[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Feilichheidsspjelde

Ut Wikipedy
In feilichheidsspjelde
It oktroai op de feilichheidsspjelde, nr. 6281, 1849
Walter Hunt
Reklame foar in feilichheidsspjelde, 1909

In feilichheidsspjelde of slútspjelde is in gebrûksfoarwerp om twa stikken stof oan inoar fêst te meitsjen. In iere foarrinner fan de feilichheidsspjelde is de Romeinske fibula, oarspronklik fan de Mysenen yn Grikelân, nei alle gedachten yn de perioade 30 -1200 foar Kristus. De fibula hie deselde funksje as de hjoeddeistige feilichheidsspjelde.

Eartiids waarden se in soad brûkt om ruften te befêstigjen, tsjintwurdich mear as tydlike oplossing by stikkene klean of as befêstigingsmiddel foar dekoraasjes lykas korsaazjes.

Feilichheidsspjelde yn it ear fan in punker

Utfining fan de feilichheidsspjelde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske monteur Walter Hunt wurdt beskôge as de útfiner fan de moderne feilichheidsspjelde. De feilichheidsspjelde befette in sluting dy 't de punt beduts en derfoar soarge dat er net iepen gean koe, en in sirkelfoarmige draai yn 'e bocht om as in fear te wurkjen en him te plak te hâlden. Charles Rowley (Birmingham, Ingelân) patentearre ûnôfhinklik in soartgelikense feilichheidsspjelde yn oktober 1849, hoewol 't se net mear makke wurde.
Hunt die de útfining om in skuld fan $ 15 by in freon ôf te lossen. Nei 't er op 10 april 1849 it Amerikaanske patint # 6.281 krigen hie, ferkocht Hunt it patint oan W.R. Grace and Company foar 400 (rûchwei 14.000 yn Amerikaanske dollars fan 2022). Mei dat jild betelle Hunt de $ 15 oan syn freon en hold er it bedrach fan 385 euro dat oerbleau foar himsels. Yn de jierren dy 't folgen, soe W.R. Grace and Company miljoenen dollars winst meitsje mei syn útfining.

Feilichheidsspjelden hawwe in wearde yn beskate kultueren en tradysjes. Yn Yndia wurde spjelden generaasjes lang bewarre en trochjûn oan dochters. Oekraïners brûke spjelden as in wize om kweageasten te kearen as se oan berneklean fêstmakke wurde. Yn oare lannen bringt in feilichheidsspjelde gelok.

Yn de jierren 70 fan de 20e iuw waard de feilichheidsspjelde ien fan de ikoanen fan de punkbeweging en binnen dy streaming ûnder oare as piercing brûkt.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Safety pins


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: