Everglades
Everglades | ||
polityk | ||
soarte gebiet | moeras | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Floarida | |
grutste plak | Miami | |
sifers | ||
oerflak | 20.000 km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
koördinaten | 26°0′ N 80°25′ W | |
Kaart | ||
Lizzing yn de Feriene Steaten.
|
De Everglades (Ingelsk foar "Jimmermieden", dat wol sizze: "leechlein, sompich greidlân dat him sûnder ein útstrekt") is in krite fan tropyske moerassen yn 'e Amerikaanske steat Floarida. It gebiet hat in oerflak fan 20.000 km² en beslacht de súdpunt fan it Floaridaskiereilân. Ta de Everglades hearre û.m. it streamgebiet fan 'e rivier de Kissimmee, de mânske Okeechobeemar en de grutte stêdekloft fan Miami. It yn 1947 oprjochte Nasjonaal Park De Everglades beslacht mar in lyts (súdwestlik) diel fan 'e moeraskrite. In folle grutter diel is sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw drûchlein om minsklike bewenning en lânbou mooglik te meitsjen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Everglades lizze yn 'e Amerikaanske steat Floarida en beslane de súdlike útein fan it Floaridaskiereilân, dat fan it fêstelân fan Noard-Amearika nei it suden ta útstiket en sa mei de Grutte Antillen (Kuba en lytsere eilannen) de skieding foarmet tusken de Atlantyske Oseaan yn it easten en de Golf fan Meksiko yn it westen. Utsoarte foarmje de Everglades eins in reuseftich ûntwetteringsgebiet, dat healwei it skiereilân begjint, by de stêd Orlando. Súdlik dêrfan foarmje de Marrekeatling en de rivier de Kissimmee in ôfwetterssysteem dat reinwetter ôffierd nei it suden, dêr't it opfongen wurdt yn 'e grutte mar ûndjippe Okeechobeemar. Dêrwei hat it wetter trije wegen om nei see te kommen: fia de St. Lucie nei de Atlantyske Oseaan, fia de Caloosahatchee nei de Golf fan Meksiko, of, allinne yn it reinseizoen, fia in stadich streamende 'rivier' fan 100 km breed en 160 km lang fierder nei it suden fan it skiereilân, dêr't it yn 'e moerassen bedarret.
Foarhinne bestie de hiele punt fan it skiereilân fan 'e Okeechobeemar ôf út sompen en justjes drûgere, mar gauris splis steande prêrjes fan seachgers, mar yn 'e tweintichste iuw is in grut part fan it gebiet drûchlein, sadat fral by de eastkust lâns grutte stêden ûntstien binne, wêrûnder Miami, Miami Beach, Fort Lauderdale, Palm Beach, West Palm Beach en Boca Raton. Yn mindere mjitte jildt itselde foar de noardwestkust, mei plakken as Naples en Fort Myers. Fuort besuden de Okeechobeemar leit no in grutte krite dêr't lânbou plakfynt.
Wyldernis is no beheind ta restgebieten. Sa leit tusken it lânbougebiet by de Okeechobeemar en it noardlike diel fan 'e stêdekloft fan Miami it Nasjonaal Faunareservaat Loxahatchee ynklamme. It súdwesten fan it Floaridaskiereilân bestiet út twa oare natoergebieten: it Nasjonaal Park De Everglades, mei meast somplân, en it Nasjonaal Wyldreservaat Big Cypress, dat foar it grutste part út prêrje en bosk bestiet. Yn it suden wurde de Everglades begrinzge troch de Floaridabaai, dy't diel útmakket fan 'e Golf fan Meksiko. Yn it súdeasten foarmje de Tsientûzen Eilannen de ôffreding mei de iepen Golf fan Meksiko. Yn 'e Everglades lizze fiif Yndianereservaten: Big Cypress, Brighton, Hollywood, Immokalee en Miccosukee.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste minsklike bewenning fan 'e Everglades datearret, ynsafier bekend, fan 15.000 jier lyn. Yn 'e santjinde iuw, doe't de ierste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de krite oandiene, waard dy bewenne troch twa Yndiaanske folken, de Kalûsa (Calusa) en de Tekwesta (Tequesta). Doe't it gebiet troch de Spanjerts kolonisearre waard, rekke it mei dy beide groepen yn it neigean. Dat kaam net inkeld troch Jeropeeske sykten dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hiene, lykas de pokken en de mûzels, mar ek troch oarloch mei oare, noardliker wenjende stammen. Uteinlik waard de restpopulaasje fan 'e Tekwesta yn 'e achttjinde iuw evakuëarre nei Kuba, dêr't se assimilearre waarden troch de Kubanen. Ek de Kalûsa stoaren om dyselde tiid hinne út.
