[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dessau

Ut Wikipedy
Dessau
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Steat Saksen-Anhalt
Gemeente Dessau-Roßlau
Sifers
Ynwennertal 77.394 (2006)
Oerflak 182,81 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 420 / km²
Stêdekloft (2012)
Hichte 61 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.dessau-rosslau.de
Lizzing fan Dessau

Dessau wie in stedsdistrikt yn it easten fan de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. Oant 1945 wie Dessau de haadstêd fan de steat Anhalt. Op 1 july 2007 is it plak in part wurden fan de nije kreisfreie Stadt Dessau-Roßlau. It stedsdiel Dessau leit oan de iggen fan de rivier de Mulde, dy't benoarden de stêd útmûnet yn de Elbe.

Bauhauskollezje yn Dessau

De hannelsdelsetting ûntstie ein 12e iuw by de krusing fan lân- en wetterwegen by in tal forten oan de Elbe en de Mulde. De namme waard yn 1213 foar it earst neamd yn in oarkunde.

Yn de njoggentjinde iuw kaam dêr de yndustry opsetten. Yn de Earste Wrâldoarloch wie Dessau bekend as it plak dêr't de fleantugen fan Fokker makke waarden. Ek yn dy snuorje stichte Hugo Junkers syn fleantúchfabryk dêr, Junkers & Co.

Lykas in protte Dútske stêden waard ek Dessau oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch swier bombardearre troch de Alliearden. Ungefear 80 prosint fan de binnenstêd waard ferwoastge en de measte yndustry ek. Tusken 1949 en 1990 hearde Dessau by de DDR.

Dessau is fral bekend fan de keunsthegeskoalle Bauhaus. Dy ferhuze yn 1925 út Weimar wei nei it nij oplevere Bauhaus-gebou yn Dessau, dat wrâldferneamd waard yn de arsjitektuerwrâld. De hegeskoalle sels waard yn 1932 alwer nei Berlyn ferpleatst en yn 1933 fanwege de Nazys opheft.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In besite wurdich binne ûnder oaren it Slot Dessau, dêr't yndertiid de hartoggen wennen, en de Marijetsjerke út de 16e iuw.

Ferskaat oan objekten yn en om Dessau, lykas it Bauhausgebou en de Meisterhäuser dy't dêr by hearre, binne ûnderdiel fan it Dessau-Wörlitzer kultuerlânskip, dat yn 2000 op de wrâlderfgoedlist fan de UNESCO opnaam waard.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske kuierrûte E11 rint troch Dessau. De E11 rint fan De Haach nei it easten ta oant de grins Poalen/Litouwen.

Berne yn Dessau

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bining mei Dessau

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]