Arthur Lowe
Arthur Lowe | ||
akteur | ||
Stânbyld fan Lowe as Captain Mainwaring | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Berjocht:GBRnajs | |
berne | 22 septimber 1915 | |
berteplak | Hayfield, Derbyshire | |
stoarn | 15 april 1982 | |
stjerplak | Birmingham | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1945-1982 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Arthur Lowe (Hayfield, Derbyshire, 22 septimber 1915 - Birmingham, 15 april 1982) wie in Ingelsk akteur.
Lowe waard ûnder oare bekend fan syn rol as Captain Mainwaring yn de telefyzjerige Dad's Army en spile wit hoe folle rôlen yn (fral komyske) Britske telefyzjesearjes. Hy waard nominearre foar sân BAFTAs en waard ien fan de bekendste gesichten op telefyzje.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arthur Lowe waard grutbrocht yn Manchester en wie yn de Twadde Wrâldoarloch as militêr radartechnikus yn de Egyptyske woastyn. Hy die dêr út en troch mei oan toaniel- en kabaretfoarstellingen foar de troepen. Doe't er de tsjinst ferliet as sersjant-majoar hie er de smaak fan it aktearjen te pakken krige.
Lowe debutearre yn 1948 mei in roltsje yn de spylfilm London Belongs to Me, in dramafilm mei Richard Attenborough yn de haadrol. Ein jierren 40 en de jeirren 50 fan de 20e iuw bleau er lytse rollen spyljen yn films, lykas One Way Out (1955) en The Green Man (1956).
Yn 1958 spile er foar it earst yn in telefyzjerige, Leave It to Todhunter, in BBC-detektivesearje fan seis dielen, mei û.o. ek Ballard Berkeley (bekend as de senile majoar út Fawlty Towers). Noch itselde jier en it jier dêrop spile er yn de 26-dielige komedysearje All Aboard. Tusken 1960 en 1965 spile er de rol fan Leonard Swindley yn de langduorjende searje Coronation Street.
Lowe hie it drok yn de jierren 60. Hy hie gastrollen yn ûnder oaren Z Cars, The Avengers en Maigret en spile yn sylfilms. Teffens krige syn personaazge út Coronation Street yn 1965 syn eigen telefyzjerige mei de namme Pardon the Expression. De searje wie ien fan mar in pear spin-offs fan in soap, dy't omset waard yn in sitcom. Der waarden 36 ôfleveringen fan makke en yn 1967 waard der noch in searje fan 6 ôfleveringen om de persoan fan Leonard Swinley makke.
Sûnt 1968 spile Lowe syn bekende rol fan Captain Mainwaring yn Dad's Army. Yntusken die er noch folle mear, om't yn Ingelân it seizoen meast mar 6 ôfleveringen makke waarden. Yn 1971 waard der in spylfilm fan Dad's Army makke, mei sa'n bytsje alle akteurs fan de searje. Lowe bleau gastrollen spyljen yn oare searjes lykas de telefyzjerige Doctor at Large, de komedysearje The Last of the Baskets en de rige It's Murder But Is It Art. E siet er yn 1976 yn de 11-dielige searje Bill Brand.
In oare rol wêr't er yn Nederlân bekend fan is, is dyn fan Pastoar Charles Clement Duddleswell yn de komedysrige Bless Me Father (yn Nederlân Alle zegen komt van boven). Tusken 1978 en 1981 waarden der 21 ôfleveringen makke. Ek de rol fan Redvers Potter yn de telefyzjerige Potter (1979-1980) is frijiwat bekend.
De lêste searje fan Lowe waard koart foar syn dea opnaam en earst nei syn ferstjerre útstjoerd; it wie de komedysearje A.J. Wentworth, BA, dy't te sjen wie op ITV. Lowe's lêste wapenfeit wie de grut opsette minyrige Wagner, dy't yn 1983 útstjoerd waard. Hy spile de rol fan Meser.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 jannewaris 1948 boaske Lowe oan aktrise Joan Cooper, mei wa't er oant syn dea troud bliuwe soe. Hy moete har by it reizgjend teäterselskip dêr't er sels ek by siet. Lowe en Cooper krigen yn 1953 in soan, Stephen. De lêste jierren fan syn libben waard Lowe's sûnens hieltyd minder, mei troch syn alkoholgebrûk. Hy wie oanhelle mei narkolepsy en hie ûnder mear lest fan hege bloeddruk. Fral om it syn frou nei it sin te meitsjen, dy't nei lange ôfwêzigens werom yn it teäter wie, bleau er hurd oan 't wurk.