De Everglades waarden werbefolke troch de Seminoalen, in folk dat foar it meastepart in ôfspjalting fan 'e Kriik (Creek) yn Georgia wie, wêryn't ferskate lytsere stammen dy't oarspronklik noardlik Floarida bewennen, opgien wiene. Under de trije Seminoalske Oarloggen (1817-1858) waarden de Seminoalen troch it Amerikaanske Leger en blanke kolonisten tebekkrongen nei de Everglades, dêr't ûnder ynfloed fan 'e drege besteansomstannichheden yn 'e moerassen in nije kultuer ta bloei kaam.
Kolonisten op it Floaridaskiereilân stelden al yn 1848 foar it earst foar om 'e Everglades drûch te lizzen sadat it ûnlân, sa't it doe sjoen waard, tsjinst dwaan kinne soe as lânbougrûn. Dat kaam der doe noch net fan, mar yn 1882 waard al mei it earste drûchlizzingsprojekt úteinset. Oant yn 'e 1960-er jierren waarden almar mear kanalen troch de Everglades hinne oanlein om it oerstallige wetter ôf te fieren nei see. De ekonomy fan súdlik Floarida hie dêr baat by, mar it rjochte ûntychlike skea oan 'e natoer oan. Yn 1947 rjochte it Amerikaanske Kongres it Oerstreamingsbehearskingsprojekt foar Sintraal en Súdlik Floarida (CSFFCP) op, yn it ramt wêrfan't 2.300 km oan kanalen, diken en wetterkearings oanlein waard. Dielen fan 'e Everglades waarden omfoarme ta lânbougrûn, dêr't benammen sûkerreid ferboud waard, wylst oan 'e kusten almar úttynjende stêden ferriisden. Omtrint 50% fan 'e Everglades is op dy manear foar de natoer ferlern gien.
Yn 'e 1970-er jierren begûn men foar it earst serieus omtinken te skinken oan 'e skea dy't tabrocht wie oan it ekosysteem fan 'e Everglades. Yn dyselde snuorje wiisden de UNESCO en de Konvinsje fan Ramsar de Everglades oan as in 'Moerasgebiet fan Wrâldbelang'. De oanlis fan in grutte lofthaven op mar 10 km benoarden it Nasjonaal Park De Everglades waard tsjinkeard doe't út ûndersyk bliken die dat soks slimme skea oan it nasjonaal park tabringe soe. Doe't it bewustwêzen fan it belang fan 'e krite en de wurdearring foar it bestean fan sa'n natoergebiet hieltyd grutter waarden, sette men yn 'e 1980-er jierren útein mei maatregels om skea te reparearjen. Sa waard in kanaal dempt dat oanlein wie om 'e rivier de Kissimmee rjocht te meitsjen en krige de stream wer syn âlde, bochtsjende bêd.
Hjoeddeistige problematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande dat bestiet der noch altyd noed oer de Everglades. De minne kwaliteit fan it wetter yn 'e Okeechobeemar is yn ferbân brocht mei de delgeande libbenskwaliteit yn 'e stêdekloft fan Miami. Yn 2000 naam it Amerikaanske Kongres it Alomfetsjende Restauraasjeplan foar de Everglades (CERP) oan, dat sokke swierrichheden bestride moast. It wie doedestiden it grutste en djoerste plan foar natoerbeskerming út 'e wrâldskiednis, mar de útfiering rûn oan tsjin politike komplikaasjes.
In oar grut probleem dêr't de Everglades mei te krijen hawwe, is dat eksoaten (d.w.s. útlânske soarten) it gebiet ta har eigen makke hawwe. Wol 26% fan 'e soarten yn 'e Everglades bestiet út bisten en planten dy't dêr net thúshearre en dy't faak lânseigen soarten ferkringe. Foarbylden fan sokke eksoaten binne de wetterhyasint (Eichhornia crassipes), in wettereplant dy't de wetterwegen ferstoppet; de blauwe tilapia (Oreochromis aureus), in fisk dy't wetterplanten opfret dy't nedich binne om jonge lânseigen fiskjes beskutting te jaan; en de Birmeeske pyton (Python bivittatus), in wjirchslange dy't alles opfret dat er te pakken krije kin.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Everglades lizze op 'e râne tusken in tropysk en in subtropysk klimaat, mei gleonhjitte simmers en waarme winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 25,6 °C. De Everglades krije jiers trochinoar 1.457 mm delslach. Dy falt benammen yn it reinseizoen, dat rint fan ein maaie oant en mei begjin oktober.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|