Ben van der Geest
Appearance
Benardus van der Geest (Ljouwert, 24 jannewaris 1949) is in byldzjend keunstner en lesjouwer út Ljouwert.
De oplieding krige er oan de Akademy Minerva yn Grins. Ben makket trijediminsjonaal wurk. Syn spesjalisaasje is it omsetten fan foto's nei portretten. It materiaal dêrfoar is meast brûns, gips of keramyske materialen as jitstien. Syn libbensmotto: De keunst duorret lang, it libben is koart wol er ek ferbyldzje yn syn tiidleaze wurk.
In soad fan syn bylden stean yn de iepenbiere romte:
- sir Lawrence Alma Tadema (1836-1912) yn Dronryp (1997)
- Boarstbyld fan Jan Jacob Slauerhoff (2001)
- Hendricus Frederik van der Kallen, de skriuwer fan de Havankboeken (2001)
- Portretten keninginne Wilhelmina en keninginne Beatrix, NHL Stenden Hogeschool, Ljouwert (2004)
- Boarstbyld fan Paulus Folkertsma oan de Ald Swettebuorren yn Aldeboarn (2024)
-
Jan Jacob Slauerhof, Ljouwert
-
Alma Tadema, Dronryp
-
Jan Jacob Slauerhoff op Flylân
-
Havank
-
Beatrix, Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |