[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Predikaat Keninklik

Ut Wikipedy

It Predikaat Keninklik is in predikaat dat oan grutte ûndernimmings of ferienings útrikt wurde kin. Dit predikaat is yntrodusearre troch de kening Loadewyk Napoleon. Hy rikte it predikaat yn 1807 út oan kulturele ynstellings. Op it stuit binne der likernôch 550 bedriuwen, ferienings en ynstellings dy’t it predikaat fiere meie.

De kening kin in bedriuw, feriening of oare ynstelling it rjocht jaan om it predikaat Keninklik te fieren. Om yn oanmerking te kommen foar it predikaat moat in organisaasje oan in tal fan betingsten foldwaan.

De organisaasje moat:

  • In belangryk plak yn it fakgebiet ynnimme.
  • In lanlike rol ha.
  • Hûndert jier of langer bestean (hjir wurde útsûnderings op makke).

Ornaris ûnderskiedt de kening net mear as ien organisaasje it fakgebiet. Medyske en finansjele ynstellings komme net yn oanmerking, likemin as organisaasjes dy’t in politike en/of religieuze doelstelling ha.

Om yn oanmerking te kommen foar it predikaat Keninklik kin in ûndernimming, feriening of ynstelling in fersyk dwaan by de boargemaster fan it plak dêr’t de organisaasje fêstige is. De boargemaster sil dan ynformaasje ynwinne by de Kommissaris fan de Keninginne, ministearjes en de Keamer fan Keaphannel.

As de oanfraach goedkard wurdt, moat de ûndernimming of feriening har ferbine oan de ‘Bepalings dy't it predikaat Keninklik oanbelangje’. De belangrykste ferplichting is dat de organisaasje alles litte sil wat de reputaasje fan de ynstelling skea oandwaan kin. Dêrneist wurdt de organisaasje ferplichte om de dokuminten (it ôfskrift fan de Keninklike Beskikking, de oarkonde en it eksimplaar fan de bepalings) dy’t by it predikaat hearre soarchsum te bewarjen. De feriening mei, as it predikaat útrikt is, de namme ‘Keninklik’ oan de namme tafoege wurde. Ek mei de Keninklike Kroan, of in ferzje hjirfan, yn it embleem opnimme.

In predikaat wurdt allinnich by in bysûnder jubileum útrikt, bygelyks by it 100-, 125-, of 150-jierrich bestean. De organisaasje moat fan ûnbesprutsen gedrach en finansjeel sûn wêze. It predikaat wurdt foar 25 jier oan in ynstelling útrikt.

Ek kin in predikaat tuskentiids ôfnomd wurde. De Keninklike Ahold NF is hjir in foarbyld fan. Nei it boekhâldskandaal fan it bedriuw rûn it bedriuw it gefaar om it predikaat kwyt te reitsjen. Op 24 july 2006 makke Keninginne Beatrix bekend dat Ahold it predikaat hâlde mocht.

In pear foarbylden fan ynstellings dy’t it predikaat Keninklik fiere meie:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynformaasje oer it predikaat Keninklik op it webstee fan it Keninklik Hús.