[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Catherine Bach

Ut Wikipedy
Catherine Bach
akteur
Catherine Bach yn 2007.
Catherine Bach yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Catherine Bachman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 maart 1954
berteplak Warren (Ohio)
etnisiteit Dútsk
Meksikaansk
jierren aktyf 1974 – no
offisjele webside
www.catherinebach.com

Catherine Bach (echte namme: Catherine Bachman; Warren (Ohio), 1 maart 1954), is in Amerikaansk aktrise fan mingd Dútsk en Kalifornysk-Meksikaansk etnysk komôf. Hja is fral bekend wurden troch har ikoanyske rol as Daisy Duke yn 'e Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, út 'e earste helte fan 'e jierren tachtich. Sûnt 2012 makket Bach diel út fan 'e fêste cast fan 'e soapsearje The Young and the Restless.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Catherine Bach waard yn 1954 berne yn Warren, yn 'e steat Ohio, as de dochter fan Bernard Bachman, in rancher fan Dútsk komôf, en Norma Jean Verdugo Kucera, in akupunkturiste dy't in telch wie út it Verdugo-laach, ien fan âldste famyljes fan Spaansktalige kolonisten yn Kalifornje (de saneamde Californios). Bach waard grutbrocht op in grutte feepleats yn Súd-Dakota, dêr't se yn 1970 har middelbere-skoaldiploma helle yn Rapid City. Neitiid studearre se keunstskiednis oan 'e Universiteit fan Kalifornje (UCLA) yn Los Angeles, dêr't se by wize fan bybaantsje klean naaide foar freonen en teäterselskippen.

Catherine Bach as Daisy Duke yn The Dukes of Hazzard.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bach belibbe har debút as aktrise yn in toanielopfiering fan The Sound of Music, as ien fan 'e bern Von Trapp. Har filmdebút makke se yn The Midnight Man, in detektivefilm út 1974 mei Burt Lancaster, dy't yn 1973 opnommen waard yn Opper-Súd-Karolina. Bach spile yn dy film de fermoarde studinte Natalie Claiburn.

Nei noch ferskate oare lytse roltsjes waard Bach yn 1978 cast yn 'e tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, yn 'e rol fan Daisy Duke, it ferliedlike nichtsje fan 'e neven Bo en Luke Duke (spile troch John Schneider en Tom Wopat), dy't de korrupte county-kommissaris Boss Hogg en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane altyd te fluch ôf wiene. Op har audysje foar dy rol ûntdiek se dat de betinker en makker fan 'e searje, Gy Waldron, Daisy Duke seach as in soarte fan kloan fan countrysjongster Dolly Parton. Hoewol't Bach perfoarst net op Parton liek (se wie in brunette, wylst Parton blûn hier hie, om mar wat te neamen), makke se sa'n yndruk, dat se daliks oannommen waard. De kostúmideeën fan 'e Waldron-en-dy stiene Bach lykwols net oan, dat se kaam by de earste opnamen opdaagjen op hege hakken en yn in eigenmakke T-shirt en in spikerbroek dêr't de boksen ôfknipt wiene – en sa waard Daisy Duke berne. The Dukes of Hazzard waard in ûnbidich súkses, en rûn 7 tillefyzjeseizoenen, fan 1979 oant 1985. Bach, dy't útgroeide ta sekssymboal, wie foar in grut part ferantwurdlik foar dat súkses; doe't se as Daisy Duke foar in poster posearre, waarden dêr 5 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Se liet yn dy tiid har skonken fersekerje foar $1 miljoen.

Nei't The Dukes of Hazzard yn 1985 stopset wie, foel Bach lykwols yn in grut gat. Se waard jierrenlang allinne mar typecaste yn rollen dy't as twa drippen wetter op Daisy Duke lieken. It nivo fan súkses dat hja mei The Dukes of Hazzard hân hie, koe hja nea wer belykje. Bach bleau lykwols wurksum as tillefyzje- en filmaktrise, en fertolke fral gastroltsjes en oare lytsere rollen. Yn 2002 brocht se in eigen merk diamanten juwielen út by de warehûskeatling Debenhams. Yn 2012 krige se in fêste rol as Anita Lawson, yn The Young and the Restless, in soapsearje op 'e Amerikaanske stjoerder CBS.

Bach wie fan 1976 oant 1981 troud mei David Shaw, de styfsoan fan aktrise Angela Lansbury. Dat houlik einige yn in skieding. It wie trouwens Shaw dy't Bach oan har audysje foar The Dukes of Hazzard holp. Yn augustus 1990 wertroude Bach mei Peter Lopez, in abbekaat foar de Amerikaanske entertainmentyndustry. Mei him krige se twa bern, har dochters Sophia en Laura. Op 30 april 2010 waard Lopez dea fûn nei't er him blykber tekoart dien hie mei in pistoal.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.