[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Celle

Ut Wikipedy
Celle

De lizzing fan 'e gemeente Celle yn de lânkring Celle
flagge wapen
polityk
lân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
lânkring Celle
grutste plak Blumhage
tal stedsdielen 17
sifers
ynwennertal 69.399 (2018)
oerflak 175,04 km²
befolkingstichtens 396 / km²
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52° 37´N 10° 04´E
webside www.celle.de

Celle is in stêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en de haadstêd fan de lânkring Celle. De stêd leit oan de rivier Aller en foarmet de súdlike poarte nei de Lüneburger Heide. Celle is ien fan de sân Große selbständige Städte yn Nedersaksen.

De binnenstêd fan Celle hat mear as 400 fakwurkhuzen; de âldsten binne út de 15e iuw. It sintrum fan Celle waard sparre fan bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich.

Op 23 km benoarden Celle leit Bergen, koart foar en yn de oarloch lei dêr it konsintraasjekamp Bergen-Belsen.

Oan de súdwestkant fan de stêd it fleanfjild Wietzenbruch, dêr't tsjin it ein fan de jierren 1940 wei in loftbrêge nei Berlyn ûnderhâlden waard.

De stêd Celle is njonken in stêd ek in gemeente en neffens de Nedersaksyske gemeentewet te ferdielen yn de folgjende stedsdielen:

Stedsdiel Ynwenners (sifers 2016) Oerflak / km² Ynwennertal / km²
Altencelle 4.804 24.280 198
Altenhagen 856 7.102 121
Blumlage (de binnenstêd) 8.374 4.011 2.088
Bostel 602 5.359 112
Boye 841 8.449 100
Garßen 2.725 32.891 83
Groß Hehlen 2.846 14.950 190
Hehlentor 7.746 3.530 2.194
Hustedt 558 14.198 39
Klein Hehlen 5.795 4.997 1.160
Lachtehausen 642 7.461 86
Neuenhäusen 7.951 2.970 2.677
Neustadt/Heese 10.728 10.216 1.050
Scheuen 1.047 13.093 80
Vorwerk 3.185 3.894 818
Westercelle 6.936 7.967 871
Wietzenbruch 4.837 10.671 453
Meiïnoar 70.473 176.045 400

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]