[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Beton

Ut Wikipedy
Fask beton wurdt egalisearre mei in trilplaat

Beton is in keunstmjittich stiennich materiaal, dat as boumateriaal brûkt wurdt. It moderne beton is gearstald út it bynmiddel semint en út ien of meardere taslachmaterialen lykas sân, gryn of stienslach. Semint hat de eigenskip út te hurdzjen as der wetter oan tafoege wurdt.

Goed beton is in mingsel wêryn de kerlgrutte fan de ferskillende soarten sân en gryn inoar sa oanfolje, dat it mingsel úthurdet ta in stienachtich en duorsum materiaal. Yn tsjinstelling ta bygelyks gips lost it úthurde beton net mear op at it yn oanrekking komt mei wetter.

Hadrianus syn Pantheon yn Rome is in foarbyld fan Romeinske betonbou

De Egyptners, Babyloanjers, Foenysjers, Griken en Romeinen koenen eartiids de foardielen fan it gebrûk fan (net wapend) beton. De Romeinen brûkten it by de bou fan brêgen en akwadukten. Ek by de bou fan it Kolosseum en it Pantheon war troch de Romeinen beton brûkt. As bynmiddel waard kalk of tras brûkt. Letter rekke dizze betontechnyk iuwen oanien yn ûnbrûk. Pas yn 1756 makke de Brit John Smeaton foar de weropbou fan in fjoertoer gebrûk fan in mingsel fan kalk en klaai. Nei fierdere ferbettering fan dat materiaal yn 1824 en de útfining fan portlânsemint troch de Ingelsman Joseph Aspdin (dy't der patint op krige), waard it gebrûk fan beton op 'en nij ûntdekt. It earste yndustriële bousel fan portlânsemint waard yn 1842 delset.