[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Chicago Union Station

Ut Wikipedy
Chicago Union Station
Chicago Union Station
Chicago Union Station
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 225 South Canal Street
koördinaten 41°52′43″ N 87°38′25″ W
arsjitektuer
stasjonskoade CHI
iepening 16 maaie 1925
boujier 1881; 1913-1925
sloopjier 1925
arsjitekt D.H. Burnham & Company
Graham, Anderson, Probst & White
boustyl neoklassisisme
monumintale status Chicago Landmark (2002)
oare ynformaasje
perrons 30
perronspoaren 24
offisjele webside
chicagounionstation.com
kaart
Chicago Union Station (Chicago)
Chicago Union Station

Chicago Union Station is in trein- en metrostasjon yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat tsjinnet as sintraal stasjon. It stasjonsgebou datearret fan 1925 en is troch it foarkommen yn ferskate bekende films ien fan 'e bekendste gebouwen fan Chicago. Ynklusyf de perrons en it ranzjearterrein beslacht it stasjon likernôch njoggen en in heal stedsblok, in oerflak dat lykwols foar it meastepart ûnder de grûn sit en oerboud is mei strjitten en wolkekliuwers. Chicago Union Station stiet bewesten de rivier de Chicago, oan South Canal Street, krekt bûten de Chicago Loop. It is eigendom fan 'e Chicago Union Station Company, in dochterûndernimming fan 'e Amerikaanske nasjonale spoarweimaatskippij Amtrak. Chicago Union Station tsjinnet as it knooppunt fan alle Amtrak-spoarlinen yn it Amerikaanske Midwesten en ek as begjin- en einpunt fan seis metrolinen fan Metra nei oare bestimmings yn 'e stêd.

Chicago Union Station hjit sa om't it oarspronklik in union station ("unystasjon" of "feriene stasjon") wie, dat troch ferskate ûnôfhinklike spoarweimaatskippijen yn gearwurking boud wie en brûkt waard.

Op 25 desimber 1858 sette de Pittsburgh, Fort Wayne and Chicago Railroad útein, dêr't in stasjonsgebou foar boud waard op it plak dêr't hjoed de dei Chicago Union Station stiet, oan 'e igge fan 'e rivier de Chicago. Op 7 april 1874 sleaten fiif ûnderskate spoarweimaatskippijen in oerienkomst om in nij union station te bouwen en mei-inoar te eksploitearjen. Dat earste Chicago Union Station moast oan Van Buren Street komme, krekt benoarden it oarspronklik Pittsburgh, Fort Wayne and Chicago Railroad-stasjon. De dielnimmende spoarweimaatskippijen wiene:

De Michigan Central Railroad, dy't yn Chicago it Great Central Station fan 'e Illinois Central Railroad brûkte, besleat al rillegau om him út 'e oerienkomst werom te lûken. De Chicago and North Western Railway, dy't net by de oerienkomst belutsen wie, naam serieus yn omtinken om him derby oan te sluten, mar seach dêr úteinlik fan ôf en behold ynstee it eigen Wells Street Station. Yn 1911 boude de Chicago and North Western de Chicago and North Western Passenger Terminal.

It oarspronklike Chicago Union Station, dat stie fan 1881 oant 1925.

De fjouwer oerbleaune dielnimmende spoarweimaatskippijen setten troch, en it earste Chicago Union Station gie yn 1881 iepen. It lange smelle stasjonsgebou seach út oer Canal Street en rûn fan Madison Street alhiel oant Adams Street. Spoarlinen kamen it stasjon út it suden wei yn en besloegen it lân tusken it stasjonsgebou en de rivier. Súd fan it stasjon wiene fiadukten boud wêrmei't Adams, Jackson en Van Buren Street oer de spoarlinen hinne rûnen, en dy't dêrnei oergiene yn brêgen oer de rivier de Chicago.

De groei fan it treinferkear en de winsk om mear stasjons op ien plak te konsintrearjen, late fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf ta foarstellen foar in útwreiding fan Chicago Union Station. Dêrta waard de Chicago Union Station Company foarme, in nij bedriuw dêr't alle spoarweimaatskippijen dy't it stasjon brûkten, oan dielnamen, útsein de Chicago and Alton Railroad. De Chicago Union Station Company soe eigner fan it nije stasjon wurde, wylst de Chicago and Alton it gebrûk derfan hiere soe. De planning en organisaasje fan 'e útwreiding wie yn 'e hannen fan 'e Pennsylvania Railroad, doedestiden de grutste spoarweimaatskippij fan 'e Feriene Steaten.

De iepening fan it nije Chicago Union Station yn 1925.

De bou fan it nije stasjonsgebou sette yn 1913 útein, mar waard ûnderbrutsen troch de Earste Wrâldoarloch, wylst ek stakings en tekoarten oan benammen stiel de bou parten spilen. Nei't it wurk yn 1919 ferfette wie, duorre it noch oant 1925 ear't it gebou klear wie en yn gebrûk nommen wurde koe. De offisjele iepening fûn plak op 16 maaie fan dat jier, wylst wurk oan inkele fiadukten noch trochgie oant yn 1927. Yn 't foar wie rûsd dat de kosten foar de útwreiding $65 miljoen berinne soene, mar úteinlik koste it $75 miljoen.

Under de Twadde Wrâldoarloch wie Chicago Union Station ien fan 'e wichtichste ferkearsknooppunten fan 'e Feriene Steaten. Der kamen en giene doe wol 300 treinen en 100.000 passazjiers deis, wêrfan't it meastepart út soldaten bestie. Nei de oarloch soarge de taname fan it tal auto's foar in skerpe ôfname fan it reizgjen mei de trein. Yn 1969 waard de oarspronklike stasjonshal sloopt om romte te meitsjen foar in modern kantoargebou, yn 'e kelder wêrfan't in nije stasjonshal oanlein waard. Yn 1970 waard de Amerikaanske nasjonale spoarweimaatskippij Amtrak oprjochte, dêr't û.m. de Pennsylvania Railroad yn opgie. Yn 1984 kocht Amtrak de oandielen op dy de Chicago, Milwaukee and St. Paul Railway en de Burlington Northern Railroad (rjochtsopfolger fan 'e Chicago, Burlington and Quincy Railroad) yn 'e Chicago Union Station Company hiene, en waard sa de memme-ûndernimming fan dat bedriuw.

De oarspronklike stasjonshal, dy't yn 1969 sloopt is.

It hjoeddeistige Chicago Union Station waard ûntwurpen troch D.H. Burnham & Company, in bedriuw dat bekendstie om syn haadarsjitekt Daniel Burnham, dy't lykwols kaam te ferstjerren foar't de bou úteinsette koe. De rjochtsopfolger fan it bedriuw, Graham, Anderson, Probst & White, foltôge it wurk oan it stasjon. Chicago Union Station waard ûntwurpen yn 1909, in jier nei't de T-Ford yn produksje nommen wie, en it wie ien fan 'e earste gebouwen wêr dan ek op 'e wrâld dat antisipearre op it tanimmende autoferkear. It stasjon omfette in stasjonshal, in monumintale Grutte Hal, loketten foar de ferkeap fan treinkaartsjes, perrons, wachtromten, bagaazjekeamers, winkels en restaurants, allegear op ien en deselde ferdjipping, mei in yndieling dy't bedoeld wie om it foar lju dy't der net bekend wiene sa maklik mooglik te meitsjen om it paad te finen. By de iepening yn 1925 wiene der ek in lytse klinyk, in kapel en in selleblok yn it gebou fêstige.

It haadgebou fan Chicago Union Station is in fjouwerkant, plotsk bouwurk yn neoklassisistyske styl, dat ien hiel stedsblok yn beslach nimt. De no âldfrinzich (of klassyk, ôfhinklik fan jins smaak) oandwaande arsjitektuer stiet yn skril kontrast mei de moderne glêzen wolkekliuwers dy't der letter omhinne boud binne. It stasjon hat grutte, brede pyldergongen oan 'e foarkant en is makke fan natoerstien, izer en moarmer. Massive stielene bôgen hâlde it dak op, en ferskate brede, ymposante treppens liede de passazjiers omleech nei de ûndergrûnske perrons.

De Grutte Hal.

It hert fan it stasjonsgebou wurdt foarme troch de Grutte Hal, dat de wichtichste wachtromte is, mei in oerflak fan 2.200 . Dy hat in plafon dat 34 m heech is, mei yn 'e midden in tûneferwulft mei in skylight. It wurdt omheech holden troch pylders fan Romeinsk moarmer dy't fersierd binne mei byldhouwurk en kapitelen fan gouden blêden. It plafon sels is fersierd mei dekorative rozetsjes. Unbidich grutte houtene sitbanken binne opsteld dêr't reizgers sitte kinne wylst se wachtsje op oanslutende treinen. In brede treppen liedt fan 'e Grutte Hal nei de stasjonshal, en ek binne út 'e Grutte Hal wei de beide oerdutsen portiken te berikken, dy't lju tsjin min waar beskermje moatte as se in taksy nimme wolle. Twa stânbylden fan Henry Hering sjogge op 'e reizgers del: dat binne Nacht, dy't in ûle op 'e earm hâldt, en Dei, dy't in hoanne op 'e earm hâldt. Se steane symboal foar it feit dat it stasjon fjouwerentweintich oeren deis yn gebrûk is.

Om 'e Grutte Hal hinne binne in soad oare romtes groepearre, dêr't restaurants, winkels en oare tsjinsten fêstige binne. Boppe de begeane grûn lizze inkele ferdjippings dy't op 't heden kantoaren fan Amtrak befetsje. It orizjinele bouplan omfette folle mear ferdjippings, dy't boppe de Grutte Hal in wolkekliuwer foarmje soene. Dat diel fan it gebou is lykwols nea ôfmakke.

In diel fan 'e restaurearre Burlington Room.

De Burlington Room, dy't noardwestlik fan 'e Grutte Hal sitewearre is, wie oarspronklik in wachtromte foar froulju. Doe't dy funksje net mear nedich achte waard, kaam de romte yn gebrûk as in opslachplak fan Amtrak. Troch de jierren hinne rekke de Burlington Room troch efterstallich ûnderhâld en wetterskea yn it neigean, en úteinlik waard de romte ûntromme en op 't slot dien. Yn novimber 2016 gie de Burlington Room wer iepen as in seal foar eveneminten, nei't er hielendal renovearre wie. De seal hat grutte pylders, wurdt ferljochte troch kroanluchters en omfettet fierder fjouwer muorreskilderings fan lânskippen en de orizjinele grutte spegel út 'e frouljuswachtromte.

It stasjonsgebou omfiemet ek in romte dy't yn 'e 1970-er jierren yn gebrûk wie as in restaurant fan 'e Fred Harvey Company. It restaurant waard lykwols yn 1980 by in brân ferwoastge, en de skansearre romte kaam neitiid leech te stean en waard ôfsletten, û.m. troch de sprongen ruten net te ferfangen, mar ynstee de finsters ticht te mitseljen. Pas yn 2018 besleat Amtrak om 'e romte te renovearjen mei it jild dat fertsjinne wie mei de ferkeap fan 'e parkeargaraazje. Der soe neitiid in iterij fan ferskate ferdjippings yn fêstige wurde, dy't neffens de planning yn 'e simmer fan 2020 iepengean soe.

Yn 'e 1990-er jierren waarden der op hap-snapbasis hjir en dêr yn it stasjonsgebou wat renovaasjes útfierd troch Lucien Lagrange Associates. Sa makken se wat ferbetterings oan 'e Grutte Hal, dêr't û.m. it skylight wer trochsichtich makke waard, dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch út foarsoarch swart ferve wie. Yn juny 2015 makke Amtrak bekend dat de renovaasje fan Chicago Union Station no echt oanpakt wurde soe, en dat lang ôfsletten romten iepenmakke wurde soene. Fierders waard moarmer helle út it oarspronklike stiengat by Rome om 'e ôfsliten treppens wer keapsjoch te meitsjen. Yn 2018 en 2019 waard foar $22 miljoen ynvestearre yn 'e restauraasje fan 'e Grutte Hal. Sa waard it ferware skylight folslein fernijd, sadat de ljochtfal mei 50 oant 60% fergrutte waard.

Ien fan 'e beide grutte treppens, dêr't sênes út films as The Untouchables opnommen waarden.

Yn 2018 kaam de Riverside Investment & Development Co. mei in oanpaste ferzje fan it oarspronklike bouplan, dy't foarseach yn 'e tafoeging fan sân nije ferdjippings boppe de Grutte Hal, dêr't 404 apparteminten húsfêste wurde soene. Dat plan, út 'e koker fan arsjitekt Solomon Cordwell Buenz, wie struktureel neat mis mei, want it stasjonsgebou is boud om it gewicht fan in wolkekliuwer te dragen. De oanbou (of eins 'opbou') soe beklaaid wurde mei glês en ljocht brûns, en alsa yn oansjen sterk ôfwike fan it oarspronklike stasjonsgebou. Ek wie it de bedoeling om 'e besteande ferdjippings boppe de Grutte Hal hielendal te renovearjen, en der 330 hotelkeamers te fêstigjen. It foarstel krige mingde reäksjes fan arsjitekten, kultuerbeskermers en it algemiene publyk. Arsjitektuerkritikus Blair Kanim omskreau it yn 'e Chicago Tribune as "banaal" en "topswier". In pear moanne letter waard besletten fan it plan ôf te sjen. Ynstee waard derfoar keazen om in penthouse boppe-op it stasjonsgebou ta te foegjen, dat sa fier tebekholden waard fan 'e râne, dat it fan 'e strjitte ôf net te sjen wêze soe. De hotelkeamers yn 'e besteande ferdjippings soene lykwols wol trochgean, en yn it plak fan 'e sân ekstra ferdjippings soe der in flatgebou fan fyftich ferdjippings komme dêr't de amper brûkte parkeargaraazje fan it stasjon stie.

Yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chicago Union Station is ien fan 'e bekendste gebouwen fan Chicago. Ek bûten de Feriene Steaten kenne in soad minsken it gebou (al witte se dat sels faak net), om't it brûkt is as dekôr yn ferskate populêre films. Benammen de Grutte Hal en de moarmerne treppens wurde troch regisseurs graach brûkt. De treppens binne bygelyks bekend út 'e ikoanyske sêne mei de sjitpartij en de omleech rôljende bernewein út 'e misdiefilm The Untouchables (1987), mei Kevin Costner, Sean Connery en Robert De Niro. Oare foarbylden fan films dy't (foar in diel) yn Chicago Union Station opnommen waarden, binne The Sting (1973), My Best Friend's Wedding (1997), Flags of Our Fathers (2006) en Public Enemies (2009).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.