[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Central Intelligence

Ut Wikipedy
Central Intelligence
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rawson Marshall Thurber
produsint Scott Stuber
Peter Principato
Paul Young
Michael Fottrell
senario Ike Barinholtz
David Stassen
Rawson Marshall Thurber
kamerarezjy Barry Peterson
muzyk Theodore Shapiro
Ludwig Göransson
filmstudio New Line Cinema
RatPac-Dune Entertainment
Perfect World Pictures
Bluegrass Films
Principato-Young Entertainment
distribúsje Warner Bros. Pictures (Fer. St.)
Universal Pictures (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Kevin Hart
byrollen Amy Ryan
Danielle Nicolet
Jason Bateman
Aaron Paul
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 10 juny 2016
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $217 miljoen

Central Intelligence is in Amerikaansk-Sineeske aksjekomeedzjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Rawson Marshall Thurber, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson (The Rock) en Kevin Hart. De titel is in ferwizing nei de CIA (Central Intelligence Agency, "Sintraal Ynljochtinge-agintskip"), hoewol't it, by wize fan wurdboarterij, ek oerset wurde kin as "Sintrale Yntelliginsje". It ferhaal giet oer in pear mannen dy't op deselde middelbere skoalle sitten hawwe en nei tweintich jier wer kontakt krije, wêrnei't ien fan harren, in saaie boekhâlder, troch de oare, in CIA-agint, tsjin wil en tank behelle wurdt yn in spionaazjesaak. Central Intelligence krige oer it algemien positive resinsjes, mei lof foar it aktearjen fan Johnson en Hart, hoewol't der krityk wie op it senario.

Yn 1996 organisearret in Amerikaanske middelbere skoalle in gearkomste fan alle learlingen en learaars yn 'e gymnastykseal om 'e stjeratleet fan 'e skoalle yn it sintsje te setten. Dat is Calvin Joyner, byneamd 'the Golden Jet', foar wa't de middelbere skoalle de bêste tiid fan syn libben is en wa't alles likegoed ôfgiet. Troch syn mei-learlingen wurdt er útkeazen as dejinge fan syn klasse dy't it wierskynlikst fan harren allegear slagje sil yn it lettere libben. Underwilens stiet de obese Robbie Wheirdicht, dy't gjin freonen hat en foar wa't de middelbere skoalle in hel is, yn 'e jongesklaaikeamer ûnder de dûs. In groepke aaklike narders skuort him dêrûnderwei en smyt him midden ûnder Calvin syn taspraak folslein neaken oer de flier fan 'e gymnastykseal, dêr't alle oare learlingen en sels de leararen yn lûd laitsjen útbarste. Inkeld Calvin en syn faam Maggie hawwe mei Robbie te dwaan, en Calvin jout him syn sportjack mei op 'e rêch de tekst "The Golden Jet" om syn neakenens te bedekken.

Tweintich jier letter, yn 2016, is Calvin Joyner in boekhâlder dy't ûntefreden is oer hoe't it libben foar him útpakt hat. Maggie, mei wa't er ûnderwilens troud is, wol him mei hawwe nei de reüny fan 'e middelbere skoalle, mar Calvin sjocht dat hielendal net sitten. Ek mei harren houlik rekket it troch Calvin syn hâlding yn it neigean, om't er Maggie alhiel net liket te wurdearjen. Maggie stelt ûnder in tillefoanpetear foar om yn houliksterapy te gean, en Calvin stimt dêrmei yn om't er net goed nei har harket. Hy sit nammentlik ûnderwilens op Facebook te prutsen, dêr't er in befreoningsfersyk krigen hat fan in Bob Stone, in namme dy't er net ken. Om't er ôflaat wurdt troch syn petear mei Maggie, klikt er op 'tastean', mei as gefolch dat Bob Stone him berjochtsjes stjoere kin, wêrfan't der fuort tsientallen binnenkomme. As Calvin him freget wa't er is, docht bliken dat it Robbie Wheirdicht is, dy't ûnderwilens in oare namme oannommen hat. Hy nûget Calvin út om him dy jûns yn in bar te moetsjen, en Calvin beslút dêrop yn te gean.

Yn 'e bar wurdt Calvin opwachte troch in reuseftige spierbondel fol selsfertrouwen, dy't sûnder swierrichheden fjouwer man útskeakelet as der slaanderij útbrekt. Calvin kin suver net leauwe dat Bob Stone deselde is as de grouwe, bangige Robbie Wheirdicht dy't him noch bystiet fan harren middelbere-skoalletiid. Stone hellet Calvin oer om in ritsje op syn motor te meitsjen, en as er him letter by syn hûs ôfleveret, is Calvin sa dom om te sizzen: "As der ea ris wat is dat ik foar dy dwaan kin, dan joust mar in gil." Stone giet dêr fuortendaliks op yn en lit Calvin, mei syn boekhâlderskennis, nei guon transaksjes op in mei in koade befeilige webside sjen. Calvin ken dêr in feilingsite yn werom dêr't foar miljoenen dollars omgeane út alderhanne fertochte lannen, lykas Noard-Koreä, Iraan en Syrje. It úteinlik bod op wat der dan ek mar ferhannele wurdt, sil de folgjende deis útbrocht wurde. As er Stone dêroer ûnderstean wol, ûntwykt dy syn fragen, mar ûnderwilens wit er Calvin wol safier te krijen dat er op syn bank sliepe mei.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns stiet der in team fan CIA-aginten ûnder lieding fan Pamela Harris by Calvin foar de doar. Harris fertelt him dat Stone in gefaarlike âld-agint fan 'e CIA is dy't lânferrie dien hat troch de supergeheime tagongskoades fan alle spionaazje- en militêre satelliten fan 'e Feriene Steaten te stellen, dy't er no fia it ynternet oan 'e heechste bieder besiket te ferkeapjen. Om dat dwaan te kinnen, hat er syn eigen partner, CIA-agint Phil Stanton, fermoarde. Mar Stone, dy't noch op 'e bank lei te sliepen doe't Calvin nei de doar gie, blykt fuort te wêzen as er de CIA-aginten deryn lit. As Calvin letter op syn wurk is, falle Harris-en-dy ek dêr binnen om't se ynljochtings hawwe dat Stone dêr sjoen is. Wylst Harris en har aginten de yngongen bewekje, docht bliken dat Stone al binnen is as er yn Calvin syn kantoar opdûkt. Hoewol't Calvin him dúdlik te kennen jout dat er fierders neat mei de saak te krijen hawwe wol, wurdt er der troch Stone tsjin wil en tank by belutsen. Troch syn eigen knoffelige hâlden en dragen jout er Harris de yndruk dat er in hantlanger fan Stone is.

De beide mannen witte oan 'e CIA-aginten te ûntkommen, wêrnei't Stone oan Calvin útleit dat net hy, mar in oare CIA-agint, mei de koadenamme 'Black Badger' ("Swarte Das"), de satellytkoades stellen hat. Hy wit lykwols net wa't dat is, wat betsjut dat er nimmen binnen de CIA noch fertrouwe kin. Dêrom, en om't Harris derfan oertsjûge is dat hysels Black Badger is, sit der foar him neat oars op as om op eigen manneboet te besykjen en hâldt de ferkeap fan 'e satellytkoades tsjin. Stone wol dat Calvin him dêrby helpt, om't Calvin syn iennichste freon op 'e middelbere skoalle wie. Calvin naait lykwols út sadree't er syn kâns skoan sjocht, en bejout him nei de earste sesje fan 'e houliksterapy dy't Maggie foar harren regele hat. Underweis wurdt er oanholden troch Harris-en-dy. Aginte Harris akseptearret syn ferhaal dat al syn eardere help oan Stone by fersin gie, en se jout him in GPS-tracker mei in knop dy't er yndrukke moat sadree't Stone wer opdûkt, sadat de CIA him oppakke kin. As Calvin, te let, arrivearret foar de houliksterapy, ûntdekt er dat Stone him foardocht as de houliksterapeut. Om't er Maggie tsjin eltse priis bûten de saak hâlde wol, is Calvin twongen om it spultsje mei te spyljen, oant er syn nocht kriget en sa útfart tsjin 'e ûnprofesjonele en folle-easkjende 'houliksterapeut', dat Maggie lulk fuortrint.

Calvin driget op 'e knop fan 'e GPS-tracker te drukken, mar Stone bepraat him om him te helpen. Se geane nei Trevor Olson, in abbekaat dy't tagong krije kin ta de offshore-bankrekken foar de ynternetfeiling, sadat se de lokaasje te witten komme kinne dêr't de USB-stick mei de satellytkoades fysyk oerdroegen wurde sil oan 'e heechste bieder. Calvin en Stone kenne Trevor noch fan 'e middelbere skoalle, dêr't Trevor de oanfierder wie fan it groepke narders dat it libben fan 'e jonge Robbie Wheirdicht ta in hel makke. As se him opsykje, makket Trevor harren earst wiis dat er God fûn hat en dat er freeslike spyt hat fan syn hâlden en dragen op 'e middelbere skoalle. As se him op syn wurd leauwe, barst er lykwols yn laitsjen út, jout ta dat it hiele ferhaal liigd wie, en begjint Stone wer te narjen. Calvin ferwachtet dat Stone mei him ôfweve sil sa't er dat ek die mei de mannen yn 'e bar, mar Stone ferstivet hielendal en naait dan út.

Underwilens skillet Harris Calvin op en driget dermei om Maggie te arrestearjen as er har net helpt om Stone op te pakken. Mei tsjinnichheid ferriedt er dan Stone, en de CIA arrestearret him en nimt him en Calvin mei nei in geheime basis dêr't Harris Stone begjint te marteljen om him ta in bekentenis te twingen. Dat giet Calvin fierstente fier, dat hy betinkt him en helpt Stone om te ûntsnappen. Mei de ynformaasje dy't Trevor harren jûn hat, ûntdekke se dat de satellytkoades yn Boston oan 'e heechste bieder oerdroegen wurde sille, dat se stelle in priveefleantúchje om dêr op 'e tiid komme te kinnen. It plak fan oerdracht blykt in parkearkelder ûnder in park te wêzen, dêr't Stone allinnich nei binnen ta giet. As Calvin letter lykwols sjocht dat Harris-en-dy dêr ek arrivearje, nimt er oan dat sy Black Badger is, en giet er syn maat efternei om him te warskôgjen. Dêrby ûnderbrekt er Stone syn ûnderhannelings mei de heechste bieder, oan wa't er besiket wys te meitsjen dat hy Black Badger is. Stone sjit Calvin del, wêrby't it liket as sjit er him dea, mar eins is it inkeld in skampskot oan de sydkant fan 'e hals.

As de deawaande Phil Stanton arrivearret, de âlde partner fan Stone dy't Stone fermoarde hawwe soe, beweart dy ek dat er Black Badger is. De heechste bieder en syn trewanten, dy't net beoardielje kinne wa't de echte Black Badger is, besykje mei geweld de USB-sticks fan sawol Stone as Stanton ôf te pakken, mar krekt op dat stuit kringe Harris en har CIA-aginten de parkearkelder yn, mei in sjitpartij as gefolch. Dêrby falle de beide USB-sticks op 'e grûn, en Calvin wit se te gripen en nei bûten te draven. Hy wurdt efterfolge troch Stone en Stanton, dy't mei-inoar op 'e fûst geane. Calvin hat ûnderwilens in fallen pistoal bemachtige, en om't er net mear wit wa't er leauwe moat, docht er de eagen ticht foar't er yn it wylde wei op 'e fjochtsjende mannen sjit. Dêrby sjit er Stone del, wêrnei't Stanton him betanket en him fertelt dat hy de echte Black Badger is en dat Stone ûnskuldich is. It docht lykwols bliken dat Stone net deasketten is, sa't Stanton mient, mar inkeld yn ien fan syn stuten rekke is. As Calvin Stanton ôfliedt, falt Stone him fan efteren oan en deadet him.

Nei't se de USB-stick mei de satellytkoades by Harris ôflevere hawwe, wurde Calvin en Stone mei de helikopter weromflein nei Calvin syn wenplak, dêr't se noch krekt op 'e tiid arrivearje foar de reüny fan harren middelbere skoalle. Stone leit alles út oan Maggie, dy't Calvin dan syn nuvere hâlden en dragen ferjout. Op 'e reüny blykt dat Stone ta Homecoming King keazen is, eat dat witwat foar him betsjut (mar Calvin jout oan Maggie ta dat er ûnder it ritsje yn 'e helikopter it kompjûtersysteem fan 'e middelbere skoalle hackt hat om 'e útkomst fan 'e stimming te feroarjen; eins wie hysels ta Homecoming King keazen). Trevor Olson besiket Stone op 'e nij te narjen, mar diskear slacht Stone him bewusteleas. As Stone syn taspraak as Homecoming King jout, werbelibbet er it pynlikste momint út syn middelbere-skoaltiid, troch ûnderwilens fol selsfertrouwen al syn klean út te dwaan. Hy ferlit dêrnei it poadium om neaken mei Darla McGuckian te dûnsjen, it famke dêr't er op 'e middelbere skoalle fereale op wie.

Central Intelligence einiget mei in epiloochsêne, dy't in jier letter spilet. Maggie is swier fan Calvin en har earste bern en swaait Calvin út foar syn earste wurkdei by syn nije wurkjouwer: de CIA. Hy wurdt bûtendoar opwachte troch syn nije partner Bob Stone, mei wa't er nei harren mienskiplike wurk ride sil.

Dwayne Johnson.
Kevin Hart.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Robbie Wheirdicht / Bob Stone Dwayne Johnson (The Rock)
Calvin Joyner Kevin Hart


byrollen
personaazje akteur/aktrise
CIA-aginte Pamela Harris Amy Ryan
Maggie Joyner Danielle Nicolet
Trevor Olson Jason Bateman
CIA-agint Phil Stanton Aaron Paul
de jonge Robbie Wheirdicht Sione Kelepi
Steve Ryan Hansen
CIA-agint Nick Cooper Timothy John Smith
CIA-agint Stan Mitchell Tim Griffin
de heechste bieder Thomas Kretschmann
Jared, befeiligingsbeämte op it fleanfjild Kumail Nanjiani
servearster yn bar Megan Park
de jonge Trevor Olson Dylan Boyack
Darla McGuckian Melissa McCarthy (kameo)

Central Intelligence waard regissearre troch Rawson Marshall Thurber, ek bekend fan ûnder mear We're the Millers (2013). It senario waard skreaun troch Ike Barinholtz en David Stassen, mei wat oanpassings troch Thurber sels. De preproduksjefaze rûn al fan 2010 ôf. As produsinten wiene by Central Intelligence belutsen: Scott Stuber, Peter Principato, Paul Young en Michael Fottrell, foar de filmstudio's New Line Cinema, RatPac-Dune Entertainment, Bluegrass Films, Principato-Young Entertainment en it Sineeske Perfect World Pictures. Barry Peterson fierde de kamerarezjy, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Theodore Shapiro en Ludwig Göransson. Foar de film wie in budget fan $50 miljoen beskikber.

De opnamen setten op 6 maaie 2015 útein op lokaasje yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Oare filmlokaasjes wiene ferskate plakken yn Massachusetts, wêrûnder Boston, Burlington, Lynn, Middleton, Winchester en Quincy. De lêste filmdei foel yn july 2015. Om 'e film te promoaten, fierden haadrolspilers Dwayne Johnson en Kevin Hart op 'e set in Instagram-oarloch tsjin inoar. De filmdistribúsje waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros., en om utens troch Universal Pictures. Central Intelligence gie op 10 juny 2016 yn premiêre yn Los Angeles, wêrnei't er op 17 july fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 13 septimber 2016 kaam de film út as download fia it ynternet, en op 27 septimber waard er publisearre op dvd en blu-ray.

Central Intelligence krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa skreau Keith Phipps yn Uproxx: "It komt del op it soarte luchtige, net folle-easkjende komeedzje dat kreas yn 'e simmermoannen past, en dat it geweldich docht yn werhellings sûnder ein op 'e keabeltillefyzje." Net eltsenien wie der lykwols sa oer te sprekken. Peter Travers joech de film yn it tydskrift Rolling Stone twa fan fjouwer stjerren, en skreau: "As jo ferwachtsje dat de ferhaallinen ta in gearhingjend gehiel spûn wurde, sitte jo yn 'e ferkearde filmseal. Central Intelligence nimt altyd de loaie oplossing. Je geane der inkeld yn mei om't Hart en Johnson wat ûnthjitten hawwe dat se net wiermeitsje kinne: in film dy't like grappich is as dat se sels binne."

Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club hie ek in soad krityk op Central Intelligence, dat neffens him "sûnder warskôging wikselet tusken in slakkegonkje en sa'n ûnbidige faasje dat net mear by te hâlden is wat der bart, mei hielendal gjin inkele stân dêrtuskenyn." Yn syn konklúzje omskreau er de film as in "rommelige […] farse, dy't tagelyk in warskôgingsferhaal foar studio's is oer wêr't it misbeteare kin mei komeedzjes."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Central Intelligence in ridlik goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 184 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, passe Dwayne Johnson en Kevin Hart as komysk pear goed byinoar; dat "helpt Central Intelligence in senario te oerwinnen dat it oankomme lit op harren oansjenlike ûnderlinge gemy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Central Intelligence in goedkarringspersintaazje fan mar 52%, basearre op 35 resinsjes.

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Central Intelligence yn 'e bioskopen $127,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $89,5 miljoen. Yn totaal kaam de opbringst dêrmei út op $217 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $167 miljoen, hoewol't dêr de reklamekosten noch fanôf lutsen wurde moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Central Intelligence benammen konkurrinsje fan de animaasjefilm Finding Dory, dy't tagelyk iepene.

Central Intelligence waard nominearre foar in Critics' Choice Award en in People's Choice Award foar bêste komeedzjefilm, en foar in Teen Choice Award foar favorite simmerfilm. Dwayne Johnson waard nominearre foar in Critics' Choice Award en in People's Choice Award foar bêste akteur yn in komeedzje, en foar in Teen Choice Award foar favorite akteur yn in simmerfilm. Kevin Hart wûn foar syn rol as Calvin Joyner de People's Choice Award foar bêste akteur yn in komeedzjefilm en de Teen Choice Award foar bêste akteur yn in simmerfilm. Hart en Johnson tegearre wûnen de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite bêste freonen yn in film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.