[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Debbie Reynolds

Ut Wikipedy
Debbie Reynolds
akteur
Debbie Reynolds yn 1986
Debbie Reynolds yn 1986
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mary Frances Reynolds
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 1 april 1932
berteplak El Paso
stoarn 28 desimber 2016
stjerplak Los Angeles
jierren aktyf 1948–2016
prizen Oscar, Golden Globe
offisjele webside
http://debbiereynolds.com/
Yn Singin' in the Rain briek se troch 1952
Debbie Reynolds yn 2013

Debbie Reynolds (El Paso, Teksas, 1 april 1932Los Angeles, 28 desimber 2016) wie in Amerikaansk aktrise, dûnser en sjongster.

Reynolds waard berne as Mary Frances Reynolds. Yn 1939 ferhuze de hûshalding nei Burbank yn Kalifornje. Dêr wûn se yn 1948 de Miss Burbank-ferkiezing. Dat foel op en se krige in kontrakt by de filmmaatskippij Warner Brothers Pictures. Dy joech har in nije namme en har earste lytse rollen yn films.

Yn 1952 krige Reynolds in rol yn de musikalfilm Singin' in the Rain. Se hie ûnderfining en koe net tapdûnsje en haadrolspiler Gene Kelly woe net dat se cast waard, mar se spile dochs mei en de film waard in grut súkses. Letter holden Kelly en ko-regisseur Stanley Donen altyd út dat Reynolds fan begjin ôf oan harren earste kar west hie.

Reynolds spile yn de rin fan karriêre yn goed fjirtich films. Hja spile ek de rol fan Bobby Adler, de mem fan Grace yn de sitcom Will & Grace. Se krige in Oscar foar har rol yn The Unsinkable Molly Brown en Golden Globes foar The Debbie Reynolds Show op telefyzje en de film Mothers.

Reynolds hat trije kear troud west: fan 1955 oant 1959 mei sjonger Eddie Fisher, fan 1960 oant 1973 mei Harry Karl en fan 1984 oant 1994 mei Richard Hamlett. Mei Fisher krige hja twa bern, aktrise Carrie Fisher en akteur/produsint Todd Fisher.

In dei nei't har dochter Carrie op 27 desimber 2016 stoar oan in hertoanfal, waard Reynolds net goed en opnaam yn it sikehûs. Se stoar op 28 desimber 2016.[1]

  • 1950, Aba Daba Honeymoon
  • 1957, Tammy
  • 1958, A Very Special Love

Tf-searjes (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1974, Busby Berkeley
  • 1999, Keepers of the Frame
  • 2002, Cinerama Adventure
  • 2007, Mr.Warmth: The Don Rickles Project
  • 2008, The Jill & Tony Curtis Story
  • 2008, The Brothers Warner
  • 2008, Fay Wray: A Life

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Actrice Debbie Reynolds, moeder van Carrie Fisher, overleden Algemeen Dagblad, 29 desimber 2016