[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Aeolus (mytology)

Ut Wikipedy
Aeolus bewarder fan de winen

Aeolus (Gryksk: Aiolos) is in figuer ýt de Grykske en Romeinske mytology. Hy wie in soan fan Poseidon dy't troch Seus oansteld waard as de bewarder fan de winen: Boreas de noardewyn, Notus de sudewyn, Eurus de eastewyn en Zephyrus de westewyn. Aeolus hâldt dizze winen opsluten yn in grot, en kin se as hy dat wol útstjoere om wyn te bringen.

Aeolus moete op de Liparyske Eilannen Odysseus. Hy joech dizze in pûd mei, wêryn de westewinen sieten, sadat Odysseus noait lêst fan tsjinwyn hawwe soe. De reisgenoaten fan Odysseus wienen lykwols sa nijsgjirrich, dat se yn de pûde seagen. De tsjinwinen ûntsnapten, wêrtroch't Odysseus syn bestimming noch net berikke koe.

Hy wie ek de godheid dy't derfoar soarge dat de Griken net útfarre koenen nei Troaje (dit op oanstean fan Artemis), eardat kening Agamemnon syn dochter Iphigeneia oan de goadinne offerje soe.

De god is ek de mytyske foarfaar fan de Aeoljers.

Eollysk is in eolysk proses (ierdwittenskippen) is in begryp út de boaiemkunde: troch de wyn foarme, ôfsetten.