[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Boeing 737

Ut Wikipedy
Boeing 737


Rol Passazjiersfleanmasine
Makker Boeing Commercial Airplanes
Earste flecht 9 april 1967
Yn tsjinst 10 febrewaris 1968 (by Lufthansa
Ut tsjinst n.f.t
Tal makke 10.557 (1967-juny 2019)
Grutste brûkers Southwest Airlines, Ryanair, United Airlines, American Airlines
Fierdere ûntjouwings Boeing 737 Classic, Boeing 737 Next Generation, Boeing 737 MAX

De Boeing 737 fan 'e Amerikaanske fleanmasinebouwer Boeing is de wrâldwiid meast boude moderne ferkearsfleanmasinesearje. Fan it tastel is hjoeddedei de fjirde generaasje yn produksje, al sjocht er der fan bûten noch suver krekt sa út as yn 1967, doe't de earste Boeing 737 ôflevere waard. Ynearsten soe it boud wurde as koarteôfstânsfleanmasine, mar it nijste model, de Boeing 737NG ("Next Generation"), stiet te boek as in middellangeôfstânsfleanmasine.

De Boeing 737 MAX is in fleantúchsearje fan Boeing Commercial Airplanes as opfolger fan de Boeing 737 Next Generation. De 737 MAX is de fjirde generaasje Boeing 737, mei as grutste ferskil de gruttere en effisjintere CFM International LEAP-1B motors en oanpassingen oan de romp. De levering fan de earste 737 MAX wie yn 2017.

In Boeing 737-7H4 fan Southwest Airlines mei registraasje N231WN.