[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Gordyk

Ut Wikipedy
De Gordyk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 7.430 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,30 km², wêrfan:
- lân: 13,13 km²
- wetter: 0,17 km²
Befolkingsticht. 558 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 00' N 6° 03' E
Offisjele webside
Degordykster.nl
Kaart
De Gordyk (Fryslân)
De Gordyk

De Gordyk (útspraak: 'De Gerdyk' of 'De Gedyk')[2] is in flekke oan de N392 yn de gemeente Opsterlân.

De Gordyk ûnstie as feankoloanje en wurdt fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart midstwa snien. It doarp hat in grut winkelbestân en leit oan de Turfrûte, dy't simmerdeis foar in soad toerisme soarget.

By De Gordyk hearre ek de buorskippen Koartsweagen en Easterein.

It is wat ynwennertal oanbelanget it grutste plak fan de gemeente Opsterlân, al stiet it gemeentehûs fan de gemeente yn it folle lytsere Beetstersweach. De Gordyk hat 7.430 (1 jannewaris 2023)[3] ynwenners.

De Marijetsjerke fan Koartsweagen, no in buorskip mar eartiids it memmedoarp fan 'e Gordyk

De Gordyk ûnstie op it doarpsgebiet fan Koartsweagen, tsjintwurdich in buorskip fan 'e Gordyk mar it wie it memmedoarp en it bestie al yn 'e 11e iuw. Eartiids lei De Gordyk midden yn 'e grutte heechfeangebieten fan Súdeast-Fryslân. It lân waard bewenne troch boeren dy't bokweet, hjouwer, rogge, earte, beanen, flaaks en krûden ferbouden. Fierders holden hja skiep en bijen. Kij waarden noch net folle holden. De Koartsweachster boeren sille faaks harren hea foar in diel helle hawwe út de lege lannen tusken De Tynje en Terwispel. Ek sille hja wol stikjes heide oanmakke hawwe yn en by de Gorrefeanen, dy't yn de rjochting fan it hjoeddeiske Jobbegea leinen. Dy Gorrefeanen waarden yn de 17e iuw troch de Hearen Kompanjons ôfgroeven. Benammen Jonker Dekema hie dêr in soad besit; Jonkerslân hie likegoed Dekema's lân hjitte kind. It ôfgraven fan it fean soarge foar in soad wurk en luts in soad minsken nei de doe tin befolke gebieten.

18e-iuwske gevels oan de Haadstrjitte

Foar it ferfier fan turf wie in kanaal nedich, dat yn 1630 foar it earst neamd waard. It trochgraven fan de Hegedyk wurdt as offisjeel begjin fan de feankoloanje De Gordyk sjoen. Der wie in hûs by de "Hooge wech" en al gau waarden dêr mear hûzen by boud. Oer it gat yn de dyk kaam in heechhout, dêr't turfskipkes mei strykte mêst ûndertroch farre koenen. Yn 1633 is sprake fan: "Seeckere huijs, seuen roede lang en twee voet breet, staende te corteswagen bij de hoogewech en de Heerensloot". Sa ûntstie De Gordyk tusken 1630-1640 as in feankoloanje tusken Koartsweagen en Terwispel op it krúspunt fan de Hege wei fan De Lemmer nei Grins en de Opsterlânske Kompanjonsfeart, dy't groeven waard om de Gorrefeanen oan te meitsjen. Yn 1673 waard fanwegen de strategyske lizzing foar de ferdigening fan Fryslân om de earste bebouwing fan De Gordyk in skâns oanlein. De kosten dêrfan moasten de ynwenners sels betelje. It kulturele sintrum "De Skâns" hat dêr syn namme oan oerholden.

De Gordyk, 1914

De Gordyk is in saneamde flekke en wie yn it ferline in plak dêr't guod ynfierd, opslein en ferhannele waard. In bynamme foar Gordyksters is dan ek "hantsjeklappers".

It doarp krige al gau in grutte middenstân en in sintrumfunksje foar de omkriten en ek de status fan flekke. Sûnt 1694 ôf is der alle wiken merk yn it doarp. Ek wie der in 'e maaitiid en de hjerst in feemerk. De boeren brochten harren bûter nei de Bûterwaach, no in kantoar, en harren nôt nei de Korenbeurs. Oant de jierren 1980 stie de Gordykster Merke noch bekend om syn feehannel. Mei de groei fan it plak groeide ek de yndustry. Der hawwe trije skipswerven, in touslaggerij, twa kalkûnen en fabriken foar it meitsjen fan berneweinen en lânbou-ark west. Troch de iuwen hinne bleau it memmedoarp Koartsweagen dêrfoaroer in boeredoarp.

Der wie yn de regio eartiids grutte earmoede en yn it boek "Lopen met Van Lennep" fan Geert Mak wurdt De Gordyk in no go area neamd, in rovershoale. De persoanen (Jacob van Lennep en Dirk van Hogendorp) yn it boek kamen op harren tocht net fierder as It Hearrenfean.
Domela Nieuwenhuis hie letter in soad oanhing in Súdeast-Fryslân en hat op útnoeging fan Rindert van Zinderen Bakker (1845-1927) regelmjittich op 'e Gordyk te sprekken west yn it gebou fan de sosjalisten. De Gordyk hat lang in 'read' doarp west.

Joadske mienskip en Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Joadsk monumint

Om't foar joaden op 'e Gordyk gjin beheinings wiene om harren dêr nei wenjen te setten, ûntstie der sûnt 1775 ek in joadske mienskip op 'e Gordyk. Om 1800 hinne wie de groep grut genôch foar in eigen gemeente; der waard yn Koartsweagen oan de Dwersfeart in stik lân oankocht foar in begraafplak en yn 1817 waard ek in synagoge boud. It tal joaden wie om 1870 hinne op syn heechst, doe't De Gerdyk sa'n 180 joadske ynwenners hie. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de mienskip aloan lytser en flak foar de Twadde Wrâldoarloch wennen der noch mar alve joaden op 'e Gordyk.[4] Yn de Twadde Wrâldoarloch hiene tsientallen joaden yn en om De Gordyk in ûnderdûkersplak, mar der binne 14 Gordykster joaden nei de ferneatigingskampen deportearre. De joadske gemeente is yn 1947 opheft en gearfoege mei dy fan Ljouwert. De synagoge is ôfbrutsen yn 1953; wol hat de gemeente Opsterlân it joadske begraafplak noch yn ûnderhâld.

Sûnt 1956 betinkt in stien oan de Tsjerkewâl 1 mei in fers fan Freark Dam de joadske slachtoffers.[5] Fierder binne der by de hûzen fan de 14 joadske slachtoffers stroffelstiennen lein.

Joadsk ynwennertal De Gordyk en omkriten
Jier 1798 1809 1840 1869 1899 1930
Ynwenners 39 70 153 186 137 47 [6]

Ofsjoen fan dat drama bleau it yn 'e oarloch relatyf rêstich op De Gordyk, alhoewol't der frijwat minsken yn it ferset aktyf wienen. Underwizer Jan Eisenga waard 5 maaie 1942 deasketten om't er as stipe oan de Maaiestaking de heiten en memmen oprôp om de bern fan skoalle thús te hâlden. Oan de foarjûn fan de befrijing hat der noch sjitterij west om de brêge yn de Haadstrjitte, dy't ferneamd is nei de doe omkommen Gerke Numan. Yn de besettingstiid waarden yn de omkriten ek in oantal alliearde fleantugen delsketten. In Amerikaanske bemanning fan seis persoanen waard beïerdige op it tsjerkhôf fan De Gordyk.

Om 1900 hinne stiene der noch seis yndustrymûnen:

  • De nôtmûne De Morgenster op it terrein fan de Metaalyndustry De Jong B.V.
  • In houtseachmûne oan de Mûnewâl fan Van der Sluis en Posthuma (dy mûne stiet no yn Makkingea).
  • De twadde nôtmûne oan de Mûnewâl.
  • In runmûne, dêr't ikebast meald waard ta run foar de learloaierij, stie oan de Tsjerkewâl.
  • De tredde nôtmûne De Vlieger stie oan 'e ein fan de Brouwers­wâl.
  • Dêr't no in wei lâns de Miente rint, stie nôtmûne De Hoop. De wei is hjir nei neamd.

Tusken de hjoeddeiske Badwei en de feart stie sûnt 1870 ek noch in spinnekop op it Mûntsjelân. It spinnekopke wie in besteand mûntsje dat earder noch op in oar plak stien hie en rekke yn de jierren 1922-1923 bûten gebrûk. Yn 1925 ferhûze it mûntsje nei it Iepenloftmuseum fan Arnhim, dêr't de spinnekop noch jimmeroan stiet.[7]

De Skâns is it multyfunksjonele sintrum foar it doarp. It doarp hat in Pleatslik Belang. De streekkrante fan De Gordyk hjit De Woudklank.

De fûneminten fan de eardere herfoarme tsjerke

De histoaryske tsjerke fan 'e Gordyk út 1683 oan 'e Tsjerkewâl rekke yn 1972 bûten gebrûk en is yn 1987 oant de fûneminten ôfbrutsen. De fermanje fan 'e Gordyk oan de Stasjonswei út 1939 is yn 2019 sletten. Fierder hawwe de folgjende tsjerkegenoatskippen op 'e Gerdyk in eigen tsjerke:

De Jehova's Tsjûgen hawwe in fergadergebou op 'e Gordyk.

Earder evangelisaasjegebou Eben Haëzer oan de Brouwerswâl 58

De basisskoallen De Tsjerne en De Vlieger binne sûnt 2015 ûnderbrocht yn in nije skoalle yn de wyk Loevestein. Sûnt 2018 hat de basisskoalle Flambou Trimbeets de namme De Treffer.

Der binne wol alve buertferienings: Boppewei, De Brouwer, Efter de Skoalle, Heerenacker/Langewal, De Klokkestoel, Koartswegen, It Labyrint, Loevestein, Mouterij/Rattelwacht, Spinnerij en Tsjerkewâl. Der binne ferskillende boartersplakken op 'e Gordyk.

Keunswurk Levende Ent fan Jaap van der Meij

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969* 1974 2004
Ynwenners 2.225 2.800 3.145 4.994 5.477 6.780
Jier 2015 2021
Ynwenners 7.384 7.325

(* nei gearfoeging mei Koartsweagen)

Begjin 1900 wienen der op De Gordyk mear as 100 (lytse) (húskeamer) kroegen en waard der op De Gordyk in eigen drank broud: Gerard Brons bearenburch en jenever. De brouwerij siet yn de Haadstrjitte en Brons bestiet noch altiten, mar wurdt no makke troch Boomsma BV yn Ljouwert. Yn de jierren 1970 hie De Gordyk it kafee "Double Barrel", dy útgeansgelegenheid is lykas diskoteek "de Overtoom" op itselde bedriuwenterrein sluten. De measte jongerein út De Gordyk geane no te "stappen" op It Hearrenfean, Drachten, Grins en bytiden ek Sânhuzen en Mearum. Yn it sintrum binne der noch in pear kroegen en inkelde ytgelegenheden.

Brouwerswâl
Museum Opsterlân

It Streekmuseum Opsterlân sit oan de Haadstrjitte. It wapen fan Opsterlân is ynstraten foar dit streekmuseum.

Ut doarpen fan 'e omkriten wei komme minsken faak nei De Gordyk foar wurk, winkels en de supermerken. De Gerdyk hat de winkelferiening WHI. It parkearen is fergees yn it sintrum.

Gruttere bedriuwen binne ûnder oare Rinsma, timmerfabryk de Vries en Van Wijnen Bou.

De RVS-produksjeôfdieling fan Stork RVS is ticht. Stork Fryslân - as ûntwerper en leveransier fan yndampers en drûgers - is oernomd troch Tetra Pak en yn febrewaris 2009 oergien nei It Hearrenfean. Wol is der noch it technologysintrum "CRO" - nije Tetra Pak-namme "PDC" oan de Wetterwille. Baarsma Wine Group is yn 2018 nei Zoetermeer ferhûze.

Mûnewâl

De Gordyk is mei de Brouwerswâl, Mûnewâl, en Langewâl oarspronklik as in lintdoarp bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart oanlein. De feart wurdt kruse troch de Haadstrjitte. Buerten as it Leantsje, De Helling en De Vlecke binne begjin jierren 1970 boud. Yn de jierren 1980 binne strjitten oanlein as de Spinnerij, Brouwerij, Wolkjimmerij, Weverij, Mouterij en Kûperij. Lêste projekt is plan Nij Loevestein, dat yn meardere fazes oplevere wurdt. Dy wyk bringt De Gerdyk en Lippenhuzen tichter nei elkoar ta. Troch de útwreiding fan 'e Gordyk is Koartsweagen oan De Gordyk fêstgroeid.

Sjoch fierder: de strjitten yn De Gordyk.

  • Commissie 350 jaar Gorredijk "De Vlecke Gorredyck" (1981)
  • Hans de Jong "Gorredijk in Vogelvlucht - Feiten en gedachten"
  • Hans de Jong Üit het album van Gorredijk" (1993)
  • Hans de Jong "Gorredijk te kijk"
  • L. van der Veen "Gorredijk van 1900 tot nu. De ontwikkeling van een voormalige Veenkolonie in woord en beeld"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee fan De Gordyk
  • J.J. Spahr van der Hoek en Joh. Frieswijk - De Vlecke Gorredyck, Fryske Akademy Ljouwert (2000)
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. De Gordykster.nl, oproppen 17 febrewaris 2023
  3. https://opendata.cbs.nl/statline
  4. Skiednis fan 'e Gordyk: Joadske skiednis fan 'e Gordyk
  5. 4en5mei.nl
  6. Webstee Joadsk Histoarysk Museum
  7. gorredijk-historie.nl

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje