[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Feanlyk

Ut Wikipedy
Feanlyk fan de frou fan Huldremose

In feanlyk is in yn it fean fûn oerbliuwsel fan in prehistoarysk minsklik lichem.

Troch de konservearjende wurking fan it fean (leech soerstofhalte en de soere omjouwing - feanwetter is soer) hawwe dizze liken de tiid treast en binne yn betreklik goede steat bewarre.

Earder waard wol tocht dat it om minsken gie dy't yn it moeras ferdwaald wiene. Tsjintwurdich wurdt oannomd dat sommige persoanen offere waarden. De oanwizingen dêrfoar binne bygelyks koarden om de hals en brutsen wringen.

Ek Tasitus skreau yn syn Germania al oer de gewoante om foarwerpen (bilen, swurden, amers) as offer yn it wetter te lizzen. Dy binne ek faak weromfûn. Dat der liket bewiis te wêzen dat ek de feanliken offers wienen. Fierder beskriuwt Tasitus hoe't terjochtstelden soms ferdronken waarden.

Holle fan de Man fan Tollund

By it turfstekken binne in soad feanliken fûn, ek yn Nederlân.

Bekende feanliken:

It Drintsk Museum in Assen hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge.

Bisten binne der net folle yn feangrûn fûn. In ferneamde fynst wie dy yn 1953 yn de omkriten fan it Sealterlân, de Turfhûn fan Burloage fan om 1544 hinne (± 67 jierren). (Ofbyld hjir)

  • Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Vereeuwigd in het veen: de verhalen van de Noordwest-Europese veenlijken. De Bataafsche Leeuw, Amsterdam 1996, ISBN 90-6707-405-5
  • Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Mens en moeras: veenlijken in Nederland van de bronstijd tot en met de Romeinse tijd. Archeologyske monografyen fan it Drintsk Museum 1, Drintsk Museum, Assen 1990, ISBN 90-70884-31-3

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bog bodies fan Wikimedia Commons.