Grendel
Grendel | ||
In yllustraasje fan Grendel út Stories of Beowulf, troch J.R. Skelton. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | meunster | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
mem fan Grendel, Beowulf | |
geastlike heit | anonym | |
ûntstean | 2e helte 1e milennium |
Grendel is in personaazje yn it Aldingelske epos Beowulf, dat datearret fan 'e twadde helte fan it earste milennium. Hy is in meunster, en wurdt ornaris werjûn as in reus of in oger, hoewol't syn uterlik yn it epysk gedicht net dúdlik omskreaun wurdt en sadwaande noch altyd ûnderwerp fan debat is mank letterkundigen. Wol wurdt oer him sein dat er "in skepsel fan it tsjuster" is, "ferballe fan lokkigens en ferfokt troch God, de ferdylger en fersliner fan ús minsklik ras." Mei de mem fan Grendel en de draak is Grendel ien fan 'e trije antagonisten yn it epysk gedicht tsjin wa't de held Beowulf it opnimme moat.
Ferhaal
Yn it Midsiuwske epos Beowulf wurdt Grendel beskreaun as in ôfstammeling fan 'e bibelske Kaïn, de soan fan Adam en Eva dy't de earste moardner waard doe't er syn broer Abel deasloech. Neitiid lei God in ferflokking op 'e neiteam fan Kaïn, en yn Beowulf wurdt ymplisearre dat dat de oarsaak fan 'e meunstereftigens fan Grendel is. Om't er troch syn ferflokking net oer lokkigens kin, wurdt er tramtearre troch de lûden fan wille en sjongen dy't eltse jûn út it langhûs Heorot komme, dat de Deenske kening Hroðgar sette litten hat deunby de sompe dy't de wente fan Grendel foarmet.
As er der net mear oer kin, falt Grendel Heorot oan, en dat docht er tolve jier lang eltse nacht op 'e nij. By eltse oanfal bringt er in lid fan 'e hofhâlding fan Hroðgar om, dy't er neitiid opyt by in kannibalistysk miel. Dêrtroch rekket de reputaasje fan kening Hroðgar skansearre en wurdt syn prachtige langhûs ûnbrûkber. As de Geatyske held Beowulf oer de oanfallen heart, ferlit er syn heitelân yn wat no súdlik Sweden is, en komt er mei fjirtjin krigers oer nei it Deenske eilân Seelân om 'e skuld ôf te lossen dy't syn heit Ecgtheow by Hroðgar hat. Hy en syn mannen krije in waarm wolkom yn Heorot.
As se har dy nachts yn it langhûs deljouwe, wurde se, lykas ferwachte, oanfallen troch Grendel. Dy slûpt earst in skoftke om it gebou hinne om 'e fyftjin krigers te begluorkjen, en docht dan ynienen in wraam nei binnen ta. De earste kriger dy't er grypt is heal wei yn 'e sliep, dat Grendel ferslynt him daliks. As er dêrnei noch in twaddenien pakt, grypt dy him werom mei in krêft dy't Grendel noch nea tsjinkommen is. It is Beowulf sels, en as Grendel besiket om him los te skuorren, hâldt dyselde him beet. Se wrakselje sûnder wapens op libben en dea, en úteinlik skuort Beowulf Grendel in earm út 'e hûd. Grendel flechtet dêrnei werom nei syn moeras, dêr't er deabliedt.
Beowulf-en-dy tinke dat de striid dien is, mar neitiid komt de mem fan Grendel del yn Heorot om wraak te nimmen foar de dea fan har soan. Beowulf spoart har op yn it moeras en fjochtet mei har njonken it lyk fan Grendel. Hy deadet har úteinlik mei in betsjoend swurd fan in reus, dat er opnimt út 'e skat dy't Grendel troch de jierren hinne opgarre hat. Neitiid slacht er it lyk fan Grendel de holle ôf, dy't er as oarlochstrofee mei werom nimt nei Heorot. Dêr oankommen wurdt er troch in tankbere Hroðgar oerladen mei geskinken.
Fysike omskriuwing
Yn Beowulf besteget de anonime dichter amper oandacht oan it uterlik fan Grendel. Ynstee leit er him nammenste mear ta op syn kweadaardige ôfstamming, syn eigen boasaardigens en syn ferkearde dieden. Wol wurdt neamd dat er in sceadugenga is, letterlik: in "skadegonger", in wêzen dus dat it (sinne)ljocht mijt en himsels klaait yn skaden. Dat soe betsjutte kinne dat er de foarkar oan 'e nacht jout, mar ek dat er net oer deiljocht kin (lykas fampieren). Om't der mar sa'n bytsje oer bekend is, foarmet it uterlik fan Grendel oant hjoed de dei ta in ûnderwerp fan debat foar letterkundigen. Guon saakkundigen binne fan tinken dat de anonime dichter it uterlik fan syn meunster mei opsetsin ûndúdlik litten hat, mei't it ûnbekende mear eangst oanjeit as eat wêrfan't men wit hoe't er derút sjocht.
Yn 'e moderne kultuer
Yn 'e moderne literatuer (en oare foarmen fan fiksje) besteane withoefolle ynterpretaasjes en werferbyldings fan it personaazje Grendel en syn rol yn it ferhaal fan Beowulf. Om in foarbyld te jaan: yn 'e roman Grendel, fan John Gardner, út 1971, wurdt it ferhaal fan Beowulf werbeskreaun fan Grendel syn eachpunt út, en nimt it meunster, mei dêrtroch, mear minsklike kwaliteiten oan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |