Gasselternijveen
|
Gasselternijfean (Gasselternijveen) is in doarp yn de Drintske gemeente Aa en Hunze. It doarp leit oan de eastlike kant fan it rivierke de Hunze.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Offisjeel waard it doarp yn 1662 stifte, mar al earder wiene fral ynwenners út Gasselte begûn mei it ferfeantsjen fan it gebiet. It gebiet wie foar it measte fan boeren út de marke Gasselte en hja ferkochten in grut diel fan it gebiet oan de sekretaris fan it Lânskip Drinte mei twa kompanjons. Nei't dy de Hunze better befarber makke, waard der útein set mei it graven fan in kanaal foar it ôffieren fan de turf. Yn de rin fan de tiid ûnstiene Gasselternijfean en Gasselterboerfean.
Nei't it winnen fan turf yn it neagean rekke, farden de skippers mei oare fracht fierder nei lannen oan de Eastsee en Noardsee. Mei't de skippen grutter waarden, koene de skippen fansels net mear yn it doarp oanlizze, mar bleaune se yn havens oan see. En sa koe it dat Gasselternijfean yn 1912 wat it tal registrearre skippen oanbelanget noch it fjirde plak fan Nederlân wie. Nei 1920 rekke de skipfeart yn it neigean. De wynwizers fan de Protestantske tsjerke fan Gasselternijfean ferwize lykwols noch jimmeroan nei de ekonomyske pylders fan eartiids: in hynder foar de lânbou en in skip foar de skipfeart.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De tsjintwurdige PKN-tsjerke oan de Vaart wie eartiids de herfoarme tsjerke fan it doarp. De tsjerke is boud as wettersteatstsjerke en waard boud yn 1858
- De grifformearde tsjerke oan de Hoofdstraat 131 út 1865 rekke al yn 1993 bûten gebrûk nei't grifformearden en herfoarmen der foar keazen ien gebou te brûken. De grifformearde tsjerke waard ferkocht en krige sûnder grutte feroarings oan it eksterieur in oare funksje.
- Op 15 maaie 2005 waard oan de Schreierswyk (súdeastlik fan it doarp) in monumint ûntbleate ta oantinken fan de earste baptistendoop yn Nederlân. Op dy dei liet de herfoarme dûmny him mei sân oare gemeenteleden dope troch de Dútske baptist J. Köbner. Dêrmei ûnstie de earste Baptistsengemeente fan Nederlân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de monuminten fan it doarp binne de Protestantske tsjerke en de mûne De Juffer, it eardere gemeentehûs en in pear kapteins- en skipperswenten. Súdwestlik fan it doarp is it natuerûntwikkelingsgebiet Oude Weer oanlein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|