[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Enno II fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
Enno II fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum ±1505
berteplak ?
stjerdatum 1540
stjerplak Emden
Greve fan Eastfryslân
regear 15281540
foargonger Edzard de Grutte
opfolger Anna fan Aldenburch (regintesse)

Enno II (om 1505 - Emden, 1540) wie greve fan Eastfryslân. Hy wie soan fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân.

De Luterske Enno II waard yn 1528 greve fan Eastfryslân en regearre in lang skoft mei syn katolike broer Jehan. Enno II hat wakker yn 't spier west foar de Luterske tsjerke yn Eastfryslân, dy't dêrtroch aloan grutter waard yn Eastfryslân.

Enno II die it minder goed as syn heit. Under it bewâld fan Enno II ferlear Eastfryslân it Jeverlân en Bûtjadingen. It Harlingerlân ferovere hy yn 1530, mar mei stipe fan de hartoch fan Gelre koe Baltasar Oomkens fan Esens op 'e nij haadling wurde yn it Harlingerlân.