[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Frans Boas

Ut Wikipedy
Franz Boas

Franz Boas (Minden (Dútslân), 9 july 1858New York (VS), 21 desimber 1942) wie ien fan de pioniers en grûnlizzer fan de antropology en wurdt wol de heit fan de Amerikaanske antropology neamd. Frans Boas wie ien fan de learmasters fan Margaret Mead

Nei syn oplieding yn de natuerwittenskip oan ferskate Dútske universiteiten gie Boas nei de Feriene Steaten. Troch syn eftergrûn yn it eksakte tinken wienen syn wittenskiplike ynspanningen bot op it empirysk rjochte.

Hy die yn 1883 oant 1884 fjildwurk by de Inuit op Baffin eilân. Mei as resultaat it boek “The Central Eskimo”. Dat boek ferskynde yn 1888. Hy brocht de natuerlike omjouwing fan de Inuit op natuerwittenskiplike wize yn kaart. En hy fergelike syn ûnderfinings mei wat de Inuit fertelle koenen. Hy stelde fêst dat de kennis dy’t de Inuit hienen mear wie as in optelsom fan omjouwingsfaktoaren. Dêr siet noch wat oars by: de kultuer.

Yn it lêste desennium fan de njoggentjinde iuw makke hy in grut oantal reizen nei Yndianefolken lykas de Kwakiutl, de Tlingit en de Haida oan de Amerikaanske Noardwest kust. Hy stelde him as doel om oerienkomsten en ferskillen yn taal, fysyk foarkommen en sosjale gebrûken by de groepearrings te ûndersykjen. Ek woe hy de Yndiaanske kultuer sjen litte sa't sy dat sels ek seagen. Hy sammele keunstfoarwerpen, notearre en fertaalde yndiaanske teksten, die antropologyske mjittingen en kocht yndiaanske foarwerpen. De kultuer fan de Kwakiutl makke in soad yndruk op Boaz. It waard him stadich dúdlik dat ras, taal en kultuer ûnôfhinklike aspekten binne fan minsken. Dizze ûntdekking soe derfoar soarge dat minsken oars gongen tinken oer oare kultueren en harren eigen kultuer. Se tochten dat kultuer yn ferskillende fases ferrûn wurde moast. Dat betsjutte dat de minsken yn de bosken noch net sa fier wienen as bygelyks de westerske kultueren, dit wurdt ek wol it sosjale darwinisme neamd. Troch Boaz is dizze gedachte fuort gien en wurde kultueren gelyk beskôge.

It ûnderwiis dat Boaz joech as heechlearaar oan de Comlumbia Universiteit foarme de basis fan de Relativistyske tradysje yn de Amerikaanske antropology. Op basis fan syn wittenskiplike wurk kaam Boas ta it idee fan in fjouwerfâldige fjildantropology. De bestudearring fan frjemde folken moast neffens dizze opfetting barre troch de folgjende wize:

  1. Biologyske antropology of antropobiology, dy’t de minsk as biologysk organisme, it gedrach fan primaten, minsklike evolúsje en befolkings genetika bestudearret.
  2. Linguïstyske antropology, dy’t de fariaasje yn taal troch de tiid en romte bestudearret en ek it sosjale gebrûk fan taal en de relaasje tusken taal en kultuer.
  3. Archeology, dy’t de materiële oerbliuwsels fan minsklike maatskippij bestudearret.
  4. Sosjale antropology of Kulturele antropology is de wittenskip dy’t ûnder oaren it sosjale gedrach, de ekonomyske struktuer, en de ideology fan folken en befolkingsgroepen bestudearret.

De measte antropology-opliedings folgje noch hieltyd dizze wize fan lesjaan.

  • Growth of Children, 1896 - 1904
  • Changes Inform of Body of Descendant of Immigrants, 1911
  • The Mind of Primitive Man, 1911
  • Kultur und Rasse, 1913
  • Primitive Art, 1927
  • Anthropology and Modern Life, 1928-1938
  • Franz Boas e.o, General Anthropology, 1938
  • Race, Language, and Culture, 1940
  • Franz Boas & Ella Delora, Dakota Grammar, 1941
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Franz Boas fan Wikimedia Commons.