[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Deade-Seerôlen

Ut Wikipedy
De Psalmerôle, oantsjut as 11Q5, mei in transkripsje.

De Deade-Seerôlen binne in samling fan 972 teksten dy't tusken 1946 en 1956 ûntdutsen binne te Khirbet Qumran, yn wat doedestiden noch it Britske mandaatgebiet Palestina wie en sûnt 1947 it Westjordaanlân neamd wurdt. De boekrôlen waarden fûn oan 'e noardwestlike kust fan 'e Deade See, dêr't se harren namme oan ûntliene. It is in fynst dy't fan grut histoarysk, religieus en taalkundich belang is, om't der de ierst oerlevere manuskripten by binne fan boeken dy't letter ta de kanon fan 'e Tenach, de joadske Bibel, komme soene te hearren, en dêrnjonken apokrife teksten dy't grut ynsjoch biede yn it ferskaat oan godstsjinstich gedachteguod fan it joadendom yn 'e lette Twadde-Timpelperioade.

De boekrôlen binne skreaun yn it Hebriuwsk, Arameesk, Gryksk en Nabateesk, almeast op perkamint, mar mei in lyts part op papyrus of brûns. Guon derfan binne slim oantaast troch tiid en waar, al mei it suver in wûnder hjitte dat se dochs noch sa lang sa goed bewarre bleaun binne. De manuskripten datearje allegear fan beskate tiden yn 'e perioade tusken 408 en 318 f.Kr. Brûnzene munten, dy't op itselde plak fûn binne, foarmje in trochgeande searje begjinnend mei Jehannes Hyrkanus (135-104 f.Kr.) en einigjend mei de Joadske Opstân (66-73 n.Kr.).

De boekrôlen binne tradisjoneel altiten assosjearre mei de joadske sekte fan 'e essenen, hoewol't dy assosjaasje yn 't lêstoan yn 'e kiif kommen is te stean, en saakkundigen no fan tinken binne dat it wierskynliker is dat de teksten ôfkomstich binne fan 'e Jeruzalimske preesters, sadokiten of oare, noch ûnbekende joadske sekten.

De Deade-Seerôlen kinne opdield wurde yn trije groepen. Yn it foarste plak binne der teksten dy't ek yn 'e Tenach foarkomme; dy beslane likernôch 40% fan 'e identifisearre rôlen. Oard binne der apokrife teksten dy't úteinlik net yn 'e joadske kanon opnommen binne, lykas Henoch, Jubileeën, Tobit, Jezus Sirach, Psalm 151, Psalmen 152-155, ensfh. Dy groep foarmet sa'n 30% fan 'e Deade-Seerôlen. De restearjende 30% is opmakke út sektaryske manuskripten (fan beskate streamings binnen it doetiidske joadendom), dy't foàr de ûntdekking fan 'e Deade-Seerôlen folslein ûnbekend wiene, lykas de Mienskipsregel, de Oarlochsrôle, it Kommentaar op Habakuk en de Regel fan de seiniging.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.