[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Broer

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de famyljerelaasje 'broer'. Foar in manlike kleasterling, sjoch: mûnts.

In broer, meartal: bruorren (en net broers, dat in hollanistyske ynterferinsje is), of mei in ferlytsingsfoarm bruorke, is in sibling fan it manlik geslacht yn ferhâlding ta syn mei-siblings binnen in gesin. De froulike wjergader fan in broer is in suster. As it om in twilling giet, sprekt men fan twillingbruorren. De relaasje tusken in broer en syn mei-siblings wurdt oantsjut as de bruorresteat, en it byhearrende eigenskipswurd is bruorre-, bruorrich of fraternaal. De term 'bruorlik' (eigenskipswurdlik) of bruorlikens of bruorskip (haadwurdlik) wurdt los fan famyljerelaasjes wol brûkt om oan te jaan dat der gjin hierargyske ferskillen binne. It wie bygelyks ien fan 'e ideälen fan 'e Frânske Revolúsje, yn 'e mande mei ienheid en gelykheid. Guon organisaasjes dy't tige de klam lizze op gelykheid, neame harsels ek wol in bruorskip (tink derom: 'de bruorskip'); dat is benammen it gefal by kleasteroarders.

As in broer deselde mem of deselde heit hat as in sibling, mar net beide, is it in healbroer. In broer út in eardere relaasje fan in styfâlder is in styfbroer. As lid fan in twilling wurdt in broer ek wol oantsjut as in twillingbroer. In jonge dy't yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is foar de biologyske bern fan syn pleechâlden in pleechbroer. In oantroude manlike partner fan jins sibling wurdt in sweager neamd.

Tusken twa of mear bruorren út ien gesin kin in beskate mjitte fan konflikt bestean, dy't yn 'e antropology en de sosjology siblingrivaliteit neamd wurdt. Soks uteret him benammen yn in geduerige wedstrydmentaliteit, wêrby't alderhanne saken ta ûnderwerp makke wurde, lykas súkses op skoalle, mei jins stúdzje, mei jins wurk en sels yn 'e leafde. It tsjinstelde fan siblingrivaliteit is siblingwaarmte, wêrby't twa of mear bruorren, in broer en in suster of in broer en ferskate (bruorren en) susters inoar krekt tige nei binne. Antropologysk ûndersyk hat lykwols oan it ljocht brocht dat siblingwaarmte tusken twa bruorren faak liedt ta it ûndernimmen fan risikofol gedrach, om't it wjerssidich selsfertrouwen der oermjitte troch ûnderstipe wurdt.

  • Wikiwurdboek-side - broer

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes