Gemini Award
Gemini Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
útrikt foar | bêste Kanadeeske tillefyzje- produksjes | |
útrikt troch | ACCT | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1986 | |
opheft | 2011 | |
offisjele webside | ||
www.geminiawards.ca |
De Gemini Awards wiene in groep Kanadeeske prizen dy't op jierlikse basis útrikt waarden foar de bêste Kanadeeske tillefyzjeproduksjes. De organisaasje dy't de útrikking fersoarge en de winners útornearre, wie de Academy of Canadian Cinema and Television (ACCT). De Gemini Awards waarden yn 1986 nei foarbyld fan 'e Amerikaanske Emmy Awards ynsteld, ta ferfanging fan 'e âldere ACTRA Awards. Se waarden útrikt yn mar leafst 87 ûnderskate kategoryen (foar in komplete opsomming, sjoch hjirre).
De Gemini Awards besloegen allinnich de Ingelsktalige Kanadeeske tillefyzje; foar de Frânsktalige tillefyzje wiene der aparte prizen, de Prix Gémeaux. De earste útrikking fan 'e Gemini Awards fûn plak yn 1986 en de lêste yn 2011. Dêrnei kundige de ACCT yn 2012 oan dat de Gemini's en de Genie Awards opheft wurde soene, om plak te meitsjen foar in nije priis dy't alle foarmen fan media yn Kanada beslaan soe, ynkl. tillefyzje, film en digitale media. De earste útrikking fan dy Canadian Screen Awards waard op 4 maart 2013 holden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |