[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Boarnefermelding

Ut Wikipedy

Boarnefermelding, boarnefernijing of sitearjen is it oanjaan fan de oarsprong fan ynformaasje en fan ferwurke teksten, ôfbyldings en byldfragminten, dy't brûkt binne foar it meitsjen fan in publisearre wurk.

Boarnefermelding is benammen wichtich foar:

Der binne twa soarten fan boarnen:

  1. Boarnen fan ynformaasje dy't ferwurke is yn in publisearre wurk; it Ingelske Wikipedia-artikel oer John Kerry fermeldt bygelyks dat hy famylje is fan George W. Bush en neamt dêrby in ynternetside as boarne.
  2. Boarnen fan orizjinele teksten en bylden, dêr't kopyen fan ferwurke binne yn in publisearre wurk; eventueel yn in bewurke of oersette foarm; bygelyks de boarne fan in foto fan John Kerry.

Beide soarten fan boarnen kinne fansels kombinearre wêze; as ien in tekst sitearret om wat oan te toanen, is dat krektsagoed in boarne fan ynformaasje as in boarne foar in kopiearre orizjinele tekst.

Boarnefermeldingen foar de earste soarte fan boarne binne benammen wichtich:

  • om de lêzers of sjoggers by steat te meitsjen de betrouberens fan de ynformaasje te beoardieljen;
  • om oaren de gelegenheid te jaan de ynformaasje út te djipjen troch neier ûndersyk of dy te korrizjearjen.

Boarnefermeldingen fan de twadde soarte fan boarne jouwe de makker fan it orizjineel de 'eare' en wurdearring dêr't er rjocht op hat. By it brûken fan in sitaat is de boarnefermelding sels ferplichte y.f.m. it auteursrjocht.

In boarne dy't, faak tsjin betelling, foar elkenien tagonklik is, is in iepenbiere boarne. Foarbylden fan iepenbiere boarnen binne:

  • in boek, dissertaasje of artikel;
  • ynformaasje fan in webside op ynternet;
  • in iepenbiere kolleksje fan foto's, tekeningen, lûdsopnamen of filmbylden;
  • ynformaasje dat fan in parseburo komt;
  • ynformaasje út in parseberjocht;

Net-iepenbiere boarnen binne:

  • eat wat ien yn in petear of ynterview ferteld hat;
  • in mûnlinge meidieling fan in wurdfierder fan in persoan of organisaasje;
  • de leveransier fan in brûkte foto, tekening, lûdsopname of filmfragmint;
  • in partikuliere kolleksje foto's, tekeningen, lûdsopnamen of filmbylden;

Faak brûkte opmaakstilen foar boarnefermelding binne de boarnefermelding yn Harvardstyl en de APA-styl.