[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Biggs Darklighter

Ut Wikipedy
Biggs Darklighter
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt piloat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Luke Skywalker
Wedge Antilles
generaal Jan Dodonna
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Biggs Darklighter is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in piloat fan it Rebelleferbûn dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Tatooine, en in jeugdfreon fan haadpersoan Luke Skywalker. Biggs Darklighter waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn dy film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), spile troch Garrick Hagon.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biggs Darklighter ferskynt yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) koart yn 'e Slach by Yavin, de klimaktyske oanfal fan it Rebelleferbûn op 'e Deadsstjer. Dêryn is er in piloat (koadenamme: Read Trije) fan in X-wjukjager fan Squadron Read. Mei in oare piloat, Wedge Antilles, besiket er Luke Skywalker ôf te skermjen foar oanfallen fan 'e fijân wylst Luke risselwearret foar it presysjeskot dat de Deadsstjer ferneatigje moat. It tastel fan Biggs wurdt ûnder fjoer nommen en ferneatige troch Darth Vader yn syn TIE-jager, wêrby't Biggs omkomt.

Yn it senario foar de film wie de rol fan Biggs gâns grutter, en itselde jildt sadwaande foar de ferboeking Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker (1976), dy't basearre waard op it senario. Dêryn wurdt dúdlik dat Biggs eins in jeugdfreon fan Luke is, en krekt as Luke fan 'e planeet Tatooine komt. Luke, Biggs en guon oare freonen moetsje inoar te Tosche Station op Tatooine, wêrby't Biggs Luke op in stuit yn fertrouwen nimt en fertelt oer syn plannen om him by it Rebelleferbûn te jaan. In lettere sêne, wêryn't Biggs Luke begroetet as dy nei syn ommelânske reis einlings op 'e moanne Yavin-IV arrivearret, borduerret op harren eardere freonskip fuort en mist dêrom ek út 'e film. Yn dyselde sêne bringt Biggs Luke yn 'e kunde mei de lieder fan Squadron Read, Garven Dreis, by wa't er Luke oanpriizget as "de bêste plattelânspiloat út 'e Bûtenrâne [fan it Stjerrestelsel]". Dizze sêne waard reyntrodusearre yn 'e special edition fan A New Hope út 1997.

Oer Biggs wurdt fierder útwreide yn 'e no net mear as kanonyk beskôge strip Darklighter, in ûnderdiel fan 'e fjouwerdielige rige Star Wars: Empire, dy't yn 2002 útbrocht waard troch útjouwerij Dark Horse Comics. Neffens dat ferhaal is Biggs fan bern ôf oan befreone mei Luke, mar ferlit er Tatooine om piloat te wurden by de striidkrêften fan it Galaktysk Keizerryk. Under syn training, heart er fan 'e oare piloaten yn oplieding geroften oer de Deadsstjer. Nei't er syn training trochrûn hat, wurdt er stasjonearre op it Keizerlike romteskip de Rand Ecliptic, yn 'e mande mei in âlde fijân, Derek "Hobbie" Klivian.

As er koart mei ferlof giet nei Tatooine, praat er tsjin syn famylje en freonen hûndert-út oer syn nije posysje, mar inkeld Luke nimt er yn fertrouwen oer syn djipste gefoelens. Hy fertelt dat de berjochten oer it bestean fan in massaferneatigingswapen as de Deadsstjer him derfan oertsjûge hawwe dat it Keizerryk kwea is en dat er fan doel is him by it Rebelleferbûn te jaan. Werom op syn post makket Biggs plannen om út te piken, net wittende dat ferskate oare bemanningsleden der krekt sa oer tinke as hy en ek fan doel binne om oer te rinnen nei de rebellen. Ien fan dyselden is Hobbie, mei wa't Biggs úteinlik de lapen gearsmyt. Tegearre witte se fuort te kommen en jouwe se har by de rebellen op Yavin-IV.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono