Burebista
Appearance
Burebista (111 f.Kr. – 44 f.Kr.) wurdt beskôge as de wichtichste kening fan de Daasjers. Under syn bewâld berikte it Dasyske ryk de grutste omfang.
Hy boude in hiel sterk leger op dat meardere malen Romeinsk grûngebiet binnenfoel. Julius Caesar realisearre him de krêft fan it Dasyske ryk en rette in ekspedysje ta. Safier kaam it lykwols net, Caesar soe op brute wize likwidearre wurde en Burebista waard yn 44 f.Kr. by in folksopstân fermoarde. It ryk fan de Daasjers foel útinoar yn lytse territoaria elts mei in eigen lieder.