[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Everlong

Ut Wikipedy
Everlong
algemiene ynformaasje
artyst Foo Fighters
album The Colour and the Shape
taal Ingelsk
sjenre Rockmuzyk
Hardrock
útbrocht 18 augustus 1997
opnommen Grandmaster Recorders, Hollywood
jannewaris-febrewaris 1997
doer 4:10
label Capitol
skriuwer Dave Grohl
produsint Gil Norton
fideoclip
Foo Fighters - Everlong
(Official HD Video)
resultaten
sertifisearre   Denemark goud,
Dútslân platina,
Itaalje platina
Meksiko2x platina+goud
Nij-Seelân 4x platina
Portegal platina
Grut-Brittanje 2x platina
Feriene Steaten 2x platina

Everlong is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 1997 en útbrocht op it twadde album fan Foo FightersThe Colour and the Shape út itselde jier. Everlong is it alfde nûmer op it album en waard op 18 augustus 1997 útbrocht as twadde single fan it twadde album.

Everlong waard skreaun troch Dave Grohl, wylst er yn skieding lei mei fotografe Jennifer Youngblood. Letter skreau er it komplete nûmer om de riff hinne neidat er fereale waard op Veruca Salt-sjongeres Louise Post.

Oer de fideoklip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip waard regissearre troch Michel Gondry, it is foar in part in parody op de film The Evil Dead. De fideo begjint yn swart-wyt, mei Smear en Mendel, ferklaaid as Teddy Boys, bûten in hûs dêr't Grohl en syn frou, spile troch Taylor Hawkins, sliepe. Yn de dream fan Grohl (yn kleur) is hy Sid Vicious op in feestje en wurdt Hawkins, as Nancy Spungen, lestich fallen troch Smear en Mendel.

Yn de dream fan Hawkins (ek yn kleur) sit syn personaazje yn in hutte in boek te lêzen, wylst Grohl bûten brânhout by inoar siket. Der ferskynt in hân fan ûnder in lûk yn de flier fan de kabine. Werom yn de dream fan Grohl falt er Smear en Mendel oan mei in fergrutte hân. Hy ferslacht se en se ferdampe (allinne om te materialisearjen yn 'e dream fan Hawkins). Grohl en Hawkins ûntsnappe út it selskip nei in keamer mei in enoarme telefoan, dy't lûd oergiet.

Grohl wurdt wekker yn harren sliepkeamer, dêr't harren echte telefoan oergiet. Hawkins, dy't Smear en Mendel besiket ôf te kearen yn de dream fan syn personaazje, bellet Grohl. Grohl nimt yn harren sliepkeamer de telefoan op en realisearret him dat Hawkins yn need sit yn Hawkin's dream.

Grohl kin Hawkins net wekker meitsje en falt wer yn sliep om Hawkin's dream binnen te gean en Hawkins te rêden. Grohl fynt in Nunchaku tusken de beamstammen dy't er yn de dream fan Hawkins by him draacht. Hy giet de hutte yn en hy en Hawkins oerwinne Smear en Mendel opnij. Grohl smyt de lichems yn in tichteby lizzende mar. Smear en Mendel ferskine dêrnei yn de sliepkeamer fan Grohl en Hawkins. Alle bandleden smite harren kostúms út en de fideo einiget mei it útfieren fan de rest fan it nûmer as harsels.

De drumpartijen fan it nûmer binne opnaam troch Dave Grohl, mar Taylor Hawkins dy't nei de opnamen fan it album by de band kaam is te sjen as drummer yn de fideoclip.

  • Dave Grohl – Sang, gitaar & drums
  • Pat Smear – Gitaar
  • Nate Mendel – Bas