[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Brangus

Ut Wikipedy
Brangus ko mei keal

Brangus is in oarspronklik Amerikaansk koweras, dat in krusing is tusken in Sebûko (Bos indicus), meastal Brachmaan of Nelore en de Europeeske ko (Bos taurus) Aberdeen Angus.

De bisten binne benammen goed foar fleisproduksje op plakken dêr't minne fiedings- en klimatologyske omstannichheden hearskje. In offisjele Brangus is foar 3/8 oant 5/8e part Angus en 5/8 oant 3/8e part Sebû. It ras wie yn 't earstoan swart, mar der is ek in reade fariant. It ras is fral ferspraat oer de sub-tropyske en tropyske dielen fan de Feriene Steaten, Súd-Amearika en yn Austraalje. Yn Argentynje is Brangus it meast brûkte fleisras yn dy gebieten mei perioadike fiedselkrapte en as hegere temperatueren (it Angus ras wurdt dêr hâlden op plakken dêr't altyd genôch fiedsel is).

De earste krusing dy't goed slagge wie yn 1912 yn de Amerikaanske steat Louisiana. Jin woene middels in krusing de hurdens en it oanpassingsfermogen fan de Sebû kombinearje mei it lekkere, soppige, marmere fleis fan de ferbettere Amerikaanske Aberdeen Angus. Yn 1949 ferienigen de fokkers har yn it IBBA (International Brangus Breeders Association). (Brangus is in registrearre hannelsmerk fan de IBBA)

Nei de Twadde Wrâldkriich ûntstiene ek fokkersorganisaasjes yn benammen Argentynje en Austraalje en letter ek yn benei alle Súd-Amerikaanske lannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: