[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bornholm

Ut Wikipedy
Bornholm
De kust fan Bornholm
De kust fan Bornholm
Sifers
Ynwennertal 39.664 (2017)
Oerflak 588,36 km²
Polityk
Lân Denemark
Haadstêd Rønne
Grutste stêd Rønne

Bornholm (Aldnoarsk: Burgundaholmr) is in Deensk eilân yn 'e Eastsee, eastlik fan 'e rest fan Denemarken, súdlik fan Sweden, noardeastlik fan Dútslân en noardlik fan 't meast westlike part fan Poalen. De wichtichste yndustryen op it eilân binne ûnder oaren de molkfeehâlderij, ambachten lykas glêsproduksje en ierdewurk (makke fan lokale klaai). Toerisme is wichtich yn 'e simmer. Der is in bysûnder grut tal rûne tsjerken op it eilân. It totale gebiet neffens www.noegletal.dk (gemeentlike en regionale statistiken) wie 588,36 km² (jannewaris 2016). It ynwennertal wie 39.664 (1 april 2017).

Ruïne fan Hammershus.

It eilân hat de bynamme solskinsøen (sinneskyn eilân) fanwege it waar en klippeøen (klifeilân) fanwege syn geologyske ûndergrûn, dy't gruttendiels út granyt bestiet mei útsûndering oan de súdkust. De waarmte fan 'e simmer wurdt fêsthâlden yn de stienlagen en it waar is oant en mei oktober relatyf waarm. As gefolch fan it klimaat waakse op bepaalde plakken op it eilân figebeammen. It lânskip bestiet út rûge stienformaasjes yn it noarden (oars as de rest fan Denemarken mei syn soepele gloaiïngen) mei boskgebieten (û.o. dinnebeammen), lânbou yn 'e midden fan it eilân en sânstrannen yn it suden.

Om syn strategyske lizzing yn 'e Eastsee, is der iuwenlang om Bornholm fochten. It grutste part fan de skiednis stie it eilân ûnder Deenske hearskappij, mar hat ek ûnder it bewâld fan Lübeck en Sweden stien. De ruïne fan Hammershus, yn 'e noardwestlike punt fan it eilân, leit de grutste midsiuwske fêsting fan Skandinaavje, dy't tsjûget fan it geografyske belang fan it eilân.

De ûnoffisjele flagge fan Bornholm.

De gemeente Bornholm (lânsdiel Bornholm) is yn jannewaris 2003 ûntstien doe't de provinsje Bornholm en de fiif gemeenten op it eilân yn ien bestjoerlike ienheid opgiene dy't it hiele eilân omfieme. Bornholm behold de status fan provinsje oant 2007, doe't it by in nije bestjoersherfoarming ûnderdiel waard fan 'e regio Hovedstaden. It eilân leit tusken 54 ° 59'11 "en 55 ° 17'30" noarderlingte en 14 ° 45 'en 15 ° 11' easterbreedte. It eilân súdeastlike Deenske eilân Møn leit sa'n 135 westlik fan Bornholm. De Ertholmene archipel leit 18 kilometer noardeastlik fan Bornholm. Dy eilannen, dy't net ta in gemeente of regio hearre, wurde beheard troch it Deenske ministearje fan Definsje.