[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Axel Jungstedt

Ut Wikipedy
Axel Jungstedt
keunstner
Jungstedt yn desimber 1932
Jungstedt yn desimber 1932
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Sweedsk
berne 17 maart 1859
berteplak Norrköping
stoarn 14 maart 1933 (73 jier)
stjerplak Stockholm
wurkpaad
prizen Litteris et Artibus (1899)

Axel Adolf Harald Jungstedt (Norrköping, 17 maart 1859 - Stockholm, 14 maart 1933) wie in Sweedske skilder en heechlearaar oan de Kungliga Akademien för de fria konsterna yn Stockholm. Hy wie de broer fan de portretskilder August Jungstedt en de operasjongster Matilda Jungstedt, en in neef fan luitenant-generaal Hugo Jungstedt.

Jungstedt studearre by Edvard Perséus en oan de keunstakadeemje yn Stockholm fan 1878 oant 1883. Nei syn stúdzje maake er as fellow fan dy akademy fan 1884 oant 1888 stúdzjereizen nei Italië, Dútslân, Switserlân en Parys.

Yn Parys studearre er by William Bouguereau. Werom yn Sweden waar er learaar oan de keunstakadeemje yn Stockholm. Hy wie dêr heechlearaar fan 1909 oant 1924. Hy waard ûnderskieden mei de Litteris et Artibus yn 1899