Eilhardus Folkardus Harkenroth
Appearance
Eilhardus Folkardus Harkenroth (Emden, 15 maaie 1670- dêre, 28 febrewaris 1732) wie in predikant en skiedskriuwer.
Hy gie nei de latynske skoalle yn Emden en studearre dêrnei teology yn Grins, fan 1689 ôf yn Leien en lang om let yn Frjentsjer, dêr't yn 1691 mei in disputatio de Mediatore Mose ad Gal. III:19 ôfstudearre. Dêrnei waard er predikant yn Emden. Yn 1692 waard er predikant te Hamswerum, yn 1695 te Pilsum, yn 1697 yn Hinte en yn 1714 wer yn Emden.
Hy wie troud mei Maria Elizabeth de Lorie fan Leien, it pear krige twa bern.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Geschiedenissen behoorende tot de moederkerke in Emden en Oost-Friesland ... (1726)
- Eggerik Beninga, Volledige chronyk van Oostfrieslant. Behelsende niet alleenlik de historie van Oostfriesland, maer ook van alle nabuirige volkeren ten oosten en ten westen, besonder de allerseldsaemste geschiedenissen van het oude en hedendaegsche Friesland, zoo ten tyde des heidendoms, als zedert het is gekristent geworden,.. - Utj. Henrich Meybohm, Josua Beek en Hermannus Wolffram, 1723.
- Aanmerkingen nopens de Hervormde Huis- en Kruiskerken in Nederland. Uit de oude stukken, bewaert by de oude moederkerk van Nederlandt te Emden, samengestelt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |