[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Carmarthen

Ut Wikipedy
Carmarthen
Caerfyrddin
Carmarthenshire County Council
Carmarthenshire County Council
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Steat Wales
Greefskip Carmarthenshire
Sifers
Ynwennertal 14.648 (2001)

Carmarthen (Welsk Caerfyrddin - caer is fort + Myrddin, Moridunum, Merlyn ) is it haadplak fan it greefskip (county) Carmarthenshire yn Wales. It plak leit oan de Towy, dy't 13 km súdliker yn de Baai fan Carmarthen mûnet, en hat sa'n 13.148 ynwenners.

Doe't Brittanje in Romeinske provinsje wie, wie Carmarthen it haadplak fan de Demeten en hie de namme Moridunum (d.i. seefersterking). Carmarthen is faaks de meast âlde stêd fan Wales dy't al by Ptolemeus foarkomt. Yn de midsiuwen wie Carmarthen strategysk fan sa'n belang dat de Noarman William fitz Baldwin dêr fermoedlik om 1094 hinne in kastiel boude. Carmarthen waard ek de earste bewâle stêd fan it midsiuwske Wales. Yn 1405 waard de stêd oermastere troch Owain Glyndŵr. Neffens guonts waard Merlyn de tsjoender ûnder Carmarthen berne. De namme Merlyn soe dan in feringelsking fan Myrddin wêze.

Fan de 16e iuw oant de 18e iuw hie Carmarthen it heechste ynwennertal fan alle Welske distrikten (boroughs). Mids 19e iuw heakke de befolkingsgroei lykwols, omdat de ûntginning fan de stienkoalfjilden yn Súd-Wales in soad minsken lutsen.

Yn it ferhaal Breuddwyd Macsen Wledig út de Mabinogion is Carmarthen ien fan de trije stêden dy't troch Magnus Maksimus stifte wurde neidat er yn de Romeinske provinsje Brittania oankaam.

Ferneamde persoanen út Carmarthen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]