[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Akercocke

Ut Wikipedy
Akercocke
band
Logo fan Akercocke
Logo fan Akercocke
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19972012,
2016–no
label(s) Enigma,
Geffen,
Nuclear Blast
âld-leden Martin Bonsoir (toetsen) (1997–2003)
The Ritz (toetsen) (2004–2006)
Matt Wilcock (gitaar) (2004–2010)
Peter Theobalds (bas) (1997–2006)
Peter Benjamin (bas) (2006–2012)
Rob Archibald (toetsen) (2006–2010)
Dan Knight (gitaar) (2010–2012)
Nathanael Underwood (bas) (2016–2018)
leden
Sang & Gitaar Jason Mendonça
Gitaar Paul Scanlan
Toetsen Sam Loynes
Bas Federico Benini
Drums David Gray

Akercocke is in Ingelske blackened death metalband yn 1997, yn Londen oprjochte troch Jason Mendonça en David Gray. Yn 1999 kaam har debútalbum "Rape of the Bastard Nazarene" út. Yn 2012 waard de band opheft. Mar hy makke yn 2016 ûnferwachts in trochstart. Akercocke hat seis studioalbums útbrocht.

Akercocke's debútalbum, “Rape of the Bastard Nazarene”, waard yn 1999 yn eigen behear útbrocht troch de band. Akercocke tekene letter by Peaceville en brocht yn 2001The Goat of Mendes” út. Yn 2002 spile Ackercocke op Wâldrock. Yn 2003 kaam it tredde album “Choronzon” út, fia it platelabel Earache. Gitarist Paul Scanlan ferliet de band nei dit album en waard ferfongen troch Matt Wilcock.

Words That Go Unspoken, Deeds That Go Undone” waard útbrocht yn 2005. Op 18 jannewaris 2007 ferliet bassist Peter Theobalds de band en waard ferfongen troch Peter Benjamin.

Akercocke brocht yn maaie 2007 syn fyfde album, “Antichrist”, út. By it toernee om it album te promoatsjen, feroarsake de band fanwegen it anty-kristlike karakter fan de muzyk in kontroverse yn Noard-Ierlân doe't hja op 18 maaie 2007 yn Belfast spylje wollen hiene. De leden ferskynden op 'e telefyzje yn it debatprogramma fan 'e BBCNolan Live” twa dagen foardat it optreden plak ha sillen hie, om harren rjocht om dêr te spylje te ferdigenjen. De band gie yn 2012 útinoar nei in lange perioade fan ynaktiviteit. Foarôfgeand oan de breuk wie Akercocke fan doel in dvd út te bringen op basis fan syn 10-jierrich jubileum as band; dizze dvd is nea útbrocht.

Akercocke kundige yn 2016 ta elkenien syn ferrassing in reüny oan, mei de orizjinele gitarist Paul Scanlan dy't weromkearde nei de band, en mei nijkommer Nathanael Underwood op basgitaar. De band pleatste in nagelnij nûmer op YouTube, titele “Inner Sanctum" In nij album, “Renaissance yn Extremis”, waard útbrocht yn 2017, it earste studio-album yn tsien jier sûnt “Antichrist” út 2007. Begjin 2021 makken de bandleden bekend dat se begûn wiene mei it opnimmen fan in nij album.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Rape of the Bastard Nazarene 28 desimber 1999 útbrocht yn eigen behear
The Goat of Mendes 11 septimber 2001 Peaceville
Choronzon 4 novimber 2003 Earache
Words That Go Unspoken,
Deeds That Go Undone
10 oktober 2005 Eyes of the Dawn
Antichrist 28 maaie 2007
Renaissance in Extremis 25 augustus 2017 Peaceville Rebirth: Inner Sanctum