[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Puriteinske

Ut Wikipedy
De Puriteinske
algemiene gegevens
oarspr. titel The Puritan
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1606?
1e publikaasje 1607, Londen

De Puriteinske, yn it Ingelsk: The Puritan (eins folút: The Puritan, or: The Widow of Watling Street, en ek wol bekend as The Puritan Widow), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw, dat foar it earst publisearre waard yn 1607 en wierskynlik skreaun is yn 1606.

Op 'e foarside fan 'e earste útjefte fan De Puriteinske waard de skriuwer oanjûn as "W.S.", en dy inisjalen waarden yn 1656 troch Edward Archer yn syn opsomming fan toanielstikken identifisearre as steand foar William Shakespeare. Yn 1664 waard De Puriteinske troch útjouwer Philip Chetwinde tafoege oan syn twadde printinge fan 'e saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk, en sadwaande wurdt it stik tsjintwurdich ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, ek al binne moderne saakkundigen frijwol unanym yn har ôfwizing fan Shakespeariaansk auteurskip foar De Puriteinske.

Poer op grûn fan 'e inisjalen binne de obskuere ier santjinde-iuwske toanielskriuwers Wentworth Smith en William Smith wol neamd as de wiere auteur, mar út ûndersyk fan skriuwstyl en taaleigen is nei foarren kommen dat it stik nei alle gedachten ynstee skreaun is troch Thomas Middleton.

It toanielstik giet oer de puriteinske frou Plus, wa har man oft krektlyn kommen is te ferstjerren. Nettsjinsteande de strange leauwigens fan puriteinen, docht geandewei it stik bliken dat de hear Plus silger in earsten smjunt wie, dy't gjin skrupules hie om lykfolwa op glûpske wize jild ôfhandich te meitsjen. De skynhilligens fan 'e puriteinen is ien fan de haadtema's fan De Puriteinske, wat makke dat it stik yn syn tiid foar nochal wat trelit soarge.

It grutste part fan it stik giet oer in espeltsje ûnrant út de Londenske ûnderwrâld, ûnder lieding fan in George Pyeboard, dy't fan doel binne om mei in yngewikkeld plan ien fan harren út it tichthûs te befrijen en tagelyk frou Plus en har famylje op te lichtsjen. It slagget harren om har freon út 'e finzenis te heljen, en se krije frou Plus en ien fan har dochters hast sa gek dat se mei guon fan harren trouwe, mar krekt foar't de houliken sletten wurde, komt alles út, en de froulju beslute dan om te trouwen mei de manlju oan wa't se oarspronklik foarsein wiene, wylst de sympatike Pyeboard en syn helpers oan 'e lange earm fan de wet witte te ûntkommen, sadat de ein fan it stik in fleurige toan hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Chambers, E. K., The Elizabethan Stage (4 dielen), Oxford, 1923 (Clarendon Press).
  • Dunkel, W. D., Authorship of The Puritan, yn: Papers of the Modern Language Association, nû. 45, 1930.
  • Lake, David J., The Canon of Thomas Middleton's Plays, Cambridge, 1975 (Cambridge University Press).
  • Maxwell, Baldwin, Studies in the Shakespeare Apocrypha, New York, 1956 (King's Crown Press).
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater