Belladonna (pornografysk aktrise)
Belladonna | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michelle Anne Sinclair | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 maaie 1981 | |
berteplak | Biloxi (Mississippy) | |
etnisiteit | Dútsk Skotsk Sjeroky | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur, produsinte | |
jierren aktyf | 2000 – 2007 & 2008 – 2012 | |
offisjele webside | ||
www.enterbelladonna.com |
Belladonna, echte namme: Michelle Anne Sinclair (Biloxi (Mississippy), 21 maaie 1981), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't no wurksum is as pornoregisseur en -produsinte. Hja is fan mingd Dútsk-Skotsk-Sjeroky-komôf, mei in lingte fan 1.63 m en in gewicht fan 58 kg. Belladonna hat seis tatoeaazjes en natuerlike boarsten.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Belladonna waard berne yn Biloxi, in stêd yn it suden fan 'e steat Mississippy, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Mar mei't har heit in loftmachtofsier wie en gauris oerpleatst waard, brocht se har jonkheid troch op in grut tal ûnderskate lokaasjes. Hja wie de twadde yn in strang kristlik, mormoansk gesin mei sân bern, en har heit wie, nei't er ôfswaaid wie, in biskop fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Belladonna wie lykwols in dwers bern; yn 2003 fertelde se yn in fraachpetear dat se foar it earst tute waard op har tolfde, har earste tatoeaazje sette liet op har trettjinde, ûntfamme waard op har fjirtjinde en foar it earst anale seks hie op har sechstjinde. Belladonna makke de middelbere skoalle net ôf en gie út 'e hûs doe't se fyftjin jier wie. Dêrnei wurke se yn in nachtwinkel (7-11), in linzjerysaak (Victoria's Secret), in warehûs (Sears) en in restaurant (Subway).
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op har achttjinde, yn 1999, sette se útein mei op te treden yn in stripklub yn Salt Lake City, de haadstêd fan 'e steat Utah. Fia in freondinne kaam hja in pear moanne letter, yn 2000, yn kontakt mei in agint út 'e pornoyndustry. Se ferfear nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se earst noch as model posearre foar neakenblêden, mar al rillegau har debút makke yn har earste pornografyske film, mei de titel Real Sex Magazine, wêrby't se daliks al anale seks hie. Foar har pornokarriêre naam se de skûlnamme "Belladonna" oan, "Bella" nei in freondinne dy't se kennen hie yn Utah, en it efterheaksel "-donna", op advys fan in agint, dy't har fertelde dat bella donna Italjaansk is foar "kreaze frou".
Yn har earste films gie Belladonna daliks al hiel fier, net inkeld mei anale seks, dêr't yn 'e pornoyndustry eins nimmen fan opsjocht (al is it net gebrûklik dat men dêr yn jins earste film al oan docht), mar ek mei skatologyske pornografy (mei urine), dat yn 'e pornowrâld wol deeglik as tige ekstreem beskôge wurdt. Oare iere films fan Belladonna befetten bgl. in gangbang mei tolve manlike akteurs yn in tichthúsdekôr en s.m.- en bondaazjesênes. Jierren letter, yn 2007, brocht se yn in fraachpetear mei it pleatslike blêd City Weekly út Salt Lake City har spyt ta útdrukking om beskate aspekten fan har iere pornokarriêre, yn it bysûnder har beruchtens om it dwaan fan dingen dy't yn 'e fermiddens fan 'e pornoyndustry as oer de grinzen hinne geand of sels as taboe beskôge wurde. Se neamde dat in fersin en wiet it oan in brekme oan begelieding troch pornoaktrises mei mear ûnderfining, al sei se mei klam dat se de ferantwurding foar har eigen beslissings naam en dat se nea troch immen earne ta twongen wie.
Yn 2002 krige Belladonna bekendheid troch har rol yn 'e bondaazje- en s.m.-film The Fashionistas fan regisseur John Stagliano, dy't teffens de eigner is fan Evil Angel, ien fan 'e wichtichste Amerikaanske pornografyske filmstudio's. Belladonna hat ek wurke mei ferneamde pornoregisseurs as Nacho Vidal, Jules Jordan en Rocco Siffredi. Yn totaal hat se yn 310 pornofilms spile. Fan 2003 ôf wie se ek sels aktyf as regisseur; oant 2013 hie se 87 films regissearre. Mei sawol har aktearwurk as har rezjy hat se yn totaal net minder as 13 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se grossiert yn nominaasje: 51 stiks. Boppedat is se yn 2011 opnommen yn 'e AVN Hall of Fame.
Hoewol't se yn 2012 (nei in earder tydlik úttreden yn 2007-2008) definityf in ein breide oan har karriêre as aktrise, bleau se efter de skermen wol as regisseur by de pornoyndustry belutsen. Boppedat produsearret se al in oantal jierren har eigen films ûnder de labels Belladonna Entertainment en Deadly Nightshade Productions (de deadly nightshade, Ned.: zwarte nachtschade, Frysk: hûnebei, is in giftige plantesoart dy't besibbe is oan 'e belladonna en ek oan 'e tomaat en de ierappel). Dêrby wurket se nau gear mei Evil Angel, dat ek de distribúsje fan har films docht. Har films wurde yn 'e regel ta it subsjenre fan 'e gonzo-pornografy rekkene.
Mainstream-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har pornokarriêre hat Belladonna ferskate kearen te sjen west yn 'e realitytillevyzjsearje Family Business, dy't it libben fan pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts (echte namme: Adam Glasser) portrettearre. Yn 2004 wie Belladonna fierders ien fan in stikmannich pornostjerren dy't foar fotograaf Timothy Greenfield-Sanders posearren foar in "kofjetafelboek" oer de pornoyndustry, mei as titel: XXX: 30 Porn-Star Portraits. Se wurke ek mei oan 'e dokumintêre Thinking XXX, fan 'e tillefyzjestjoerder HBO, oer it ta stân kommen fan dat boek. Yn 2010 spile se yn 'e horrorfilm Stripped, en teffens stie se op 'e omslach fan 'e cd Reckless & Relentless fan 'e Britske metalcore-band Asking Alexandria, wylst se letter ek figurearre yn 'e koarte film Through Sin and Self-destruction fan dyselde band.
Fierders wie Belladonna yn 2003 it ûnderwerp fan in opsjochjaande reportaazje fan 'e Amerikaanske tillefyzjesjoernaliste Diane Sawyer, dy't as titel hie: Young Girls, Porn and Profits: Corporate America's Secret Affair ("Jonge Famkes, Porno en Winstmarzjes: De Geheime Relaasje fan 'e Amerikaanske Sakewrâld"). Dy reportaazje waard útstjoerd troch de stjoerder ABC, as ûnderdiel fan it programma Primetime Thursday, en bea in tige ûnflaaikjend byld fan 'e pornoyndustry, wylst Belladonna sels as in slachtoffer delset waard. Har fraachpetear mei Diane Sawyer waard neitiid troch de Amerikaanske anty-pornografybeweging oanhelle as bewiis fan 'e bewearde misstannen yn 'e pornowrâld. Belladonna sei letter dat se net botte ynnommen wie mei it resultaat fan har ynterview, en hold út dat der yn it materiaal knipt wie om 'e konklúzje te skoarjen dy't Sawyer-en-dy yn 't foar al lutsen hiene. Ek sei se dat se mei gragens it híéle fraachpetear nochris útstjoerd hawwe woe.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Belladonna hat ferloofd west mei kollega-pornoakteur en -regisseur Nacho Vidal, mar op 11 april 2004 troude se yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada, mei Aiden Kelly, dy't tegearre mei har Belladonna Entertainment en Deadly Nightshade Productions runt. Hja hawwe in dochter, Myla Kelly, dy't berne is op 11 jannewaris 2005. Neffens in fraachpetear út 2007 binne Belladonna har hobbys pilates, yoga, túnkjen, films sjen, fideospultsjes dwaan, reizgjen en mei har akwaria ompiele.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2003 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne (film) (mei Mark Ashley en Billy Glide) | The Fashionistas |
nominearre | bêste anale sekssêne (fideo) (mei Lexington Steele) | Up Your Ass 19 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste opfiering fan in striptiis | The Fashionistas | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Taylor St. Clair) | The Fashionistas | ||
wûn | bêste orale sekssêne (film) (mei Rocco Siffredi) | The Fashionistas | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise | The Fashionistas | ||
FICEB Ninfa Award | wûn | bêste aktrise | The Fashionistas | |
XRCO Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Taylor St. Clair) | The Fashionistas | |
wûn | bêste aktrise | The Fashionistas | ||
wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | orgastysk analiste | n.f.t. | ||
2004 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Sarah O'Neil, Daniella Schiffer en Nacho Vidal) | Rocco: Animal Trainer 10 |
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Nacho Vidal) | Back 2 Evil | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) | Anal Trainer 4 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Tyce Bune en Joel Lawrence) | New Wave Hookers 7 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Dee en Billy Glide) | Latin Amore | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Carol en Nacho Vidal) | She-Male Domination Nation | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Nacho Vidal) | Back 2 Evil | ||
XRCO Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Nachol Vidal) | Back 2 Evil | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | orgastysk oraliste | n.f.t. | ||
nominearre | orgastysk analiste | n.f.t. | ||
2005 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Catalina) | The ConnASSeur |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Jenna Jameson) | Bella Loves Jenna | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Nacho Vidal) | Bella Loves Jenna | ||
wûn | bêste fideopublikaasje | Bella Loves Jenna | ||
XRCO Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Jenna Jameson) | Bella Loves Jenna | |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Nacho Vidal) | Bella Loves Jenna | ||
nominearre | orgastysk oraliste | n.f.t. | ||
2006 | FAME Award | nominearre | leaflingskont | n.f.t. |
nominearre | favorite pornoaktrise | n.f.t. | ||
FICEB Ninfa Award | wûn | spesjale sjuerypriis (Ninfa Especial del Jurado) | n.f.t. | |
2007 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Chloe Dior) | Belladonna: No Warning |
nominearre | bêste aktrise (fideo) | Fashionistas Safado: The Challenge | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | regisseur fan it jier | jieroeuvre | ||
wûn | bêste groepsekssêne (fideo) (mei 19 oaren) | Fashionistas Safado: The Challenge | ||
FAME Award | nominearre | favorite froulike stjer | n.f.t. | |
nominearre | favorite anale stjer | n.f.t. | ||
nominearre | leaflingskont | n.f.t. | ||
wûn | stoutst famke yn 'e pornowrâld | n.f.t. | ||
XRCO Award | wûn | bêste solo-optreden fan in aktrise | Fashionistas Safado: The Challenge | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Butthole Whores |
nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) | I Dream of Jenna 2 | ||
nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) | Fashionistas Safado: Berlin | ||
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Naomi Russell) | Belladonna's Fucking Girls 4 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Tony T.) | Belladonna: Manhandled 2 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jenna Jameson, Cindy Crawford, Nikita Denise, Allura Eden, Aurora Snow en T.T. Boy) | Janine Loves Jenna | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Claire Adams) | Belladonna: Fetish Fanatics 5 | ||
nominearre | regisseur fan it jier | jieroeuvre | ||
wûn | bêste regisseur (non-feature) | Belladonna: Manhandled 2 | ||
FAME Award | nominearre | favorite froulike artyste | n.f.t. | |
nominearre | leaflingskont | n.f.t. | ||
nominearre | favorite regisseur | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | orgastyske oraliste | n.f.t. | |
nominearre | bêste regisseur (non-feature) | n.f.t. | ||
2009 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Lexi Belle) | Belladonna's Fucking Girls 6 |
nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Katsuni en Stoya) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
nominearre | bêste orale sekssêne | Odd Jobs 3 | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Steve Holmes) | Butthole Whores 2 | ||
nominearre | bêste triosekssêne (mei Brianna Love en Mr. Pete) | Cock Pigs | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Sasha Grey en Evan Stone) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste regisseur (non-feature) | Discovering Alexis Texas | ||
nominearre | regisseur fan it jier | jieroeuvre | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jesse Jane) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
wûn | bêste lesbyske triosekssêne (mei Kimberly Kane en Aiden Starr) | Girl Train | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
wûn | bêste fuotfetisjistyske film | Belladonna's Foot Soldiers | ||
Xbiz Award | wûn | bêste regisseur | jieroeuvre | |
XRCO Award | nominearre | bêst klikkende gearwurking op it skerm (mei Jesse Jane) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | |
nominearre | superslet | n.f.t. | ||
nominearre | bêste regisseur (non-feature) | n.f.t. | ||
wûn | orgastysk oraliste | n.f.t. | ||
wûn | orgastysk analiste | n.f.t. | ||
2010 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Belladonna: Fetish Fanatic 7 |
nominearre | bêste solosekssêne | Evil Pink 4 | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei 9 oaren) | Party of Feet | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei James Deen) | Butthole Whores 3 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Rico Strong en Prince Yahshua) | Dark Meat 3 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | ynternetstjer fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | regisseur fan it jier | jieroeuvre | ||
XRCO Award | nominearre | superslet | n.f.t. | |
nominearre | bêste regisseur (non-feature) | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Belladonna Live |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei 8 oaren) | The Devil in Miss Jones: The Resurrection | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei 9 oaren) | Party of Feet 2 | ||
nominearre | bêste webside fan in pornostjer (foar EnterBelladonna.com) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste regisseur (non-feature) (mei Aiden Riley) | Carbon Girl | ||
nominearre | bêste fisazjy | Carbon Girl | ||
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Whores on the 14th |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Sinn Sage en Sarah Shevon) | Belladonna: The Sexual Explorer | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Kimbery Kane, Jamey Janes, John Strong, Rico Strong en Mark Wood) | Spontaneass | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Dana DeArmond) | Belladonna: The Sexual Explorer | ||
2013 | AVN Award | wûn | bêste edukative publikaasje | Belladonna's How to: Fuck! |
2014 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske filmrige | Belladonna: No Warning |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside fan Belladonna
- Biografy en filmografy fan Belladonna yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk neakenmodel
- Amerikaansk stripper
- Amerikaansk froulik pornoakteur
- Amerikaansk pornoregisseur
- Amerikaansk pornoprodusint
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk stripper fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Yndiaansk komôf
- Persoan fan Sjeroky-komôf
- Persoan berne yn 1981