Dennis Wiersma
Dennis Wiersma | ||
politikus | ||
2022 | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 19 febrewaris 1986 | |
berteplak | Frjentsjer | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | List Ratelband, VVD | |
ficefoarsitter LSVb | ||
amtsperioade | 2009-2010 | |
foarsitter FNV Jong | ||
amtsperioade | 2011-2013 | |
Lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 2017-2021 | |
Steatssekretaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid | ||
amtsperioade | 2021-2022 | |
Minister foar Primêr en Fuortset Underwiis | ||
amtsperioade | 2022-2023 | |
offisjele webside | ||
Profyl op parlement.com |
Auke Dennis Wiersma (Frjentsjer, 19 febrewaris 1986) is in Nederlânske politikus foar de VVD.
Fan 10 jannewaris 2022 oant 22 juny 2023 wie er minister foar Primêr en Fuortset Underwiis yn it kabinet-Rutte IV, fan 10 augustus 2021 oant 10 jannewaris 2022 wie er steatssekretaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid yn it demisjonêre kabinet-Rutte III en fan 23 maart 2017 oant 2 septimber 2021 wie er lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiersma studearre sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins en wie dêr ek lid fan de fakulteitsried. Hy helle dêrnei in master bestjoer en belied oan de Universiteit Utrecht.
Tusken 2009 en 2010 wie Wiersma fisefoarsitter fan de Lanlike Studintefakbûn. Fan 2011 oant 2013 wie er foarsitter fan FNV Jong. Yn dy hoedanichheid wie er ek lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried. De beneaming fan Wiersma as jongereinfoarsitter by FNV krige in soad omtinken, om 't er al in pear jier lid wie fan de VVD en yn 2003 as 16-jierrige ferkiesber wie as kandidaat nûmer 17 by de List Ratelband ûnder oanfiering fan Emile Ratelband. Ek op oare punten kaam Wiersma mei de FNV-jongeren yn it nijs: sa pleite er by it telefyzjeprogramma Buitenhof foar in nij Akkoard fan Wassenaar.
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiersma wie kandidaat foar de VVD yn Utert by de gemeenteriedsferkiezingen fan 2014. Tusken 2013 en 2015 wurke hy as projektmanager Aanpak Jeugdwerkloosheid op it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en sûnt 2013 as programmamanager Maatschappelijke Agenda by PGGM. Dêrneist wurke er yn 2016 foar de Start Foundation, in organisaasje dy't minsken helpt dy't kwetsber binne op de arbeidsmerk.
De VVD sette Wiersma yn novimber 2016 op plak 11 fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen 2017. Nei syn beëdiging op 23 maart 2017 fierde Wiersma yn de Twadde Keamer it wurd oer ûnder oare it beropsûnderwiis, de AOW en wurknimmersfersekeringen. Fan oktober 2017 ôf, sûnt it oantreden fan it kabinet-Rutte III, wie Wiersma wurdfierder Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Ek hold er him yn it parlemint dwaande mei folwoekseneoplieding dêr't in libben lang leare by wie. Fan septimber 2019 ôf wie er wurdfierder Heger Underwiis & (Makro-) Ekonomy, en hold er him dwaande mei ûnder oare it stúdzjefoarskot, wittenskip en ynnovaasje.
Op 14 july 2021 waard er mei yngong fan 10 augustus fan dat jier beneamd ta steatssekretaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Hy joech syn Keamersit op 2 septimber 2021 oer nei opskuor oer de kombinaasje fan Keamerlid en steatssekretaris yn in demisjonêr kabinet.
Op 10 jannewaris waard er minister foar Primêr en Fuortset Underwiis yn it kabinet-Rutte IV, op 22 juny 2023 naam Wiersma ûntslach as minister foar ûnderwiis, nei klachten oer syn gedrach.[1]
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|