Altai (republyk)
Republyk Altai
Республика Алтай | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | autonome republyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sibearje |
ekonomyske regio | West-Sibearje |
haadplak | Gorno-Altaisk |
grutste plak | Gorno-Altaisk |
taal | Russysk, Altai, lokaal ek: Kazachsk |
Etnyske groepen | Russen (56,6%) Altai (33.9%) Kazachen (6,2%) 2010 |
sifers | |
ynwennertal | 221.559 (2022) |
oerflak | 92.903 km² |
befolkingstichtens | 2,38 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 25 oktober 1990 |
tiidsône | UTC+7 MSK+4 |
koördinaten | 50° 55' N 86° 55' E |
webside | altai-republic.ru |
Altai (Russysk: Алтай; Altai) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. De republyk is ferneamd nei it berchtme mei deselde namme.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De republyk grinzget yn it noarden oan de oblast Kemerovo en oan de republyk Chakasje en yn it easten oan Tûva. Westlik leit de kraj Altai. Yn it suden dielt de republyk in lange lânsgrins oan (fanút it westen nei it easten) Kazachstan, Sina en Mongoalje.
It lânskip fan Altai bestiet út it heechlân fan it Altaiberchtme. De Sibearyske taiga, de steppes fan Kazachstan en de healwoastinen fan Mongoalje komme hjir byinoar. De republyk is mei likernôch 25% oerdutsen fan bosk.
Grutste rivieren yn de republyk binne de Katûn en de Bieja, dy't by it gearrinnen ien fan de grutste rivieren fan Sibearje foarmje: de Ob. Yn de republyk lizze 7.000 marren mei in totaal oerflak fan mear as 700 km². De grutste mar is de Teletskojemar, dy't 80 km lang en 5 km breed is en in oerflak fan 230,8 km² in maksimale djipte fan 325 meter hat. In oare bekende mar is de Dzjûlûkûlmar yn it súdeasten, dy't troch de lokale befolking as hillich beskôge wurdt. De berchmarren fan de republyk hawwe ûnbidich grutte reserves swiet wetter fan de heechste kwaliteit. De Teletskojemar hat allinne al 40 km³ suver wetter.
Fanwegen de bergen en de marren en rivieren waard de regio ek 'Russysk Tibet' neamt. Oan de grins mei Kazachstan leit de berch Belûcha, de heechste fan de republyk mei in hichte fan 4.506 m. De grutste gletsjers binne de Bolsjoj Taldûrinski (35 km²), de Mensû (21 km²), de Sofiski (17 km²), en de Bolsjoj Maasjej (16 km²).
Der binne minerale boarnen yn de bergen fan de republyk dy't as geneeskrêftich beskôge wurde.
De republyk hat in tuskenbeide kontinintaal klimaat mei relatyf koarte en hite simmers en lange, kâlde winters.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1756 heart it gebiet by it Russyske Ryk.
Op 1 july 1922 waard de Oirotske Autonome Oblast stifte (de bewenners fan it gebiet waarden eartiids 'Oiroten' neamd). Nei't it nasjonalisme fan de Altai ferbean waard en harren beweging fan pro-Japanske sentiminten yn de Twadde Wrâldkriich beskuldige waard, krige it gebiet op 7 jannewaris 1948 de nije namme 'Gorno-Altaiske Autonome Oblast'. Op 25 oktober 1990 krige it de status fan in autonome sosjalistyske sovjetrepublyk en in jier letter waard dat de 'Gorno-Altaiske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk', sûnt 7 maaie 1992 de 'Sovjetrepublyk Gorno-Altaj' en yn 1993 de 'Autonome Republyk Altai'.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de sifers fan 2020 foarmje etnyske Russen de mearderheid fan de befolking (56,6%). De lânseigen minderheid fan de Altai meitsje 34,5% út fan de bewenners. In tredde, relatyf grutte befolkingsgroep foarmje de Kazachen (6,2%). Fierder binne der noch oare groepen, dy't lykwols net mear as 0,5% fan de befolking útmeitsje.
Grutste religy yn de republyk is de russyske otterdoksy. De twadde religy yn de republyk is it siberyske sjamanisme. Dêrnjonken is der ek in islamityske minderheid.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basis fan de ekonomy is it hâlden fan fee, de hertefok en it ferwurkjen fan de hoarnen. It toerisme foarmet tsjintwurdich ek in wichtige pylder foar de ekonomy. Alle jierren wurde sa'n miljoen toeristen ferwolkomme en der is tsjintwurdich in goede toeristyske ynfrakstruktuer. Fierder folje houtferwurking, de ymkerij en de ferbou fan genêskrêftige krûden de ekonomy oan.
It belang fan de winning fan goud, sulver, izererts en litium is minder wichtich as eartiids.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De republyk Altai is ferdield yn 1 stedsdistrikt en 10 rajon's (aimak's) mei yn totaal 91 doarpen.
Wapen | Namme | Russyske namme | Altaisk | Ynwennertal (2022 (*)/2021) | Oerflak km² | Bestjoerlik sintrum (Russysk) | Koördinaten |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Gorno-Altaisk | Горно-Алтайск | Туулу Алтай | 64.558* | 0,096 | 51° 57' N 85° 58' E | ||
Коsj-Agatsjski rajon | Кош-Агачский район | Кош-Агаш аймак | 19.906 | 20,0 | Коsj-Аgаtsj | 44° 47' N 44° 08' E | |
Majminski rajon | Майминский район | Майма аймак | 34.582 | 1,4 | Maima | 52° 01' N 85° 55' E | |
Ongûdaiski rajon | Онгудайский район | Оҥдой аймак | 14.131 | 11,7 | Ongoedaj (Онгудай) | 50° 44' N 86° 07' E | |
Tûrotsjakski rajon | Турочакский район | Турачак аймак | 12.416 | 11,0 | Tûrotsjak (Турочак) | 52° 23' N 87° 10' E | |
Ulaganski rajon | Улаганский район | Улаган аймак | 11.981 | 18,4 | Ulagan (Улаган) | 52° 02' N 86° 08' E | |
Ust-Kanski rajon | Усть-Канский район | Кан-Оозы аймак | 14.758 | 6,3 | Ust-Kan (Усть-Кан) | 52° 02' N 86° 08' E | |
Ust-Koksinski rajon | Усть-Коксинский район | Кöк-Суу Оозы аймак | 15.981 | 12,9 | Ust-Koksa (Усть-Кокса) | 50° 16' N 85° 36' E | |
Sjebalinski rajon | Шебалинский район | Шебалин аймак | 13.714 | 3,9 | Sjebalino (Шебалино) | 51° 18' N 85° 40' E | |
Tsjemalski rajon | Чемальский район | Чамал аймак | 10.985 | 3,0 | Tsjemal (Чемал) | 51° 24' N 86° 00' E | |
Tsjojski rajon | Чойский район | Чой аймак | 7.996 | 4,5 | Tsjoja (Чоя) | 51° 43' N 86° 33' E |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Republik Altai
|