[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Folksdûns

Ut Wikipedy
Malambo, Argentynske folksdûns

In folksdûns is de tradisjonele dûns fan in bepaald goa of lân. De muzyk dêr't op dûnse wurdt, wurdt meastentiids oantsjutten mei folksmuzyk.

Folksdûns yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Skotse Trije, Ljouwert, 1935

Foar 1850 is oer de folksdûns yn Fryslân neat mear bekend as dat der troch alle lagen fan de befolking al iuwen dûnse is.

De Weenske wals ferovert tusken 1850-1900 de provinsje en om 1910 fine wy de earste sparen fan Amerikaanske ritmes (cakewalk, onestep) dy't op it lêst dominearje sille op de bals en mei figueredûnsen (Veleta, Frühlingsboten) skieding bringe sille tusken dûns en folksdûns. Nei de Earste Wrâldoarloch wurdt troch jongereinferienings folksdûnse nei ynternasjonaal foarbyld. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne yn Boalsert, Grou, Ljouwert, Burgum, Harns, Oentsjerk en Weidum folksdûnsgroepen. Folkloristyske dûnsgroepen binne dan de Boalserter Skotsploech, Ljouwerter Skotsploech, Snitser Skotsploech en Skylger Folksdûnsen. Troch federative oansluting , folksdûnsdiploma's en folksdûnskursussen steane organisaasje en propaganda yn de fysftiger jierren op hechte grûnslaggen.

Folksdûns yn It Sealterlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
de Seelter Dons- un Drachtenkoppel

It Sealterlân hat twa folkdûnsgroepen, de Volkstanzgruppe Saterland yn Strukelje en de Seelter Dons- un Drachtenkoppel yn Skäddel. De Sealterlânske folksdûnsgroepen binne part fan it Sealtersk Bûn.

De Volkstanzgruppe Saterland ('Folksdûnsploech Sealterlân') waard yn 1970 yn Strukelje oprjochte en hat sa'n 28 aktive leden. Sy wienen al te sjen op ferskate festivals yn Nederlân, Belgje, Hongarije en ek by de EUROPEADE yn Bozen, yn Litouwen en yn Estlân.

De Seelter Dons- un Drachtenkoppel (Sealter Dûns- en Drachtploech) waard yn 1979 yn Skäddel oprjochte en hat sa'n 24 aktive leden. Sy hawwe kontakt mei de folksdûnsploech út Burgum, de Burgumer Folksdounsploech en hawwe ek by elkoar op besite west.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: