurden. Dy teory stiet diametraal foar de evolúsjeteory oer, wêryn't de stadige ûntwikkeling fan soarten en it oerlibjen fan 'e bêst oanpasten sintraal stiet. Cuvier wie dan ek in fûleindich bestrider fan dy lêste teory, dêr't neffens him gjin inkeld bewiis foar wie.

De grêfsark fan Cuvier op it Père Lachaise-begraafplak yn Parys.

Under syn libben tsjinne Cuvier yn hege funksjes ûnder Napoleon, ûnder de restaurearre Bourbons en ûnder kening Loadewyk-Filips, de 'Boarger-Kening'. Yn 1814 waard er beneamd ta steatsried, en yn 1818 sloech er it oanbod om minister fan Binnenlânske Saken te wurden ôf, al stied er flak foar syn dea op it punt om dat dochs noch te oanfurdzjen. Yn 1819 waard er foar syn fertsjinsten yn 'e adelstân ferheft en ta baron makke. Nettsjinsteande it roomske karakter fan Frankryk wied er fan berte in lutheraan, en bleau er dat leauwe syn hiele libben trou. Georges Cuvier ferstoar yn 1832 hommels ûnder in grutte Paryske goalera-epidemy, doe't er 62 jier wie. Hy is ien fan 'e 72 Frânsen fan wa't de nammen yn 'e Eiffeltoer kurven binne.

  • 1797-1798 – Tableau Élémentaire de l'Histoire Naturelle des Animaux
  • 1800-1805 – Leçons d'Anatomie Comparée (5 dielen)
  • 1811 – Essais sur la Géographie Minéralogique des Environs de Paris (mei Alexandre Brongniart)
  • 1812 – Recherches sur les Ossemens Fossiles de Quadrupèdes (4 dielen)
  • 1817 – Le Règne Animal (4 dielen)
  • 1817 – Mémoires pour Servir à l'Histoire et à l'Anatomie des Mollusques
  • 1819-1827 – Éloges Historiques des Membres de l'Académie Royale des Sciences, lus Dans les Séances de l'Institut Royal de France par M. Cuvier (3 dielen)
  • 1821 – Théorie de la Terre
  • 1822 – Discours sur les Révolutions de la Surface du Globe et sur les Changements qu'Elles Ont Produits dans le Règne Animal
  • 1826-1836 – Histoire des Progrès des Sciences Naturelles depuis 1789 Jusqu'à ce Jour (5 dielen)
  • 1828-1848 – Histoire Naturelle des Poissons (11 dielen; fuortset troch Achille Valenciennes)
  • 1841-1845 – Histoire des Sciences Naturelles depuis Leur Origine Jusqu'à Nos Jours (5 dielen, redigearre en publisearre troch Magdeleine de Saint-Agit)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.