Bisdom Trier
Bisdom Trier | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Keulen | |
Biskopssit | Trier | |
Katedraal | Sint-Petrusdom | |
Patroanhillige | Sint-Piter | |
Hiemside | www.bistum-trier.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 3e iuw | |
Hierargy | ||
Biskop | Stephan Ackermann | |
Statistyk | ||
Oerflak | 12.870 km² | |
Befolking | 2.475.000 (31.12.2022) | |
Wêrfan katolyk | 1.212.000 (49%) (31.12.2022) | |
Dekenaten | 32 (31.12.2020) | |
Parochy's | 887 (31.12.2020) | |
Lokaasje bisdom Trier yn Dútslân. |
Het bisdom Trier (Dútsk: Bistum Trier; Latyn: Dioecesis Trevirensis) is in roomsk bisdom yn it aartsbisdom Keulen. It bisdom bestiet rûchwei út de dielsteat Saarlân, de noardwestlike helte fan 'e dielsteat Rynlân-Palts en de lytse enklave Kirchen by Sieg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is it âldste bisdom fan Dútslân, dat troch biskop Eucharius stifte waard. It waard in aartsbisdom yn 'e tiid fan Karel de Grutte en dat bleau sa oant yn it begjin fan 'e 19e iuw. De Trierske aartsbiskoppen wiene ek karfoarsten fan it Hillige Roomske Ryk.
Nei 1794 besetten Frânske troepen it aartsbisdom op 'e linker kant fan 'e Ryn. Nei de Frede fan Campo Formio yn 1797 waard it gebiet troch Frankryk anneksearre. In ferdrach tusken Napoleon en paus Pius VII makke yn 1802 de beneaming fan biskop Charles Mannay mooglik yn it yn 1801 fernijde bisdom Trier.
It rjochter diel fan it eardere aartbisdom bestie as twadde bisdom Trier ûnder biskop Clemens Wenzelaus, dy't nei Augsburg flechte wie. Dat waard fanút Ehrenbreitstein bestjoerd. Yn 1803 waard it twadde bisdom mei it Reichsdeputationshauptschluss sekularisearre en oan it foarstedom Nassau-Weilburg tawiisd. Tsjerklik gie it twadde bisdom Trier letter oer nei it nij stifte bisdom Limburch.
Sûnt 1821 is Trier in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Keulen.
Yn 'e tiid fan 'e Kulturkampf waard biskop Matthias Eberhard op 6 maart 1874 oppakt en feroardiele ta in jildstraf fan 130.000 goudmarken en njoggen moanne finzenis. Hy ferstoar seis moanne letter nei't er wer frij wie op it hichtepunt fan 'e Kulturkampf. Op dat stuit wiene 250 preesters al foar it rjocht sleept en hiene 230 parochy's fan 'e 731 yn it bisdom gjin preester. De anty-katolike maatregels laten ta fûle strideraasjes fan 'e ynwenners mei de Prusyske autoriteiten.
Biskopssit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De biskopssit is de stêd Trier mei de domtsjerke fan Trier, dy't yn 1986 op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed waard ynskreaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Trier
|
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Bisdom Aken • Bisdom Augsburg • Aartsbisdom Bamberg • Aartsbisdom Berlyn • Bisdom Dresden-Meißen • Bisdom Eichstätt • Bisdom Erfurt • Bisdom Essen • Aartsbisdom Freiburg • Bisdom Fulda • Bisdom Görlitz • Aartsbisdom Hamburch • Bisdom Hildesheim • Aartsbisdom Keulen • Bisdom Limburch • Bisdom Magdeburg • Bisdom Mainz • Aartsbisdom München en Freising • Bisdom Múnster • Bisdom Osnabrück • Aartsbisdom Paderborn • Bisdom Passau • Bisdom Regensburg • Bisdom Roottenburg-Stuttgart • Bisdom Spiers • Bisdom Trier • Bisdom Würzburg | |
Eardere bisdommen | Aartsbisdom Bremen • Bisdom Halberstadt • Prinsbisdom Lübeck • Bisdom Minden • Bisdom Verden | |
· · |