[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alex Ferguson

Ut Wikipedy
Alex Ferguson
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexander Chapman Ferguson
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 31 desimber 1941
berteplak Glasgow (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
sportive ynformaasje
sport fuotbal
debút 1957
karriêre-ein 1974

Sir Alex Ferguson (folút: Alexander Chapman Ferguson; Glasgow, 31 desimber 1941) is in Britsk âld-fuotballer en -fuotbaltrainer fan Skotsk komôf. Nei in ûnopfallende karriêre as prof-fuotballer dy't er folslein yn syn heitelân Skotlân trochbrocht, krige er grutte bekendheid as trainer fan 'e fuotbalklup Manchester United, út it Ingelske Manchester, in posysje dy't er 27 jier lang behold. Ferguson wurdt yn Grut-Brittanje beskôge as ien fan 'e súksesfolste fuotbaltrainers út 'e skiednis fan 'e sport.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferguson waard yn 1941 berne yn it Skotske Glasgow, as de soan fan Alexander Beaton Ferguson, in assistint-plaatwurker op in skipswerf, en dy syn frou Elizabeth Hardie. Hy hie ien jongere broer, de lettere fuotballer Martin Ferguson. Ferguson groeide op as in fan fan 'e fuotbalklup Glasgow Rangers yn 'e Glasweechske wyk Govan, dêr't er sawol de legere as de middelbere skoalle trochrûn.

It stânbyld fan Alex Ferguson by it Old Trafford Stadion yn Manchester.

Fuotbalkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei 16 jier sette Ferguson útein mei in karriêre as prof-fuotballer. Fan 1957 oant 1960 spile er foar de klup Queen's Park F.C., oanslutend oant 1964 foar St. Johnstone F.C., en doe oant 1967 foar Dunfermline Athletic F.C. Yn 1967 gie foar him in dream yn ferfolling doe't er foar Glasgow Rangers kaam te spyljen, al duorre dat mar twa jier, oant 1969. Neitiid fuotballe er oant 1973 by Falkirk F.C., om syn karriêre as fuotballer yn 1974 te beëinigjen mei in lêste jier by Ayr United F.C. Ferguson kaam ûnder syn prof-karriêre sân kear út foar it Skotske nasjonale alvetal en makke dêr 9 goals foar. Yn totaal makke er as prof-fuotballer 181 goals.

Nei't er opholden wie as fuotballer, sette Ferguson útein mei in nije karriêre as fuotbaltrainer. Hy begûn yn 1974 by East Stirlingshire F.C., en waard noch datselde jiers oansteld by St. Mirren F.C., foar't er fan 1978 oant 1986 in tige súksesfol trainerskip hie by Aberdeen F.C. út Aberdeen. Nei't er yn 1985-1986 koarte tiid op 'e winkel past hie as bûnscoach fan it Skotske nasjonale alvetal nei it hommels ferstjerren fan Jock Stein, waard Ferguson yn novimber 1986 oansteld as trainer by de klup Manchester United, yn it Ingelske Manchester.

Ferguson wie de langst sittende trainer fan United, mei't er yn desimber 2010 datoangeande it rekôr oernaam fan sir Matt Busby. Uteinlik soed er mear as 26½ jier trainer fan 'e klup bliuwe, oant er op 8 maaie 2013 mei pinsjoen gie. Under syn liederskip wûn Manchester United 39 kampioensbekers, wêrûnder 13 kampioenskippen fan 'e Ingelske Premier League en twa Champions League-titels fan 'e UEFA. Fan alle trainers út 'e Britske fuotbalskiednis wûn Ferguson it faakst de titel "trainer fan it jier". Yn 1999 waard er foar syn fertsjinsten foar it Britske fuotbal ta ridder slein, sadat er tenei it predikaat sir foar syn namme drage mocht.

Ferguson troude yn 1966 mei Cathy Holding. Hja krigen trije soannen: Mark (1968) en de twilling Jason en Darren (1972). Darren Ferguson is in earder prof-fuotballer en hjoeddeistich fuotbaltrainer. Alex Ferguson is in sosjalist, en ien fan 'e grutste private stipers fan 'e Britske Labourpartij. Yn 2009 waard him in earedoktoraat takend troch de Stedsuniversiteit fan Manchester. Yn 2013 publisearre Ferguson syn autobiografy, mei as titel My Autobiography.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.