Doe't Lowe 1982 yn syn klaaikeamer yn Birmingham hommels ferstoar oan in beroerte, wie er op teätertoernee. Lowe waard 66 jier. Eltsenien wie ferbjustere doe't Lowe's widdo der op oanstie dat de foarstelling fan dy jûn en ek folchjende gewoan troch gie. Se spile sels yn dat stik en woe der net fan ôfstappe.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1948 | London Belongs to Me | Forins yn trein | Net op ôftiteling (n.o.o.) |
1949 | Floodtide | Pianist | n.o.o. |
Stop Press Girl | Archibald | n.o.o. | |
Kind Hearts and Coronets | De ferslachjouwer | ||
Poet's Pub | Coach Guide | n.o.o. | |
The Spider and the Fly | Gemeentesiktaris | ||
Cage of Gold | Koarte man | n.o.o. | |
Gilbert Harding Speaking of Murder | 3e dramakritikus | ||
1954 | Final Appointment | Mr. Barrett | |
1955 | Reluctant Bride | Mr. Fogarty | |
The Woman for Joe | George's agint | n.o.o. | |
One Way Out | Sam | ||
Murder Anonymous | Fingerôfdrukekspert | n.o.o. | |
Windfall | n.o.o. | ||
1956 | Who Done It? | Bit Part | n.o.o. |
Breakaway | Mitchell | ||
The Green Man | Radioferkeaper | ||
High Terrace | n.o.o. | ||
1957 | Hour of Decision | Saakkundige kalligrafy | |
Stranger in Town | Jewelier | ||
1958 | Blind Spot | Automonteur | n.o.o. |
Stormy Crossing | Garaazje-eigener | ||
1959 | The Boy and the Bridge | Brêgetechnikus | |
1960 | The Day They Robbed the Bank of England | Bankbestjoerder | n.o.o. |
Follow That Horse! | Feilingmaster | n.o.o. | |
1962 | Go to Blazes | Sipier | |
1963 | This Sporting Life | Charles Slomer | |
1965 | You Must Be Joking! | Oare helte | |
1967 | The White Bus | Boargemaster | |
1968 | If.... | Mr. Kemp: Staff | |
1969 | It All Goes to Show | Riedslid Henry Parker | |
The Bed-Sitting Room | Heit | ||
1970 | Spring and Port Wine | Mr. Aspinall | |
Some Will, Some Won't | Plysjeman | ||
The Great Inimitable Mr. Dickens | John Dickens | ||
Fragment of Fear | Mr. Nugent | ||
The Rise and Rise of Michael Rimmer | Ferret | ||
1971 | A Hole Lot of Trouble | Whitehouse | |
Dad's Army | Kaptein Mainwaring | ||
1972 | The Ruling Class | Daniel Tucker | |
Adolf Hitler – My Part in His Downfall | Majoar Drysdale | ||
1973 | Theatre of Blood | Horace Sprout | |
O Lucky Man! | Mr. Duff / Charlie Johnson / Dr. Munda | ||
No Sex Please, We're British | Mr. Bromley | ||
1974 | Man About the House | Spiros | |
1976 | The Bawdy Adventures of Tom Jones | Dr. Thwackum | |
1977 | The Strange Case of the End of Civilization as We Know It | Dr. William Watson, M.D. | |
1979 | The Lady Vanishes | Charters | |
1980 | Sweet William | Captain Walton | |
1982 | Britannia Hospital | Besite fan pasjint |
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
televyzje | |||
1960–65 1965–1966 1967 |
Coronation Street Pardon the Expression Turn Out the Lights |
Leonard Swindley | |
1968–1977 | Dad's Army | Captain Mainwaring | |
1970 | Rookery Nook | Harold Twine | |
1971 | Doctor at Large | Dr Maxwell | |
1971–1972 | The Last of the Baskets | Redvers Bodkin | |
1972 | It's Murder, But Is It Art? | Phineas Drake | |
1974 | Microbes and Men | Louis Pasteur | |
David Copperfield | Wilkins Micawber | ||
1977 | Car Across the Pass | Galton & Simpson Playhouse | |
1978–1981 | Bless Me, Father | Pastoar Charles Clement Duddleswell | |
1979 | The Plank | Slapstick foar telefyzje | |
1979–1980 | Potter | Redvers Potter | |
1982 | A J Wentworth, BA | Arthur James Wentworth, B.A. | postúm |