Ferdrach fan Meerssen
It Ferdrach fan Meerssen, ree op 8 augustus 870, wie in ferdrach oer it ferdielen fan it keninkryk fan Lotarius II, Loataringen, troch syn omkes Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje en Karel de Keale fan West-Frânsje, de twa oerlibjende soannen fan keizer Loadewyk de Fromme. It ferdrach is neamd nei it plakje Meerssen by Maastricht yn de Nederlânske provinsje Limburch.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferstjerren fan keizer Loadewyk de Fromme yn 840, waard troch it Ferdrach fan Ferdun (augustus 843) it Karolingyske Ryk ferparte ûnder syn trije soannen. It middenste part, Midden-Frânsje mei Fryslân en Itaalje kaam ta Lotarius I, dy't ek de keizerstitel hold. It wie troch syn foarm in slim te bestjoeren lân. It bestie út Fryslân fan It Swin oant Weser en in part fan Austraasje begrinzge troch de rivieren Skelde, Maas en Ryn.
It rûn hielendal nei de Middellânske See en hie oer de gânse lingte deselde breedte as yn it noarden.
.
By it Ferdrach fan Prüm yn 855 ferparte Lotarius syn keninkryk tusken syn trije soannen flak foar syn ferstjerren. Loadewyk II, de âldste soan, krige Itaalje en de keizerstitel. Lotarius II krige Fryslân, Loataringen en Opperboergonje en Karel (845-863), de jongste, krige Nederboergonje en de Provence. Nei't Karel ferstoar gie hast syn gânse keninkryk nei Loadewyk, útsein de greefskippen Lyon, Vienne en Vivarais dy't nei Lotarius gie.
It Ferdrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't aartsbiskop Hinkmar fan Reims de winske skieding dy't Lotarius II woe fan syn frou Teutberga, om't hja gjin bern krije koe, blokkearde, ferstoar Lotarius yn 869 sûnder wetlike opfolgers. Syn omkes, de keningen Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje en Karel de Keale fan West-Frânsje, easken de erfskip op. Hja hiene it lok dat de iennige wetlike erfgenamt, de Roomsk-keizer Lodewyk II fan Itaalje, warber yn in slach tsjin it Emiraat Bari ferwikkele wie.
Karel de Keale foel it gebiet dalik nei it festjerren fan Lotarius II yn. Loadewyk de Dútser die dêrop itselde, mar Karel liet himsels yn Metz ta kening kroane. Loadewyk twong him lykwols ta it partsjen fan it gebiet, allyk de gebieten dy't Lotarius II krigen hie nei it ferstjerren fan Karel fan Provence. Flakby Meerssen moeten hja inoar en sleaten it Ferdrach. It Ferdrach ferfong it Ferdrach fan Ferdun út 843, doe't it Karolingyske Ryk yn trijen ferparte waard, troch de noardlike helte fan Midden-Frânsje (fan de Noardsee oant de delling fan de Rône) te ferpartsjen. Sa waard "Frânsje" winliken ferparte yn twaen yn twa gruttere eastlike en westlike gebieten. In grut part fan de Fryske kust wie lykwols ûnder it gesach fan de Wytsingen en foel der winliken bûten en wie allinne yn namme ferdield. De grins rûn lâns de rivieren de Maas, Ourthe, Moezel, Saône en Rône.
Yn it noarden krige Loadewyk it grutste part fan Fryslân, it part fan Austraasje dat fan Lotarius wie, mei de stêden Aken en Metz ynbegrepen. Yn it suden krige Loadewyk it grutste part fan Opperboergonje, dat fan Lotarius wie (útsein it gebiet dat oan Itaalje jûn wie). Karel krige Lotarius syn erfenis fan Nederboergonje en in lytse westlike part fan Opperboergonje. Sa hie er frij paad nei Itaalje, dêr't er ek graach de kroan oernimme woe. Loadewyk sleat de nij krigen gebieten fan Austraasje oan de eastlike Austrasyske gebieten (Hartochdom Franken) en makke it in ûnderkeninkryk foar syn soan Loadewyk de Jongere. De ûnwettige soan fan Lotarius II, Hugo, krige it greefskip fan de Elsas.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meerssen wie de palts dêr't Loadewyk de Dútser ferbleau. Karel ferbleau yn de palts Herstal by Luik. It Ferdrach waard yn in plak sletten healwei beide plakken, wierskynlik Haspide (of Aspide), dat it hjoeddeiske Eijsden oan de Maas is.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ferdrach hold net langer as tsien jier stân. Nei it ferstjerren fan Loadewyk de Dútser yn 876, foel Karel de Keale, dy't njonkelytsen ek kening fan Itaalje en Roomsk-keizer wurden wie, eastlik Loataringen yn, mar waard troch Loadewyk syn soan Loadewyk de Jongere ferslein yn de Slach by Andernach (876). In jier letter ferstoar Karel de Keale en ûntstie der in machtstriid yn West-Frânsje. Loadewyk de Jongere foel dêrop yn 879 westlik Loataringen oan. Karel syn pakesizzers waarden twongen en jouw gâns Loataringen oer oan East-Frânsje, dat befêstige waard yn it Ferdrach fan Ribemont yn 880.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ferdrach fan Ferdun (843)
- Ferdrach fan Prüm (855)
- Slach by Andernach (876)
- Ferdrach fan Ribemont (880)