Bloomsbury Publishing
Bloomsbury Publishing PLC | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | publyk | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1986 | |
oprjochter | Nigel Newton | |
eigner | oandielhâlders | |
dochters | sjoch ûnder ymprints | |
sifers | ||
omset | £100 miljoen | |
aktyf yn | de Angelsaksyske lannen | |
offisjele webside | ||
www.bloomsbury.com |
Bloomsbury Publishing PLC is in foaroansteande Britske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1986 en dy't fêstige is yn Londen. Dit bedriuw bringt sawol fiksje as non-fiksje op 'e merk, en hat ynternasjonale bekendheid krigen as de oarspronklike útjouwer fan 'e Harry Potter-rige fan skriuwster J.K. Rowling.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bloomsbury waard op 26 septimber 1986 oprjochte troch útjouwer Nigel Newton, dy't it haadkertier fan it nije bedriuw fêstige oan it Bedford Square, yn 'e Londenske dielgemeente Camden. Sûnt hat de útjouwerij kantoaren iepene yn it sintrum fan Londen, Oxford, New York, Sydney en Delly. Yn 1994 gie Bloomsbury as in publyk bedriuw nei de effektebeurs, en mei de ferkeap fan oandielen, dy't £5,5 miljoen opbrocht, waard de útwreiding nei de paperback- en berneboekemerk bekoste. Mei in nije útjefte fan oandielen, yn 1998, dy't £6,1 miljoen opbrocht, waard de oprjochting fan in Amerikaanske difyzje, Bloomsbury USA, betelle.
Likegoed wie Bloomsbury de earste fyftjin jier fan syn bestean in lytsere spiler op 'e Britske en ynternasjonale útjouwersmerk, en de grutte groei dy't sûnt likernôch 2000 plakfûn hat, is fierhinne it gefolch fan it ûnbidige wrâldwide súkses fan 'e Harry Potter-rige fan J.K. Rowling, wêrfan't Bloomsbury yn juny 1997 it earste diel, Harry Potter and the Philosopher's Stone, publisearre. Dat stelde Bloomsbury by steat en keapje ferskate lytsere útjouwerijen op, lykas A & C Black yn 2000, Berg Publishers yn 2008 en Osprey Publishing yn 2014. Mei de oernamme fan it lytse Walker & Co., yn 2004, bejoech Bloomsbury him ek op it mêd fan 'e publikaasje fan non-fiksje. Yn 2008 gie it bedriuw in joint venture mei de Qatar Foundation oan foar de oprjochting fan Bloomsbury Qatar Foundation Publishing, in útjouwerij dy't fêstige is yn 'e Katareeske haadstêd Doha en dy't him meast taleit op 'e publikaasje fan Ingelske oersettings út it Arabysk en Arabyske oersettings út it Ingelsk.
Difyzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bloomsbury Publishing bestiet út fjouwer ûnderskate útjouwersdifyzjes:
- wittenskiplik en profesjoneel
- folwoekseneliteratuer
- berneboeken en ûnderwiiskundich materiaal
- ynformatyf en saaklik
Fierders binne der twa algemiene ôfdielings dy't alle fjouwer útjouwersdifyzjes ûnderstypje, te witten ferkeap en marketing, en finânsjes en technology. Ymprints wurde yndield by de difyzje dêr't se thúshearre.
Ymprints
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A & C Black (sûnt 2000)
- Andrew Brodie Publications (sûnt 2003)
- Applied Visual Arts Publishing (sûnt 2012)
- Arden Shakespeare (sûnt 2008)
- Berg Publishers (sûnt 2008)
- Bloomsbury USA Books for Young Readers (oprj. yn 2002)
- Bristol Classical Press (sûnt 2010)
- Continuum International Publishing Group (sûnt 2011)
- Fairchild Books (sûnt 2012)
- Hart Publishing (sûnt 2013)
- John Wisden & Co. (sûnt 2008)
- Methuen Drama (sûnt 2006)
- Osprey Publishing (sûnt 2014)
- Peter Collin Publishing (sûnt 2002)
- T & AD Poyser (sûnt 2002)
- Thomas Reed Publications (sûnt 2002)
- Tottel Publishing (sûnt 2009)
- Walker & Co. (sûnt 2004)
- Whitaker's Almanack (sûnt 2002)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |