Frankenthal
Frankenthal | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Stedsyndieling | 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 49.051 (2022)[1] | |
Oerflak | 43,88 km² | |
Befolkingsticht. | 1118 ynw./km² | |
Hichte | 96 m | |
Oar | ||
Postkoade | 67227 | |
Koördinaten | 49° 32'N 8° 21'E | |
Offisjele webside | ||
www.frankenthal.de | ||
Kaart | ||
Frankenthal is in Kreisfreie Stadt yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit yn it noardeasten fan 'e Palts-regio tusken de stêden Worms en Ludwigshafen. Histoarysk wie Frankenthal fan 'e 16e oant de 18e iuw ien fan 'e wichtichste plakken fan it karfoarstedom fan de Palts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frankenthal wurdt foar it earst yn 722 yn in dokumint fan it kleaster Lorsch neamd. Yn 1119 waard hjir in Augustynsk kleaster boud. De oerbliuwsels fan dat kleaster binne noch jimmeroan te sjen yn it sintrum fan 'e stêd en wurde nei de stichter fan it kleaster Erkenbertruine neamd. It kleaster droech by oan 'e ûntjouwing fan Frankentahl en de omkriten.
De twadde helte fan 'e 16e iuw brocht Frankenthal flechtlingen út Flaanderen, dy't om harren kalvinistyske leauwe harren lân ferlitte moasten en mei help fan karfoarst Freark III fan de Palts de sûnt de reformaasje lege kleastergebouwen krigen. De flechtlingen wiene oer it generaal warber en keunstsinnich en brochten it plak ta fierdere ûntjouwing. In soad flechtlingen wiene hannelslju, wevers, edelsmidden en keunstners. Hja stiften in skilderskoalle, dy't ûnder de namme Frankenthaler Malerschule bekend waard, wêrby't ferneamde lânskipskilders lykas Gillis van Coninxloo en Pieter Schoubroeck oansletten wiene.[2]. Op 29 oktober 1577 waard de hurd groeiende mienskip beleanne mei stedsrjochten.
Yn 'e 16e en 17e iuw waard Frankenhal útboud ta in fêsting. Dêrmei krige de stêd ek in rol yn 'e Tritichjierrige Kriich en de Njoggenjierrige Kriich. Yn septimber 1689 waard de stêd troch de Frânsen yn 'e brân stutsen en hast folslein ferneatige. Der folge wer in opbou fan 'e stêd en der ûntstiene yn 'e 18e iuw mear as 20 fabriken. Fan grut belang wie de yn 1755 oprjochte Frankenthaler Porzellanmanufaktur'. It diggelguod fan dat fabryk is hjoeddedei yn tal fan musea oer de hiele wrâld te finen.
In nije stimulâns krige de stêd mei de yndustrialisaasje yn 'e 19e iuw en Frankenthal waard no in wichtich sintrum fan metaalferwurkjende yndustry.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich ferlear de stêd by it bombardemint fan 1943 in grut part fan 'e âlde barokke bebouwing.[3]
Persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abraham Heidanus (1597-1678), kalvinistysk teolooch.
- Jacob Marrel 1614–1681), keunstskilder.
- Georg Vierling (1820-1901), komponist.
- Konrad Mauer (1823-1902), rjochtshistoarikus.
- Franz Nissl (1860–1919), psychiater en neurolooch.
- Oskar Perron (1880-1975), wiskundige.
- August von Parseval (1861-1942) konstrukteur fan loftskippen.
- Arnold Fanck (1889-1974), regisseur.
- Danny Blum (1991- ), fuotballer.
Ôfbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Poarte fan Speyer
-
Kleasterruïne
-
Dreifaligkeitskirche
-
Zwölf-Apostel-Kirche
-
Wormser poarte
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|