Blokdruk
Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
Blokdruk is in druktechnyk dy’t út Sina komt. In boek dat op dy wize makke is, wurdt in blokboek neamd. It is tagelyk in metoade op tekstyl te beprintsjen.
Blokdruk (boekdruktechnyk)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De praktyk is foar ’t neist sawat twatûzen jier âld. It âldst bekende foarbyld, de Dharani Sutra fan ûnbeflekke suverens en ljocht is fan foar ’t neist om 750 hinne en waard fûn yn in stoepa by Kyongyu yn Korea, dat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Silla wie. It âldst datearre foarbyld út Sina, de Diamantsoetra, stamt út 868 (bewarre yn it British Museum. De blokdruk waard yn Sina sterk ûntwikkele ûnder de Tang-dynasty (618-907). Under de Lette Tang-keizer Mingzong (926-933) kaam de technyk yn algemien gebrûk.[1]
Faklju sniene de ôfbylding(s) en de (faak beheinde) tekst yn it houtblok. It blok waard dêrnei mei inket behannele dêr’t in papier op lein waard wat mei de hân oanwreaun waard. Dy hanneling waard mear kearen werhelle. By dy metoade ûntstie in moet yn it papier en de wetterinket krong troch it papier hinne dêr’t it mar iensidich troch te beprintsjen wie (anapistografyske druk). Om dochs dûbelsidige boekblêden te meitsjen waarden de lege siden tsjininoar lime.[2]
Foardiel fan it blokdrukproses is de gruttere artistike frijheid as by oare drukmetoaden. Ofdrukkende blokken dêrfoaroer binne net botte duorsum en wurde troch it brûken gau minder.
De technyk fûn yn Jeropa earst yn de foarste helte fan de 15e iuw syn beslach, benammen yn de kultuersintra Brugge, Brussel, Haarlim en Utert. De earste losse printen yn blokdruk binne fan 1418 en 1423. De earste blokboeken fan tusken 1430 en 1440. Blokdruk waard algemien foar it printsjen fan printen brûkt, yn de Nederlannen makken de Broeders des Gemenen Levens lykwols njonken printen ek skreaune teksten. De measte blokdruk is religieus fan aard. Om 1455 hinne waard yn West-Jeropa it drukproses mei losse letters yn gebrûk nommen. De blokdruk waard allinnich noch brûkt foar de werjefte fan ôfbyldings. Oan de ein fan de 15e iuw wie de blokdruk hielendal ferdwûn en ferfongen troch de typografyske druk fan boeken.
Blokdruk (tekstyltechnyk)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tekstyl is blokdruk it beprintsjen fan katoen of behang mei help fan blokken dêr’t de patroanen yn heechreliëf yn útsnien wiene. Se brûkten meast apel- of parrehout. De blokken waarden mei kleurstof belein wêrnei’t it patroan op de stof drukt waard. Neidat de moderne rotaasjedruk tapast waard bleaune se de blokdruk noch brûken omdat de ûnregelmjittigens suggerearre dat it hânwurk wie. Sa makken se ymmitaasje batik en ikat.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yllustraasje út in deadedûns útt 1455-1458
-
Ut it Blokboek Sint Servaas sawat 1460
-
Blokboek, 1460-1470, Biblia pauperum
-
Sniene houtblokken foar de produksje fan boeken yn it Tibetaanske kleaster Sera
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|