[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dénia

Ut Wikipedy
Dénia
Bestjoer
Lân Spanje
Autonome regio Valencia
Provinsje Alicante
Sifers
Ynwennertal 41.733 (2018)
Oerflak 66,2 km²
Befolkingsticht. 630 / km²
Hichte 22 m
Oar
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC
Offisjele webside
www.denia.es

Dénia is in Spaanske gemeente, fiskersplak en baaiplak oan de Costa Blanca en leit benoarden Benidorm en besuden Valencia.

It kastiel fan Dénia liet Filips II fan Spanje sette.

Der is bewiis fan minsklike bewenning sûnt de prehistoarje en der binne Iberyske ruïnes op de hichten yn de omkriten fan Dénia. Yn de 4e iuw foar Kristus wie Dénia in Grykske koloanje fan Marseille of Empúries dy't neamd wurde troch Strabo as Hemeroscòpion. It wie in bûnsmaat fan Rome yn de Punyske Oarloggen en waard letter opnaam yn de Romeinske possessione mei de namme Dianum. Quintus Sertorius festige dêr in Romeinske marinebasis yn de 1e iuw f.Kr.

Fan 636-696, yn it Fisigoatysk Keninkryk fan Iberia, wie it de sit fan in biskop, ôfhinklik fan Toledo. Nei de islamityske ferôvering fan Iberia en de ûntbining fan it Kalifaat fan Kórdoba, waard Denia (doe Deniyya, دانياArabysk foar 'leechlizzend lân') de haadstêd fan in keninkryk dat Taifa regearre oer in part fan de Falensiaanske kust en Ibiza. De Slavyske slaven, saqaliba, slagge it om harren te befrijen en nei Taifa te rinnen. Taifa ferlear syn ûnôfhinklikens yn 1076, doe't it oermastere waard fan Ahmad al-Muqtadir, hear fan Zaragoza. Dat bleau sa oant de Almoraviden 1091 ynfoelen. De islamityske Arabieren wienen de oarspronklike bouwers fan it kastiel. De Frânsken, dy't de stêd fjouwer jier besetten yn de Spaanske Suksesjekriich, bouden it fannijs begjin 19e iuw.

De stêd waard 1244 ferovere troch de kristenen. Dêrtroch rekke de stêd yn de nederklits en bleau benei ûnbewenne nei it ferbaljen fan de moslims. Dénia waard letter opnij befolke fanwege de Falensiaanske regearing. 1431 waard de stêd besit fan de famylje de Sandoval en 1455 kaam er ûnder de Aragoneeske kroan. As markizaat út 1487, krige Dénia in protte privileezjes fan Francisco Gómez de Sandoval y Rojas, hartoch fan Lerma, in favoryt fan Filips III fan Spanje. Nei it dekreet fan útsetting fan de Moriscos (1609) folge in tiid fan ferfal, wêryn't 25.000 minsken it markizaat ferlieten. Sadwaande rekke de pleatslike ekonomy yn bot yn it delgean.

Dénia waard fannijs oankocht troch de Spaanske kroan yn 1803, wêrnei't de stêd in hieltyd wichtiger hannelshaven waard. Fan 1800 oant de tiid fan de Spaanske Boargerkriich yn de lette 30er jierren wie der in Ingelske mienskip fan rezinehannelers yn Dénia.

Yn Dénia oerwinterje in protte Nederlanners. Ek simmers is it in populêre fakânsjebestimming.

Boarne: INE; 1857-2011: folkstellingen

Stoarn yn Dénia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: