[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Günter Grass

Ut Wikipedy
Günter Grass yn oktober 2004 by de Frankfurter Buchmesse Frankfurt am Main
Amerikaanske kriichsfinzenekaart, dêr't op stiet dat Grass lid wie fan de SS

Günter Wilhelm Grass (Dantzig-Langfuhr, 16 oktober 1927 - Lübeck, 13 april 2015) wie in Dútsk skriuwer, keunstskilder en byldzjend keunstner fan Dútsk/Kasjûbysk komôf.

Grass wie yn de Twadde Wrâldkriich, yn 1944, hie wie doe 17 jier, lid fan de Waffen-SS. Maaie 1945 waard er finzen naam troch it Amerikaansks leger en yn april 1946 kaam er wer frij. Hy waard dêrnei stienhouwer en byldhouwer. Yn de fyftiger jierren sette er út ein mei de skriuwerij. Hy giet yn syn wurk faak werom nei it Dantzig fan syn bernejierren. Yn de sechstiger jierren fan de 20e iuw engazjearre Grass him foar de Sosjaal-Demokratyske Partij (SPD). Yn 1999 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer.

Mei Heinrich Böll en Siegfried Lenz waard er yn Dútslân rekkene ta de Grutte Trije fan nei de oarloch.

  • Danziger-trilogien
    • Die Blechtrommel (1959)
    • Katz und Maus (1961)
    • Hundejahre (1963)
  • Örtlich betäubt (1969)
  • Aus dem Tagebuch einer Schnecke (1972)
  • Der Butt (1979)
  • Das Treffen in Telgte (1979)
  • Kopfgeburten oder Die Deutschen sterben aus (1980)
  • Die Rättin (1986)
  • Zunge zeigen. Ein Tagebuch in Zeichnungen (1988)
  • Unkenrufe (1992)
  • Ein weites Feld (1995)
  • Mein Jahrhundert (1999)
  • Im Krebsgang (2002)
  • Beim Häuten der Zwiebel (2006)